Ken dyn fryske ferline

De Canon van Friesland is een lijst van 41 onderwerpen (vensters) met daarin
de belangrijke gebeurtenissen in de geschiedenis van Friesland. Deze onderwerpen
zijn een hulpmiddel voor het onderwijs in Friesland.

Venster 2

De Hludana-stien

Yn kontakt mei de Romeinen 12 foar Kristus oant 400

"It gebiet fan de Friezen hat ieuwenlang sterk ûnder ynfloed stien fan it machtige Romeinske Ryk. Yn de earste ieuwen nei kristus hiene de Romeinen sawat it hiele gebiet fan West-Europa oant it Midden-Easten yn de greep. Mei har dreaunen de Friezen hannel en se betellen ek belêsting oan harren. Guon Friezen fochten yn dy tiid as soldaat yn it Romeinske leger. De ynfloed fan de Romeinen op it libben en de kultuer fan de Friezen hat grut west. Der binne in soad argeologyske fynsten dy’t hjir op wize."

Beloftestien
Yn 1888 kaam der by ôfgravings yn Bitgum in monumintale beloftestien te foarskyn: de Hludana-stien. Oan de Latynske ynskripsje is te sjen dat it om in foarwerp giet dat út it begjin fan de jiertelling stammet. Der stie: ‘Oan de goadin Hludana ha de pachters fan de fiskerij, doe’t Quintus Valerius Secundus haadpachter wie, harren ûnthjit betelle, frijwillich en neffens fertsjinst.’ Hludana wie in wichtige goadin, net allinne fan de Friezen, mar ek fan oare folken. Lâns de Ryn binne noch fjouwer fan sokke beloftestiennen dy’t oan Hludana wijd wiene, fûn. De gewoante fan it oprjochtsjen fan belofte- of fotyfstiennen komt út de Romeinske tiid. Yn dy tiid waard dat ek te by ús, sij it yn oanpaste foarm, yntrodusearre. De stiennen waarden net oan Romeinske, mar oan goaden út ús eigen lân wijd.

Boeren
Us kennis fan de Romeinske perioade yn it Fryske gebiet is basearre op oan de iene kant argeologyske fynsten lykas dizze stien en oan de oare kant op passaazjes yn it wurk fan klassike, Grykske en Latynske auteurs. Dy ha it oer de Friezen yn it begjin fan de jiertelling as bewenners fan it gebiet tusken de Alde Ryn by Katwyk en de Iems, en om grutte marren hinne. Dat wiene de Flevomarren, dy’t lein ha op it plak dêr't no de Iselmarpolders lizze en noardwestlik dêrfan, tusken Starum en Inkhuzen. Mar skriftlike boarnen út it gebiet sels, lykas dizze Hludana-stien, binne tige seldsum. Wat der is, wiist derop dat de Friezen boeren wiene. Hja betellen de Romeinen belesting yn de foarm fan oksehûden.Hoe’t de ferhâlding tusken de Romeinen en de Friezen wie, is noch hieltiten net helder. Wie Fryslân beset gebiet?

Freedsume kontakten
De grins fan it Romeinske Ryk – de limes – wie de Ryn. Súdlik dêrfan wie it gebiet nei Romeinsk model organisearre. De Romeinen hiene dêr kastielen (castellae) boud en wegen oanlein, dêr’t de legers by lâns lutsen. Mei troch harren militêre superioriteit ha de Romeinen lykwols ek op it noardlike Fryske gebiet grutte politike en kulturele ynfloed hân. Fynsten fan ymportearre Romeinsk sierierdewurk, goadebyldsjes en Romeinske munten tsjutte op freedsume kontakten, mar út en troch wiene der ek konflikten.

Verritus en Malorix
It bekendst is wol de Fryske opstân fan 28 nei Kristus. De Romeinen mienden dat de oksehûden dy’t de Friezen leveren, net grut genôch wiene. By dy gelegenheid soene de Friezen de Romeinske legioenen ferslein ha en ek it kastellum Flevum (nei alle gedachten by Velzen yn Noard-Hollân) belegere ha. De Romeinske histoarikus Tacitus skreau letter dat de namme fan de Friezen ûnder de Germanen dêrom ferneamd wie. Ek witte wy dat twa Fryske oanfierders, Verritus en Malorix, yn 58 nei Kristus nei Rome teagen om oan keizer Nero tastimming te freegjen om lân bylâns de Ryn brûke te meien.

Yn it lân fan de Frisii binne in pear plakken dêr’t Romeinske soldaten legere wiene. Ek tsjinnen der Friezen yn Romeinske kriichstsjinst, lykas yn it noarden fan Ingelân, by de muorre fan Hadrianus. Al mei al kin konkludearre wurde dat de Romeinen yn de earste ieu fan ús jiertelling grutte ynfloed hân ha yn it Fryske territoarium, mar dat dat fuortdaalk noch net as beset gebiet oantsjut wurde kin.

Untfolking fan Fryslân
In oar, letter gefolch fan de klassike teksten oer de Friezen wie, dat der hiel lang in byld bestien hat, dat ‘wy Friezen’ fan foar Kristus ôf oant ‘hjoed de dei’ op itselde plak wenne ha soene. Dat joech frijwat status – âlderdom ropt no ienris ûntsach wekker –, mar it byld is sa njonkelytsen dochs efterhelle. Yn de tiid fan it grutte Folksferfarren is it Fryske gebiet ûntfolke rekke. Tusken 350 en 450 nei Kristus, doe’t it Romeinske Ryk yn it neigean rekke, binne de Frisii dêr’t de klassike auteurs oer skreaunen, nei alle gedachten nei oare kriten tein. Letter wisten de minsken dat net mear. De klassike fermeldings fan de Frisii ha dêrtroch letter wichtich west foar it ûntstean fan in selsbewuste Fryske kultuer.

De Kanon op Tsjek!

Besjoch ek de langere kanonklips mei Freerk Smink op

Tsjek tv fan Omrop Fryslân .

Terp van Wommels

Op een afgegraven terp in Wommels - de oudste van Friesland - speuren archeologen van de Rijksuniversiteit Groningen naar sporen van de eerste Friezen.

Bekijk hier het filmpje.

EnToen.nu Romeinen

Dit finster slút oan by it finster 'De Romeinse Limes' fan EnToen.nu

Een meesterlijk plan

Jeugdboek van Joyce Pool over de Friese opstand tegen de Romeinen. (9-12 jaar)
Kijk hier voor meer info.

 

 

Replica schrijfplankje Tolsum

Met een replica kun je dicht bij de geschiedenis komen, zoals nu met het beroemde schrijfplankje van Tolsum. De replica is gemaakt voor het onderwijs en is te zien bij Tresoar.

Lees er hier meer over!

 

Gewoan gek op skiednis

'Gewoan gek op skiednis' is skreaun foar bern fan 9-12 jier dy't gewoan gek binne op skiednis! It boek kostet 14,95 en kin hjir besteld en foar in part besjoen wurde.

 

Aanvullend materiaal over venster 2

fertakkings

Basis Underwiis:
Opstand tegen Olennius; Verritus en Malorix; Friezen in Romeinse dienst; Latijnse woorden in onze taal.

Fuortset Underwiis:
Friezen in Romeinse en Griekse teksten: Tacitus, Plinius; Handel: Friezen - Romeinen; Slaven; Romeinse en Friese/Germaanse goden.

lesmetoades

Basis Underwiis:
De Brandaan: groep 5, Tijd van Grieken en Romeinen;
De Trek: groep 5, Romeinen in ons land;
De Trek: groep 7, Grieken en Romeinen.

Fuortset Underwiis:
Indigo VMBO kgt: deel 1, 3.3 Romeinen in Nederland;
Indigo Havo/VWO: deel 1, 4.5 Romeinen in West-Europa;
Sprekend Verleden Havo/VWO: deel 1, 5.5;
Memo Havo/VWO: deel 1, 2.4 Romeinen veroveren een wereldrijk;
Sporen Havo/VWO: deel 1, 3.4 Culturen en godsdiensten;
Sfinx VMBO kgt: deel 1, 3.3 Wat vonden de Germanen van de Romeinen.

lessuggestjes

BU: Meitsje ien fan de opdrachten út de kaartebak fan 11en30.
FU: Behannelje haadstik 2 út de lesserige Alve-en-Tritich. Finsters op de Fryske skiednis, diel 1.

BU: Haadstik 2 út Lesmateriaal by de Fryske skiednis yn 11en30 finsters. (Cedin)

Meerkeuze- en invuloefening;

HCL-De Geluksbrenger - Ljouwert
Boek foar BU 6-8 en FU 1-2: De Geluksbrenger, haadstik 1.
Leskoffer foar BU 6-8 en VU 1-2. Mei orizjinele en replika archeologyske fynsten út de Aldehou-terp.

musea (der op út)

fideo's

De Hludana-stien, langere ôflevering 11en30 (ôflevering 1, diel 2, Omrop Fryslân, Tsjek)
Ancient Rome (BBC);
Filmkes oer de Romeinen (Schooltv);
Julius Civilus (Zapp);
Guide to Gladiator fight training (BBC);

literatuer

De Geluksbrenger (HCL);
Een meesterlijk plan (Pool, 2009)

De Friezen (Van der Tuuk, 2013);
Op de grens van land en water (Gerrets, 2010);
Het geheim van Tolsum (It Beaken, 2009)
Professor Van Giffen en het geheim van de wierden (Knol et al., 2005).
Archeologie van Friesland (Bos, 1995);