Leger fan froulju-mei-helm
As bûtenlânske toeristen yn de njoggentjinde ieu yn Fryslân har earne oan fergappen, dan wie it wol oan de Fryske gouden earizers. In Ingelske dame melde yn in brief oan it thúsfront ferbjustere hoe’t de ruten fan har hotelkeamer yn Ljouwert himmele waarden troch in tsjinstfaam mei in gouden helm op ’e holle, en in Italjaanske skriuwer miende dat er yn Ljouwert sels in folslein leger fan froulju-mei-helm gewaarwurden wie, en rekke troch it blikkerjen fan de sinne op harren earizers ferbline. Earizers hiene yn dy dagen yndie de foarm fan lytse helmkes en mannich Friezin droech dy as in teken fan rykdom.
Breidsskat, sieraad én sparpot
Yn de lette njoggentjinde ieu beskôgen de Friezen it earizer as in oerâld en typysk Frysk foarwerp. De dokter en amateur-histoarikus Johan Winkler (1840-1916) hold bygelyks fol dat it fan Aldgermaanske oarsprong wie. Dat ynsjoch is tsjintwurdich efterhelle. Histoarisy binne it deroer iens dat streekdracht, dêr’t ek de earizers by hearre, ôflaat is fan wat earder yn de stêden en by de hegerein frijwat algemiene moade wie. De skiednis fan it earizer jout dêr in moaie yllustraasje fan. It wie oan de ein fan de sechstjinde ieu rûnom yn de Nederlannen yn de moade rekke. Ynearsten wie it net mear as in funksjoneel izeren bûgeltsje dêr’t in ‘vleugelmuts’ mei op de holle fêstset waard (dêrfandinne ek de namme earizer). Yn de iere santjinde ieu groeide it út ta in deftich sieraad en tenei waard it fan koper, sulver of goud makke. Yn de twadde helte fan de santjinde ieu rekke it sa stadichoan út de moade, alteast by de hegerein. Op skilderijen, lykas fan Johannes Vermeer fan om 1670 hinne, binne lykwols noch altiten earizers te sjen, mar dan as hollebedekking fan tsjinstfammen. It earizer wie sinkend kultuerguod wurden. Byneed koe it ferkocht wurde en sa waard bygelyks, yn Amsterdam likegoed as yn Fryslân, oan weesfamkes oant yn de tweintichste ieu in earizer as breidsskat meijûn, as sieraad en sparpot tagelyk.
Rike boerinnen
Yn de njoggentjinde ieu waard it earizer benammen by it boerelaach yn Fryslân in statussymboal. It sieraad waard grutter, fan in smelle bûgel ta in nau om de holle slutende helm. Dat hie te krijen mei de bloei fan de lânbou tusken 1840 en 1880. De rike boerinnen setten it tsjin inoar yn ’e kamp mei de moaiste en benammen de grutste earizers. Om 1900 hinne wie it mei dy moade wer dien. It gouden earizer ferdwûn út de deistige dracht. Wol bleau it ek dêrnei in typysk Frysk symboal. De dames yn Fryske folksdûnsselskippen drage it noch altiten en de keninginnen Wilhelmina en Juliana waard by harren besites oan de provinsje ûnder oare in earizer oanbean.
Materiële kultuer
Dat eins is der net safolle typysk Frysk oan dit sieraad, útsein dan fansels dy njoggentjinde-ieuske kultivearring derfan. Sokke prosessen fan taeigenjen fan materiële kultuer komme folle mear foar. De Hylper stylkeamer yn it Fries Museum is it bêste foarbyld. Hylpen gou, benammen omreden fan syn aparte taal, al in hiel skoft as it relikt fan in oerâlde Fryske kultuer en dêrom waard yn 1877 op de ‘Grote Historische Tentoonstelling’ in keamer ynrjochte op syn Hylpersk, mei tegeltsjes oan de muorre, kleurich beskildere meubilêr, Sineesk diggelguod en ek mei yn Hylper dracht stutsen poppen. Mei’t der troch sa’n keamer hinne rûn wurde koe, wie it doedestiids in fernijend museumeksperimint. It makke nasjonaal en ynternasjonaal dan ek grutte yndruk. Hylpen waard ta in ikoan fan Fryske kultuer en de Friezen ûntlienden dêr identiteit oan.
Typysk Fryske foarwerpen
Mear yn syn algemienens jildt dat de begoedige boargerij yn Fryslân yn de njoggentjinde ieu massaal begûn mei it sammeljen fan foarwerpen dêr’t hja fan mienden dat dy krektsa typysk Frysk wiene: knottedoaskes, meubels, berteleppels, ierdewurk, Frysk sulver ensfh. Uteinlik waarden gâns fan dy foarwerpen legatearre oan musea yn Fryslân en benammen oan it Fries Museum yn Ljouwert, dat hjoed de dei op dit mêd dan ek ien fan de rykste kolleksjes fan Nederlân beheart.