Yn it filmke mear ynformaasje oer de game. (YouTube, Leo TV)
Twa earsteklassers út Achlum krigen fan dizze Grutte Pier de earste eksimplaren oerhannige fan it boek Grutte Pier: Krús fan de Hollanner fan skriuwer Ate Grypstra. Wat ek yndruk makke op de learlingen, wienen de bylden fan it kompjûterspul Cross of the Dutchman. Trije levels fan de game wurde folslein yn it Frysk én fergees beskikber steld oan de learlingen.
Skriuwer Ate Grypstra mei op de achtergrûn de game.
Lês No is in gearwurkingsprojekt fan it Platfoarm Lêsbefoardering Fryslân en de Stichting Lezen om it lêzen yn it Frysk te befoarderjen ûnder jongerein fan tolve jier en âlder. Dit jier is keazen foar Grypstra syn histoaryske novelle, yn kombinaasje mei it troch Triangle Studios ûntwikkele kompjûterspul. Der dogge dit jier 12 skoallen en yn totaal 1.895 learlingen mei oan Lês No.
Omrop Fryslân ynterviewt ien fan de dielnimmers.
Neist boek en game befettet it lespakket fansels it nedige ferwurkingsmateriaal, dat troch de Afûk ek digitaal beskikber makke is yn it learplatfoarm eduFrysk. Op fertoan fan it opdrachteboekje krije learlingen gratis tagong ta it Fries Museum, dêr’t se it swurd fan Grutte Pier yn it echt besjen kinne.
Dit projekt slút oan by finster 10: Grutte Pier. Frijheidsheld of barbaar?