Ken dyn fryske ferline

De Canon van Friesland is een lijst van 41 onderwerpen (vensters) met daarin
de belangrijke gebeurtenissen in de geschiedenis van Friesland. Deze onderwerpen
zijn een hulpmiddel voor het onderwijs in Friesland.

Venster 41

It Frysk

It ferhaal fan in taal Sirka 600 nei Kristus - no

"Gjin provinsje dêr’t de minsken har sa bot mei har taal dwaande hâlde as by ús. It Frysk klinkt dan ek echt oars as it Nederlânsk – en dan ha wy ek noch eigen streektalen, lykas it Stellingwerfsk en it Biltsk. Op de Waadeilannen prate de minsken wér oars. Sa is Fryslân in echte meartalige provinsje. Njonken it deistige gebrûk fan de taal – om elkoar ferstean te kinnen – wurdt it Frysk ek in soad brûkt yn keunstfoarmen: troch skriuwers, muzikanten, teater- en filmmakkers. Dat helpt om in taal libben te hâlden. Oft dat foar altyd slagje sil is net wis. Want talen feroarje hieltyd en nimmen wit hoe’t it Frysk oer hûndert jier klinke sil."

Eigen kultuer en identiteit
It Frysk is, sa skreau de dichter Ed Hoornik, it ynstrumint dêr’t Fryslân mei sykhellet. It is it wichtichste en meast ûnderskiedende erfstik fan eigen kultuer en identiteit. Yn Fryslân is it, njonken it Nederlânsk, de twadde rykstaal.

Skiednis
It Frysk ûntstie yn de iere midsieuwen. Doe krige it stal as aparte taal en begûn it him te ûnderskieden fan oare besibbe Germaanske dialekten, lykas it Aldingelsk. It ferskil sit him ûnder oare yn de ‘brekking’ fan beskate klanken, lykas ‘rjocht, sljocht’ of ‘sjonge, njoggen’. Dat Aldfrysk waard by de Noardseekust lâns net allinne sprutsen, mar tusken Fly en Wezer waard it yn de lette midsieuwen, bygelyks yn wetsteksten, ek as skriuwtaal en as bestjoerstaal brûkt. Yn de rin fan de sechstjinde ieu rekke it Frysk as skriuwtaal yn ûnbrûk. Mar in pear lju skreaune it noch. Ut wat der dochs oan Fryske teksten út dy tiid is, kin konkludearre wurde dat de taal him fierder ûntjoech, bygelyks troch de brekking fan lange lûden: ‘beam - beammen’. Yn de njoggentjinde ieu waard it Frysk fannijs skriuwtaal. Der ûntstie doe in libben literêr klimaat en de taal ûntjoech him dan ek fierder troch krúsbestowen fan praten en skriuwen. Benammen it Frysk folkstoaniel, dat fan 1860 ôf opbloeide, hat wichtich west.

Oan de krite ferbûne dialekten en Standertfrysk
As taal bestiet it Frysk út ferskate, oan de krite ferbûne dialekten, bygelyks it Wâldfrysk, it Klaaifrysk, it Súdwesthoeksk en it Eilannerfrysk. Yn de Fryske stêden en op It Bilt wurdt al fan de sechstjinde ieu ôf in sterk troch it Frysk beynfloede foarm fan it Hollânsk sprutsen: it Stedfrysk en it Biltsk. Stadichoan hat him oer dat ferskaat oan dialekten hinne yn de ôfrûne twa ieuwen in soarte fan oerkoepeljende, normearre taal ûntjûn: it Standertfrysk. Dat is it Frysk dat men bygelyks op Omrop Fryslân heart en ek troch de Fryske skriuwers brûkt wurdt.

Ferhollânskjen
Talen binne feroarlike fenomenen. Mei’t it Nederlânsk de dominante taal is, nimt it Frysk folle makliker wurden út it Nederlânsk oer as oarsom. Yn alle gefallen it sprutsen Frysk hat gâns Nederlânske foarmen en wurden. Ek dêrtroch hat de taal him fierder ûntjûn, al miene guon dat benammen it ferhollânskjen fan it Frysk ta ‘min Frysk’ laat. Hja hantearje leaver de noarm fan it ‘geef Frysk’.

Prate, lêze en skriuwe
Ynternasjonaal wurdt it Frysk beskôge as in minderheids-, mar net altiten as in bedrige taal. Dat is wol it gefal mei de twa Fryske reliktdialekten yn Dútslân (it Sealtersk oftewol East-Frysk, en it Noard-Frysk mei harren respektivelik 2000 en 8000 sprekkers). Neffens de lêste ûndersiken, útfierd troch de Fryske Akademy, prate om ende by 450.000 minsken Frysk. It tal Friezen dat de taal lêze en skriuwe kin, leit aardich leger, mar wurdt al grutter. Dat komt ûnder oare troch de ynspannings fan de provinsje, mei’t der in ridlik wiidweidige Fryske literatuer bestiet en benammen ek om’t op skoallen yn Fryslân it Frysk ûnderwiisd wurdt.

Befoardering
Ek yn Europeesk ferbân is it slagge om foar it Frysk as minderheidstaal rjochten te krijen. De provinsje Fryslân likegoed as it Ryk en de Europeeske Uny drage tsjintwurdich finansjeel by oan it befoarderjen fan it brûken fan it Frysk. Oan de Fryske Akademy en de Noardlike Hegeskoalle yn Ljouwert en oan ferskate universiteiten wurdt it Frysk ûnderwiisd of wittenskiplik ûndersocht.

Meartaligens
De measte Friezen binne grutsk op harren taal en litte dy grutskens ek graach fernimme. Dat laat, benammen yn in tiid dat hieltiten mear forinzen har fêstigje yn Fryslân, út en troch ta konflikten en ta argewaasje, bygelyks oer it brûken fan it Frysk yn it amtlik ferkear.Al mei al kin sein wurde dat de âlde winsk fan de Fryske beweging fan in folslein Frysktalige provinsje sa njonkelytsen plak makket foar it realistysker ynsjoch dat Fryslân him ûnderskiedt troch meartaligens. Mooglik ûntjout it Frysk him yn de takomst ûnder ynfloed fan it Ingelsk en it Nederlânsk noch ris ta in soarte fan nij Anglo-Frysk.

De Kanon op Tsjek!

Besjoch ek de langere kanonklips mei Freerk Smink op

Tsjek tv fan Omrop Fryslân .

Gewoan gek op skiednis

'Gewoan gek op skiednis' is skreaun foar bern fan 9-12 jier dy't gewoan gek binne op skiednis! It boek kostet 14,95 en kin hjir besteld en foar in part besjoen wurde.

 

Alles yn it Frysk

Besjoch hjir de klip Alles yn it Frysk fan de cd Ferskes oer de Fryske skiednis.

Hoe klinkt Oudfries?

Download de app Vogala en luister naar Oudfriese en Middelnederlandse teksten.

Aanvullend materiaal over venster 41

fertakkings

Primêr Underwiis:
De ûnderskate dialekten fan Fryslân; De West-Europeeske taalfamylje.

Fuortset Underwiis:
Meartaligens; Moderne media en Frysk; Talen fan minderheden; Frysk yn it bûtenlân.

lesmetoades

Primêr Underwiis:
De Brandaan: groep 6, Tijd van televisie en computer;
De Trek: groep 6, Nederland na de oorlog.

lessuggestjes

BU: Meitsje ien fan de opdrachten út de kaartebak fan 11en30.
FU: Behannelje haadstik 41 út de lesserige Alve-en-Tritich. Finsters op de Fryske skiednis, diel 3.

Doch taalspultsjes op GameFrysk

musea (der op út)

Tryater - Ljouwert;
Gysbert Japicxhûs - Boalsert;
Bibleteek - Eigen Regio;
Omrop Fryslân - Ljouwert;
Tresoar - Ljouwert;
Afûk - Ljouwert.

literatuer

Fryslân, land van talen - een geschiedenis (Jonkman & Versloot, 2013);
De Fryske taalatlas (download, Provinsje Fryslân, 2011);
Taal van het hart (Erkelens et al., 2004);
Fryslân, lân fan taal (Erkelens et al., 2009);
Tusken talen (Versloot et al., 2008);
‘Naar ploeg en koestal vluchtte uw taal’ (Vries, 1993).