Ken dyn fryske ferline

De Canon van Friesland is een lijst van 41 onderwerpen (vensters) met daarin
de belangrijke gebeurtenissen in de geschiedenis van Friesland. Deze onderwerpen
zijn een hulpmiddel voor het onderwijs in Friesland.

Venster 11

De Aytta's

Friezen yn foarstetsjinst 1499-1577

"Yn de 16e ieu is it dien mei Fryslân as selsstannich gebiet. De Fryske frijheid, de oarloch fan Edzard Cirksena, it tsjinakseljen fan Grutte Pier hawwe allegear net laat ta in eigen, nij lân. Fryslân komt earst ûnder it bewâld fan de Hartoch fan Saksen en wurdt letter in ûnderdiel fan it grutte Habsburchske Ryk . Mar dat jout oare minsken wer de kâns om in grutte rol te spyljen yn de skiednis. Twa fan har binne de Friezen Bucho en Viglius Aytta. Sy groeie út ta belangrike bestjoerders ûnder de nije keningen. Nei in lange tiid fan ûnrêst, striid en reboelje komme de Nederlannen (it tsjintwurdige België en Nederlân) stadichoan allegear ûnder it regear fan in echt foarstehûs: de Habsburgers. Dy famylje leveret de belangrykste lieders fan it grutte Hillige Roomske Ryk."

Foarstehearskippij
De oergong fan Fryske frijheid nei foarstehearskippij waard troch guon Friezen fan herten ferwolkomme. Dêr koe opportunisme yn meispylje, mar it koe ek gean om in kar út oertsjûging. De oertsjûging nammentlik dat de Fryske frijheid neat oars oplevere as ynterne striid en dat stabiliteit en foarútgong allinnich fan in sterke foarst ferwachte wurde koene. In famylje dy’t dy oertsjûging tagedien wie en boppedat inkelde mannen fan kwizekwânsje oplevere hat, is it geslacht Aytta. Boppe alles út stekt de ymposante figuer fan Viglius (1507-1577), in topjurist en topdiplomaat, dy’t bûten Fryslân karriêre makke hat, mar dochs syn libben lang ferbûn bleaun is mei syn Fryske patria. Minder bekend, mar ek heech klommen yn foarstetsjinst, is syn omke Bucho (1465-1528). Tegearre omspanne se hast it hiele tiidrek fan foarstehearskippij yn Fryslân.

Bucho Aytta
De Aytta’s wiene in famylje fan einierde boeren út de krite krekt súdlik fan Ljouwert. Noch altiten is de namme Aytta-state ferbûn oan de pleats yn Swichum dêr’t Bucho Aytta berne is. Nei’t er oan de universiteit fan Leuven in graad yn de rjochten helle hie, keas er foar in geastlike karriêre. Yn 1499 beneamde de nije machthawwer yn Fryslân, hartoch Albrecht fan Saksen, Bucho, op dat stuit pastoar fan Huzum, ta riedshear yn it hofgerjocht, de nij ynstelde heechste rjochtsynstânsje fan Fryslân. In jier letter briek in grutte opstân út tsjin it Saksyske gesach. Bucho wie ien fan de net safolle riedshearen dy’t trou bleauwen oan de Saksyske hear.

Karel V
Nei it delslaan fan de opstân waard er ek opnommen yn de Hege Rie, it heechste bestjoerskolleezje fan Fryslân. Rillegau waard er no útstjoerd op diplomatike misjes, oant yn Gent en Calais. Yn 1515 gie er oer yn tsjinst fan Karel V, de nije Habsburger lânshear fan Fryslân, dy’t er bystie by it fêstigjen fan syn gesach yn dit balstjoerige gebiet. De beleanning bleau net út: hy waard no beneamd ta riedshear yn it Hof fan Hollân. Sa waard er de earste Fries dy’t karriêre meitsje soe yn Den Haach.

Vigliua Aytta
Viglius (eins Wigle) wie in soan fan Bucho’s broer Folkert. Hoewol’t er de tanamme Zuichemus kieze soe, is er net yn Swichum berne, mar op Barrahûs ûnder Wurdum. Al jong waard er troch syn omke yn ’e hûs nommen. Dy stippele ek syn stúdzjepaad út. As ferneamd jurist, boppedat intimus fan de grutte humanist Erasmus, boude Viglius sûnt 1534 oan in karriêre yn Dútslân, dêr’t er ferskate amten beklaaide. Acht jier letter naam Karel V him yn tsjinst. Dat wie it begjin fan in steile karriêre, dy’t him op ’e alderheechste amtlike posysjes yn de Nederlannen brocht: presidint fan de Geheime Rie en presidint fan de Rie fan Steate. Dêrmei wie er in foech minister-presidint fan de Nederlannen, mei Brussel as residinsje.

Filips II
As sadanich makke er noch it begjin mei fan de opstân tsjin it bewâld fan kening Filips II (de Tachtichjierrige Oarloch), dêr’t ek Fryslân oan meidie. Hoefolle muoite oft Viglius ek hie mei benammen de hartoch fan Alva syn optreden, oant syn dea yn 1577 is er trou bleaun oan de kening. Sûnt it begjin fan de jierren fyftich hat er war dien om Fryslân sa stevich mooglik oan it Habsburger gesach te binen, foaral troch leden fan syn famylje hjirre oan wichtige amten te helpen.Yn 1580 is yn Fryslân in ein kommen oan de hearskippij fan kening Filips II en dêrmei – nei goed tachtich jier – ek oan de foarstehearskippij. It sil dúdlik wêze dat dat perfoarst net oan de Aytta’s lein hat.

De Kanon op Tsjek!

Besjoch ek de langere kanonklips mei Freerk Smink op

Tsjek tv fan Omrop Fryslân .

EnToen.nu Karel V

Dit finster slút oan by "Karel V: De Nederlanden als bestuurlijke eenheid" fan EnToen.nu.

Gewoan gek op skiednis

'Gewoan gek op skiednis' is skreaun foar bern fan 9-12 jier dy't gewoan gek binne op skiednis! It boek kostet 14,95 en kin hjir besteld en foar in part besjoen wurde.

 

Aanvullend materiaal over venster 11

fertakkings

Basis Underwiis:
In Fryske studint yn 1550.

Fuortset Underwiis:
It studearjen anno 1550.

lesmetoades

Basis Underwiis:
De Brandaan: groep 7, Tijd van ontdekkers en hervormers;
De Trek: groep 7, Ontdekker en hervormers.

Fuortset Underwiis:
Sprekend verleden Havo VWO: deel 2, 4.2.

lessuggestjes

BU: Meitsje ien fan de opdrachten út de kaartebak fan 11en30.
BU: Haadstik 11 út Lesmateriaal by de Fryske skiednis yn 11en30 finsters. (Cedin)
FU: Behannelje haadstik 11 út de lesserige Alve-en-Tritich. Finsters op de Fryske skiednis, diel 1.

musea (der op út)

Ayttasteeg en Ayttawapen - Ljouwert;
Fries Museum - Ljouwert;
It Barrahûs - Wurdum.

fideo's

De Aytta's, lange ôflevering 11en30 (ôflevering 6, diel 1, Omrop Fryslân, Tsjek)
De Geschiedenis van de EU (Schooltv);
Justitie in Europa, hoe werkt dat? (Ministerie van Justitie);
Wat doen de provincies? (IPO).

literatuer

It Beaken, Jiergong 74, 2012. Wigle van Aytta (2012);
De Stenen Man. (Boersma, 2013);
Bernardus Bucho Aytta van Swichum (Vries, 2009);
Swichum: dorp, kerk en de Aytta's (Karstkarel & Van Der Laan, 2000);
Viglius van Aytta als humanist en diplomaat 1507-1549 (Postma, 1983);
De Heeren van den Raede (Vries et al., 1999);
Viglius van Aytta (Postma, 2000);
Ziedaar Italië! (Botke, 1998).