Redbad
Om 700 hinne libben de Friezen noch yn stamferbân. It wie de tiid dat Redbad as kening yn Fryslân neamd wurdt. De Friezen hiene doe har eigen heidenske goaden. Ien dêrfan wie Fosite, dy’t fereare waard op in hillich eilân, dat de kant fan Denemarken op lei. Op dat eilân, dat wy no as Helgolân kenne, rûnen hillige kij, dy’t net ien oanreitsje mocht. It súdlike buorfolk fan de Friezen, oan de oare kant fan de Ryn, wiene de Franken. Dy hiene yn dy tiid it Kristendom al lang as godstsjinst oannommen. Yn 689 waard Redbad troch de Franken ferslein. It súdlike diel fan it doetiidske Fryslân (citerior Fresia), dêr’t ek de stêd Utert ta hearde, foel doe yn Frankyske hannen. Om dy tiid hinne kaam in Frankyske biskop, Wulfram, nei Fryslân ta om dêr it Kristendom te preekjen. Op in stuit soe Redbad him troch Wulfram dope litte, mar op it alderlêste momint, doe’t er al mei ien foet yn it doopfet stie, hie er noch in fraach: soe er yn ’e himel mear keningen en eallju fan it Fryske folk oantreffe as yn de hel? Doe’t Wulfram dúdlik makke dat syn net-doopte foargongers ta de hel feroardiele wiene, wegere Redbad dochs noch de doop. It is net wis oft dit ferhaal wier is, mar it stiet wol fêst dat kening Redbad syn libben lang in fûl tsjinstanner bleaun is fan de kristlike godstsjinst.
Willibrord
Yn 695 beneamde de paus de Angelsaksyske muonts Willibrord ta aartsbiskop fan de Friezen. Syn opdracht wie om de Friezen ta it kristendom te bekearen. Willibrord hat in skoftsje yn Utrecht syn residinsje hân. Hy hat sels in reis nei Denemarken makke om ek dêr it heidendom de wacht oan te sizzen. Doe’t er op ’e weromreis op Helgolân bedarre, liet er de hillige kij fan dat eilân slachtsje as iten foar syn gefolch. Nei in jiermennich naam kening Redbad yn citerior Fresia de macht wer oer, mar nei syn dea yn 719 seagen de Franken kâns om dat gebiet werom te feroverjen. Wat letter folge ek de rest fan it wengebiet fan de Friezen, dat yn dy tiid oan de rivier de Wezer ta rikte.
Bonifatius
Dêrnei koe de bestriding fan it heidendom fan de Friezen mei mear kâns fan slagjen oanpakt wurde. Dochs koste dat ek no noch hiel wat muoite. In oare Angelsaks, Bonifatius, soe dêr sels de marteldea by fine. Yn syn jonge jierren (716, 719-722) hie Bonifatius Willibrord bystien yn citerior Fresia. Hy stie bekend om syn agressive oanpak, dy’t gauris útrûn op it fernielen fan heidenske hillichdommen.
Nei in in lange perioade yn Midden- en Súd-Dútslân gie er op hege jierren noch wer op missyreis yn Fryslân. Hy waard doe mei 52 folgelingen by Dokkum ombrocht troch heidenske Friezen (754). Dat betsjutte net dat de opkomst fan it kristendom yn de Fryske kontreien noch tsjinhâlden wurde koe. Dokkum waard krekt in sintrum fan de missyaktiviteit ûnder de Friezen.
Liudger
Der kaam no ek in Fryske misjonaris nei foaren: Liudger. As missygebiet waarden him troch Karel de Grutte de fiif Fryske gouwen eastlik fan de Lauwers tawiisd. Letter wie er aktyf by de bekearing fan de Saksen, it eastlike buorfolk fan de Friezen. Yn 804 waard er oansteld ta earste biskop fan Munster, ien fan de nije Saksyske bisdommen. Ek ‘syn’ fiif Fryske gouwen waarden opnommen yn it bisdom Munster. Fryslân westlik fan de Lauwers bleau diel fan it bisdom Utert. Fan it foarkristlike Fryslân is úteinlik gjin spoar oerbleaun, sels net op Helgolân. Wol fine wy yn it no Dútske East-Fryslân in Radbodsberg, dêr’t fan sein wurdt dat Redbad dêr begroeven leit.