Sûnt koart is yn de appstore de Skiednisklip-app te finen. Net allinne binne dêr alle filmkes en teksten fan de 41 finsters fan de Kanon fan de Fryske Skiednis yn opnommen, mar it is foar learlingen út it primêr- en fuortset ûnderwiis no ek mooglik om séls filmkes fan harren skiednisprojekten te uploaden.
Op woansdei 7 jannewaris 2015 waard it lêsbefoarderingsprojekt Lês No: Krús fan de Hollanner feestlik lansearre op it Anna van Schurman Kolleezje yn Frjentsjer. Mear as 100 havo-learlingen wienen oanwêzich en waarden ferrast troch sterke man Wout Zijlstra.
DVD oer de Alvestêdetocht mei de bylden, ferhalen en helden fan eartiids en hjoed de dei yn trettjin dokumintêres (2 dvd's, 340 minuten). Mei Nederlânske ûndertiteling. No fan 29,50 foar 12,50!
Vanaf vandaag is het Fries Kaartenkabinet online beschikbaar. Een website met bijna 7.000 kaarten, kadastrale kaarten, bouwtekeningen en plattegronden uit de collectie van Tresoar uit de vijftiende tot en met de twintigste eeuw met een nadruk op de achttiende en negentiende eeuw.
Op tongersdei 2 oktober wie it in spesjale dei foar de bern yn de gemeente Ferwerderadiel. De bern fan de groepen 8 fan de basisskoallen krigen allegear it boek 'Gek op skiednis'.