Ken dyn fryske ferline

De Canon van Friesland is een lijst van 41 onderwerpen (vensters) met daarin
de belangrijke gebeurtenissen in de geschiedenis van Friesland. Deze onderwerpen
zijn een hulpmiddel voor het onderwijs in Friesland.

Venster 19

Maria Louise van Hessen-Kassel

De Nassaus yn Fryslân 1688-1765

"Fryslân hat in grutte rol spile yn it ûntstean fan it keninklike Hûs van Oranje Nassau. In pear ieuwen werom hienen we hjir yn Fryslân it foarstehûs Nassau. De Nassaus wennen foar in flink part fan it jier yn Ljouwert. Dat wie harren residinsje! Dyselde Nassaus waarden de streekrjochte foarâlden fan de lettere Nederlânske keningen en keninginnen fan Oranje-Nassau. Ien fan de wichtichste Nassau’s wie Maria-Louise van Hessen Kassel. As sy der net west hie, hie Nederlân no miskien sûnder keningshûs sitten. It libben fan Maria-Louise ferrûn tragysk, mar se fersette in soad wurk foar har famylje. Se wie by de Friezen sa populêr dat se sels Marijke-Muoi neamd waard, tante Marijke."

It notiidske Nederlânske keningshûs skaait ôf fan de Nassaus yn Fryslân. Mei de dea fan de bernleaze steedhâlder Willem III yn 1702 wie de Hollânske tûke fan de famylje Oranje-Nassau útstoarn. It lege plak fan steedhâlder fan Hollân, Seelân, Utert, Gelderlân en Oerisel waard by einsluten – nei in lang steedhâlderleas tiidrek – opfolle troch de Fryske steedhâlder Willem Karel Hendrik Friso, in telch fan de Fryske tûke fan de Nassaus. Dat hy no Willem IV waard, wie net yn it lêste plak it wurk fan in frou, Maria Louise van Hessen-Kassel.

Republyk fan de Sân Feriene Nederlannen
De bân tusken Fryslân en it hûs Nassau wie doedestiids, yn 1584, lein mei it steedhâlderskip fan Willem Lodewijk (1560-1625), greve fan Nassau. Lykas syn omke, Willem van Oranje, wie er berne op it slot Dillenburg. Oarspronklik wie in steedhâlder de plakferfanger fan de lânshear. Nei’t yn 1581 de Spaanske kening al ôfsward wie, besleaten de opstannige gewesten yn 1588 om definityf ôf te sjen fan it sykjen nei in gaadlike foarst. Hja giene mei-inoar troch as Republyk fan de Sân Feriene Nederlannen, dêr’t elts gewest autonoom yn wie.Yn dat nije steatsbestel fungearre de steedhâlder as de heechste amtner yn tsjinst fan de Steaten fan Fryslân. Op basis fan syn ynstruksje fierde er militêre likegoed as bestjoerlike taken út. Sa wie Willem Lodewijk kaptein-generaal fan de troch Fryslân betelle rezjiminten en beneamde er mei Deputearre Steaten en it Hof fan Fryslân respektivelik grytmannen en stedsbestjoerders.

Us Heit
Op syn minst sa wichtich wie syn ynformele ynfloed, dy’t er benammen te tankjen hie oan syn reputaasje as suksesfol legeroanfierder yn de oarloch tsjin Spanje. Sadwaande koe Willem Lodewijk grutte ynfloed útoefenje, ûnder oare op de ûnderlinge strideraasje fan de Fryske reginten en by tsjerklike konflikten. Op dy wize fungearre er as symboal fan de ienheid fan it gewest Fryslân. Al by syn libben krige er de bynamme ‘Us heit’.

Sterke posysje Nassau's yn Fryslân
Oars as it machtige gewest Hollân hie Fryslân oan de ein fan de Republyk yn 1795 ta gjin steedhâlderleaze tiidrekken. Hieltiten wer waarden manlike leden fan it heechaadlik hûs Nassau (letter Oranje-Nassau) steedhâlder en by in eventueel ier ferstjerren koe de frou regintesse wêze foar harren minderjierrige soan. Benammen de politike reboelje fan de jierren 1672 en 1748 sterke de posysje fan de steedhâlder en syn famylje yn Fryslân fuort. Yn 1675 waard it steedhâlderskip erflik ferbûn oan de Nassaus en fan om 1750 hinne ôf koe de steedhâlder troch it tanimmen fan beneamingsrjochten syn ynfloed noch fierder útwreidzje.

Hofkultuer fan de Nasaus
It oerwicht dat de Nassau-dynasty yn relaasje ta oare ynfloedrike groepearrings en yndividuen yn Fryslân hie, kaam ta utering yn harren libbensstyl. Sa waarden de stedspaleizen te Ljouwert opkreaze en waard der in bûten oanlein yn Oranjewâld. Pas yn de achttjinde ieu soe it hof fan de ‘Fryske’ Nassaus foarstlike alluere krije. It oanpart fan de oare helten fan de steedhâlders hat foar dy hofkultuer altiten wichtich west. Hja bemuoiden har mei keunst, muzyk en wrâldsk fermeits oan it hof en ek hiene hja waarme belangstelling foar frommens en barmhertigens.

Anna van Hannover
Yn 1734 troude steedhâlder Willem Karel Hendrik Friso, prins fan Oranje en foarst fan Nassau, yn Londen mei de Ingelske keningsdochter Anna van Hannover. It pear sette him yn Ljouwert nei wenjen. Dêr wenne ek Willem syn mem, Maria Louise van Hessen-Kassel, de widdo fan de al jong ferstoarne steedhâlder Johan Willem Friso. Maria Louise sette har bot yn foar dat houlik, om’t it yn har eagen in opstap wêze kinne soe nei it erfsteedhâlderskip fan har soan yn de hiele Republyk. Op dat stuit wie Willem allinne noch mar steedhâlder yn Fryslân, Grinslân, Drinte en Gelderlân.

Oarloch mei Frankryk
De bestjoerders yn Hollân preferearren lykwols in tastân fan steedhâlderleazens. Yn 1742 kaam de trochbraak dy’t mem, soan en skoandochter sa graach woene. Oarloch mei Frankryk late doe ta opskuor ûnder de befolking en reginten yn de Republyk, wêrnei’t Willem IV beneamd waard ta steedhâlder yn alle gewesten. Willem en Anna ferfearen mei de hiele hofhâlding fuortdaalk nei Den Haach. Ljouwert mocht himsels net langer in hofstêd neame. Maria Louise – yn de folksmûle krige hja de bynamme Marijkemuoi – bleau efter yn Fryslân, dêr’t hja yn 1765 stoar.

Maria Louise 2015

Alle ynformaasje en in oersjoch fan aktiviteiten oer en yn it Maria Louise Jier is hjir te finen. www.marialouise2015.nl

 

 

 

Lesbrief Marijke Meu

Bij de voorstelling Marijke Meu hoort ook een lesbrief en die is hier te downloaden!

Download lesbrief.

Spegelspreuk

De 9-jierrige Willem, prins fan Oranje, rint fan hûs fuort. Hy komt terjochte by syn beppe Marijke Muoi. Dy wennet yn Ljouwert, yn paleis it Princessehof. Audioboek. 12 euro.

Bestel hjir!

De Kanon op Tsjek!

Besjoch ek de langere kanonklips mei Freerk Smink op

Tsjek tv fan Omrop Fryslân .

EnToen.nu Patriotten

Gewoan gek op skiednis

'Gewoan gek op skiednis' is skreaun foar bern fan 9-12 jier dy't gewoan gek binne op skiednis! It boek kostet 14,95 en kin hjir besteld en foar in part besjoen wurde.

 

Vier keer Nassau

Ons land heeft een nieuwe koning;
Willem Alexander.
De koning of koningin van Nederland komt altijd uit de familie van Oranje-Nassau. In deze lesbrief kijken we naar vier familieleden die voor Nederland én Friesland belangrijk waren.
Download hier de lesbrief.

Aanvullend materiaal over venster 19

fertakkings

Primêr Underwiis:
Marijkemeu as regentes; Oranjewâld; Stedslibben yn de achttjinde ieu.

Fuortset Underwiis:
Steedhâlders yn Fryslân en it hjoeddeistige keningshûs; Arsjitektuer: It Hof yn Ljouwert, it Princessehof Ljouwert; Oranjewâld.

lesmetoades

Primêr Underwiis:
De Brandaan: groep 7, Tijd van ontdekkers en hervormers;
De Trek: groep 8, De Republiek.

Fuortset Underwiis:
Indigo VMBO kgt: deel 2, 1.4 Leve de koning;
!Indigo Havo/VWO: deel 2, 2.1 's Konings wil is niet altijd wet;
Sprekend verleden Havo/VWO: deel 2, 4.6;
Memo Havo/VWO: deel 2, 1.5 Vorsten in Europa;
Sfinx VMBO kgt: deel 2, 3.1 Wie maakt de regels.

lessuggestjes

BU: Meitsje ien fan de opdrachten út de kaartenbak van 11en30.
FU: Behannelje haadstik 19 út de lesserige Alve-en-Tritich. Finsters op de Fryske skiednis, diel 2.
Lesbrief "Vier keer Nassau" (download)
Lesbrief Marijke Meu (download)

musea (der op út)

Grutte Tsjerke - Ljouwert;
Museum Heerenveen - Hearrenfean;
Bezienswaardigheden Hofstad Leeuwarden - Ljouwert;
Oranjewâld: Pronkseal fan Fryslân - Hearrenfean;
Princessehôf - Ljouwert;
Prinsetún - Ljouwert;
Stadhouderlijk Hof - Ljouwert.

fideo's

Maria Louise, mei de eagen fan no (Fryslân dok, Omrop Fryslân)
Maria Louise van Hessen-Kassel (YouTube, Leo tv)
Hofstad Leeuwarden (Living058);
Hofstad Leeuwarden 2 (Living058).

literatuer

Marijke Meu. Stammoeder van ons vorstenhuis. 1688-1765. (Jagtenberg, 2015);
Nassau en de macht van Oranje (Bruggeman, 2007);
Spegelspreuk (Dijkstra, 2007)
De erfenis van de Friese stadhouders (Frieswijk et al., 2001);
Nassau uit de schaduw van Oranje (Groenveld et al., 2003);
Marijke Meu, 1688-1765 (Jagtenberg, 1994);
De geasten fan Sjaerdemastate (De Jong, 2000);
Sporen van de Nassaus (Ten Hoeve et al., 2011);
Oranje Nassau & Friesland (Karstkarel et al., 1994);
Geheimen van de Oranjes (Kikkert, 2008);
In dienst van de landheren van Oranjewoud (Mulder-Radetzky, 2007);
Geschiedenis van Oranjewoud (Mulder-Radetzky et al., 2010);
De intocht van Willem Frederik en Albertine Agnes in 1652, (Van Der Ploeg-Posthumus, 2002);
Vorstelijk begraven en gedenken (Van Raak, 2003);
Langs vorstelijke grafsteden (Van Raak, 2008).