Sportyf en sosjaal
Bûtenlânske waarnimmers falt it al ieuwen op: troch de komst fan foarst en iis reitsje Nederlanners alhiel oerémis. Ek it grutte tal wintergesichten fan santjinde-ieuske master-skilders lit sjen hoe’t de reedrydmany taslaan kin en hoe’t jong en âld, heech en leech, man en frou har fermeitsje op beferzen wetter. Reedride hat in sportive, mar ek in sosjale betsjutting: de iiswille bringt lju byinoar en skept ferbûnens. Op de redens wurde ôfstannen tusken mienskippen flugger oerbrêge, mar ûntstiet der tagelyk kompetysje: wa rydt it hurdst of it moaist? Yn de iermoderne tiid wie iiswille dan ek drinke en dûnsje, gedrach dat geregeldwei oer de grinzen fan foechsumens gie, mei braspartijen en amoereuze bûtensprongen fan gefolgen. Karnaval op it iis.
Hurdriden en barre winters
Heroysk wiene ek earder al de fiere tochten op redens oer de wetters dy’t mar komselden tafrearen, lykas de Sudersee. Al yn 1763 is yn de Historische Beschryvinghe van Friesland te lêzen dat it mear as ienris foarkaam wie dat betûfte riders op ien dei by alle alve Fryske stêden del riden hiene; in earste fermelding fan in tocht by de alve stêden lâns stamt út 1749. Dêrnjonken wurde yn de Fryske folksferhalen aventoeren fan legindaryske hurdriders út de achttjinde en njoggentjinde ieu opfierd. Yn har oerdriuwen tsjutte dy ferhalen op de fassinaasje foar hurdriden en barre winters. De Alvestêdetocht stiet yn dy tradysje. Troch in al mar gruttere oandacht fan de media, benammen sûnt de barre tocht fan 1963, en de groeiende omfang fan it spektakel wurde de tochten ta beakens yn it kollektyf oantinken oan strange winters.
Wedstriid en toertocht
Yn 1909 waard op inisjatyf fan Pim Mulier, de yn Wytmarsum berne propagandist fan it sportbeoefenjen, de earste Alvestêdetocht riden. De tocht waard doe noch organisearre troch De Friesche IJsbond. Fan de yn totaal 23 dielnimmers dy’t yn jannewaris 1909 út Ljouwert wei ôfsetten, kamen mar njoggen oan. Fjirtjin dagen letter rjochte de jonge Ljouwerter advokaat Mindert Evert Hepkema, soan fan in útjouwer fan kranten, yn de mande mei freonen de Vereniging ‘De Friesche Elf Steden’ op. Ut lilkens! Hy hie him te let opjûn en mocht fan de organisatoaren net mear oan de tocht meidwaan. Boppedat fûn Hepkema it nuver dat de Alvestêdetocht net troch it Iisbûn as in echte wedstriid presintearre wie. Fan de earste Alvestêdetocht ôf, dy’t syn feriening yn 1912 organisearje soe, soe dy bestean út in wedstriid én in toertocht.
Winners
De winner fan de Alvestêdetocht yn 1909 wie de teologystudint Minne Hoekstra fan Wergea. Hy die hast fjirtjin oeren oer de tocht. De winner fan de lêste ôflevering, yn jannewaris 1997, de Súd-Hollânske sprútsjekweker Henk Angenent, hie der sawat de helte minder tiid foar nedich. Njoggen miljoen minsken folgen him op de televyzje, nochris in kwart miljoen stiene oan de kant.
Nasjonaal Frysk-Nederlânsk spektakel
De Alvestêdetocht is útgroeid ta in nasjonaal, Frysk-Nederlânsk spektakel dat massaal belibbe wurdt, en dat falt net allinne te ferklearjen troch it brede omtinken fan de media, mar ek troch it ritualisearre karakter fan it evenemint. Wa’t de tocht binnen de fêststelde limyt útrydt, krijt it begearde Alvestêdekrúske en wa’t by dy pylgerreis oer it iis Bartlehiem hellet, wit dat mei it tichterbykommen fan de einstreek de ferlossing kommendeweis is. By de lêste Alvestêdetochten geane boppedat prosessen fan folklorisearring en kommersjalisearring mei-inoar mank. De tocht is ûnderwilens byldmerk foar Fryslân wurden. Op de heroyk fan de Alvestêdetocht lit him ommers hiel goed in dielde skiednis projektearje, op lokaal likegoed as op regionaal en nasjonaal nivo.