Ken dyn fryske ferline

De Canon van Friesland is een lijst van 41 onderwerpen (vensters) met daarin
de belangrijke gebeurtenissen in de geschiedenis van Friesland. Deze onderwerpen
zijn een hulpmiddel voor het onderwijs in Friesland.

Venster 4

Skippers en keaplju

De bloeitiid fan de hannel 450-1200

"Der hat in tiid west dat Fryslân útblonk yn hannel en reizgjen. Rûnom op it kontinint wienen de Friezen ferneamd as bêste skippers en keaplju. Friezen behearsken de hannel in Noardwest-Europa. De Noardsee waard sels wol oantsjut as ‘Mare Frisicum’, de Fryske see. Dat wie yn de perioade tusken ûngefear 450 en 900 nei Kristus. Op ferskillende plakken yn Europa ûntstienen Fryske hannelsposten en lytse koloanjes. It sintrum wie lykwols Doarestêd, dat útgroeide ta de belangrykste stêd fan de Fryske ekonomy. Mar yn de njoggende ieu krigen se hieltyd mear lêst fan oanfallen troch de Skandinavyske Noarmannen. Dêrtroch ferlearen de Fryske hannelers har liedende posysje."

Ynternasjonale hannel
Tsjin 450 hiene de Romeinen har weromlutsen achter de Alpen. Dêrmei rekken de lânwegen, dy’t benammen foar en troch it Romeinske leger yn stân holden wiene, yn ferfal. Allinne oer it wetter koene no noch langere (hannels)reizen makke wurde. De Friezen út it wetterrike terpelân sprongen yn dat gat en fearen mei har skipkes oer de Noard- en de Eastsee en ek de Ryn op om hannel te driuwen. Dêrby gie it om produkten as slaven, pelzen, barnstien, wollen stof (de ‘Fryske lekkens’ wiene ferneamd), glêswurk, mûnestiennen, ierdewurk en sâlt. De ladingen wiene mar lyts, 10-20 ton, en in reis duorre faak wiken, dat dêrom koe allinne de hannel mei djoer guod út. It sil meast ruilhannel west ha, mar út muntfynsten op omtrint alle plakken dêr’t de Fryske keaplju kamen, blykt dat der ek mei gouden en benammen sulveren munten betelle waard.

Op it plak dêr’t de Ryn him yn twa earms splitste, ûntwikkele him de wichtichste útfalsbasis fan de Fryske keaplju: Doarestêd. Dat lei yn in gebiet dat doedestiids wol oantsjut waard as citerior Fresia. De befolking dêrfan sil earder Frankysk as Frysk west ha. Polityk besjoen wie it ôfwikseljend yn Frankysk en Frysk besit om yn 719 definityf yn Frankyske hannen te reitsjen. De ‘Fryske’ keaplju en skippers sille dan ek wol net allegearre ‘etnyske’ Friezen west ha.

Frankysk Fryslân
Under Karel de Grutte is hiel it Fryske gebiet oan de Wezer ta Frankysk wurden. Krekt yn dy tiid berikte de Fryske hannel syn grutste bloei en waard Doarestêd almar grutter. Nei Karel de Grutte syn dea (814) krige de hannel lykwols lêst fan de ynfallen fan de Noarmannen. Benammen Doarestêd waard kear op kear plondere en platbaarnd. Doe’t dat yn 863 ek wer bard wie, waard it net wer opboud. Op ferskillende plakken bylâns har hannelsrûtes ha Fryske keaplju har nei wenjen set. Yn guon gefallen ûntstie dan sels in Fryske ‘koloanje’. Dat wie it gefal yn York (Noard-Ingelân), Haithabu (Sleeswyk), Birka (Sweden) en by de Ryn lâns yn Duisburg, Keulen, Mainz en Worms. Dat de Fryske keaplju goede seefarders wiene, blykt wol út it feit dat kening Alfred fan Wessex (Ingelân) de float dy’t er yn 896 tsjin de Noarmannen útstjoerde, foar it grutste part opsette liet troch Friezen. Ut alderhanne teksten út dy tiid, bygelyks oer tolheffing op ’e Ryn, blykt it wurd ‘Fries’ omtrint itselde te betsjutten as keapman, hannelsman fan om fierrens. Men kin dêrom wol sizze dat de Fryske keapman in skoftlang it prototype west hat fan de keapman op ’e lange ôfstân.

Hanzestêden
Nei 863 hat it swiertepunt fan de hannel him stadichoan nei de it easten ferpleatst. Ek doe, en dan benammen yn de earste ieuwen fan it nije millennium, farden de Fryske skippen noch op it Eastseegebiet en oer rivieren as de Dnjepr oant fier yn Ruslân. Rûnom yn dat gebiet binne munten fûn dy’t yn Fryske stêden slein wiene. Benammen Starum, dat as earste Fryske stêd stedsrjocht krige, hat doe in tiid fan grutte bloei kend. In pear ieuwen letter, fan de trettjinde ieu ôf, is de Europeeske hannel yn it Noard- en Eastseegebiet en ek yn it binnenlân in saak wurden fan de Hanze, in netwurk fan mei-inoar gearwurkjende hannelsstêden, dat syn swiertepunt yn Noard-Dútslân hie en by de Isel lâns. Fan de Fryske stêden hearde allinnich Starum dêrby (sûnt likernôch 1500 Boalsert ek). Fansels wie doe de tiid dat de Fryske keapman de Europeeske keapman by útstek wie, al lang foarby.

De Kanon op Tsjek!

Besjoch ek de langere kanonklips mei Freerk Smink op

Tsjek tv fan Omrop Fryslân .

Museum Hindeloopen

Maak kennis met Hindelooper klederdracht, schilderwerk en interieurs. Ook de visserij, scheepvaart en de haven komen aan bod. Voor het basisonderwijs zijn er speciale programma's.

Klik hier voor meer info.

Dorestad onthuld

Ontdek Dorestad met behulp van deze website. Deze havenplaats in het grensgebied van de Franken en de Friezen was een van de belangrijkste commerciële knooppunten in Noordwest-Europa.  

EnToen.nu De Hanze

Dit finster slút oan by it finster 'De Hanze' fan EnToen.nu

Gewoan gek op skiednis

'Gewoan gek op skiednis' is skreaun foar bern fan 9-12 jier dy't gewoan gek binne op skiednis! It boek kostet 14,95 en kin hjir besteld en foar in part besjoen wurde.

 

Aanvullend materiaal over venster 4

fertakkings

Basis Underwiis:
Skipfeart: sile of lûke, slaven; Noarmannen; Bloei Doarestêd; Hannelsrûtes.

Fuortset Underwiis:
Hannel en skipfeart doe, beskerming fan hilligen; Slaven; Histoaryske ûndersyksmetoaden: C14 en dendrochronology; Fryske 'koloanjes'/ hannelsnedersettings/ hannelsrûtes.

lesmetoades

Fuortset Underwiis:
Indigo Havo/VWO: deel 1, Extra: Mannen uit het noorden;
Memo Havo/VWO: deel 1, 3.1 De Romeinen trekken zich terug.

lessuggestjes

BU: Meitsje ien fan de opdrachten út de kaartebak fan 11en30.
FU: Behannelje haadstik 4 út de lesserige Alve-en-Tritich. Finsters op de Fryske skiednis, diel 1.
BU: Haadstik 4 út Lesmateriaal by de Fryske skiednis yn 11en30 finsters. (Cedin)
Lesprogramma's by it Fries Scheepvaart Museum yn Snits

musea (der op út)

Fries Scheepvaart Museum - Snits;
Scheepstimmerwerf De Hoop - Warkum;
Fries Museum - Ljouwert;
De Kamper Kogge - Kampen;
Museum Doarestêd - Wijk bij Duurstede;
Vikingen in Wieringen - Wieringen.

fideo's

Skippers en keaplju, langere ôflevering 11en30 (ôflevering 2, diel 2, Omrop Fryslân, Tsjek)
Blood of the Vikings (BBC);
De Vikingen (Vroeger en Zo);
Dorestad, een verdwenen wereldstad (YouTube, rtv Utrecht);
Archeologie van Nederland - animatie Dorestad (YouTube, Rijksmuseum van Oudheden)
Fibula van Dorestad (YouTube, RMO);
Het Vrouwtje van Stavoren (YouTube, VPRO)
As stiennen prate: Starum (YouTube, Omrop Fryslân Skoaltv, Tsjek)
De Hanze (Canonclip EnToen.nu, groep 7-8)
De Hanze (Canonclip EnToen.nu, fuortset ûnderwiis)

literatuer

Aan de rand van de wereld. (Pye, 2014)
De Friezen (Van der Tuuk, 2013)
Koggen, Kooplieden en Kantoren (Brand, 2009)
De wordingsgeschiedenis van Fryslân in thema's. (Provinsje Fryslân, 2009. Download)
Muntenschat gevonden onder Domplein Utrecht. (Volkskrant, 2014)
Het Troje van de Vikingen (Krantenartikel NRC 2012, download)
Kuneara (Van Der Veer, 2000, audioboek).
Noormannen in de lage landen. (Van der Tuuk, 2008)
Fryske keaplju en seefarders fan de iere midsieuwen (Lebecq, 1994);