Beloftestien
Yn 1888 kaam der by ôfgravings yn Bitgum in monumintale beloftestien te foarskyn: de Hludana-stien. Oan de Latynske ynskripsje is te sjen dat it om in foarwerp giet dat út it begjin fan de jiertelling stammet. Der stie: ‘Oan de goadin Hludana ha de pachters fan de fiskerij, doe’t Quintus Valerius Secundus haadpachter wie, harren ûnthjit betelle, frijwillich en neffens fertsjinst.’ Hludana wie in wichtige goadin, net allinne fan de Friezen, mar ek fan oare folken. Lâns de Ryn binne noch fjouwer fan sokke beloftestiennen dy’t oan Hludana wijd wiene, fûn. De gewoante fan it oprjochtsjen fan belofte- of fotyfstiennen komt út de Romeinske tiid. Yn dy tiid waard dat ek te by ús, sij it yn oanpaste foarm, yntrodusearre. De stiennen waarden net oan Romeinske, mar oan goaden út ús eigen lân wijd.
Boeren
Us kennis fan de Romeinske perioade yn it Fryske gebiet is basearre op oan de iene kant argeologyske fynsten lykas dizze stien en oan de oare kant op passaazjes yn it wurk fan klassike, Grykske en Latynske auteurs. Dy ha it oer de Friezen yn it begjin fan de jiertelling as bewenners fan it gebiet tusken de Alde Ryn by Katwyk en de Iems, en om grutte marren hinne. Dat wiene de Flevomarren, dy’t lein ha op it plak dêr't no de Iselmarpolders lizze en noardwestlik dêrfan, tusken Starum en Inkhuzen. Mar skriftlike boarnen út it gebiet sels, lykas dizze Hludana-stien, binne tige seldsum. Wat der is, wiist derop dat de Friezen boeren wiene. Hja betellen de Romeinen belesting yn de foarm fan oksehûden.Hoe’t de ferhâlding tusken de Romeinen en de Friezen wie, is noch hieltiten net helder. Wie Fryslân beset gebiet?
Freedsume kontakten
De grins fan it Romeinske Ryk – de limes – wie de Ryn. Súdlik dêrfan wie it gebiet nei Romeinsk model organisearre. De Romeinen hiene dêr kastielen (castellae) boud en wegen oanlein, dêr’t de legers by lâns lutsen. Mei troch harren militêre superioriteit ha de Romeinen lykwols ek op it noardlike Fryske gebiet grutte politike en kulturele ynfloed hân. Fynsten fan ymportearre Romeinsk sierierdewurk, goadebyldsjes en Romeinske munten tsjutte op freedsume kontakten, mar út en troch wiene der ek konflikten.
Verritus en Malorix
It bekendst is wol de Fryske opstân fan 28 nei Kristus. De Romeinen mienden dat de oksehûden dy’t de Friezen leveren, net grut genôch wiene. By dy gelegenheid soene de Friezen de Romeinske legioenen ferslein ha en ek it kastellum Flevum (nei alle gedachten by Velzen yn Noard-Hollân) belegere ha. De Romeinske histoarikus Tacitus skreau letter dat de namme fan de Friezen ûnder de Germanen dêrom ferneamd wie. Ek witte wy dat twa Fryske oanfierders, Verritus en Malorix, yn 58 nei Kristus nei Rome teagen om oan keizer Nero tastimming te freegjen om lân bylâns de Ryn brûke te meien.
Yn it lân fan de Frisii binne in pear plakken dêr’t Romeinske soldaten legere wiene. Ek tsjinnen der Friezen yn Romeinske kriichstsjinst, lykas yn it noarden fan Ingelân, by de muorre fan Hadrianus. Al mei al kin konkludearre wurde dat de Romeinen yn de earste ieu fan ús jiertelling grutte ynfloed hân ha yn it Fryske territoarium, mar dat dat fuortdaalk noch net as beset gebiet oantsjut wurde kin.
Untfolking fan Fryslân
In oar, letter gefolch fan de klassike teksten oer de Friezen wie, dat der hiel lang in byld bestien hat, dat ‘wy Friezen’ fan foar Kristus ôf oant ‘hjoed de dei’ op itselde plak wenne ha soene. Dat joech frijwat status – âlderdom ropt no ienris ûntsach wekker –, mar it byld is sa njonkelytsen dochs efterhelle. Yn de tiid fan it grutte Folksferfarren is it Fryske gebiet ûntfolke rekke. Tusken 350 en 450 nei Kristus, doe’t it Romeinske Ryk yn it neigean rekke, binne de Frisii dêr’t de klassike auteurs oer skreaunen, nei alle gedachten nei oare kriten tein. Letter wisten de minsken dat net mear. De klassike fermeldings fan de Frisii ha dêrtroch letter wichtich west foar it ûntstean fan in selsbewuste Fryske kultuer.