Ken dyn fryske ferline

De Canon van Friesland is een lijst van 41 onderwerpen (vensters) met daarin
de belangrijke gebeurtenissen in de geschiedenis van Friesland. Deze onderwerpen
zijn een hulpmiddel voor het onderwijs in Friesland.

Venster 5

Redbad en Bonifatius

In heidenske kening en in kristlike martler 689-754

"Kening Redbad woe him net dope litte en de sindeling Bonifatius waard fermoarde, mar dochs waarden de Friezen krekt yn dyselde tiid, de achtste ieu, in kristlik folk. Dit barde yn in dekor fan jierrenlange striid tsjin de Franken. Dy waard om ferskillende redenen fierd, mar it geloof spile dêr in sintrale rol yn. De Franken festigen mei hurde hân net allinnich har gesach yn Fryslân, mar ek it Kristendom. Letter krige Fryslân sels in rol yn it fierder fersprieden fan it Kristendom. De Fryske misjonaris Liudger hat belangryk west foar de bekearing fan it Saksyske gebiet, yn Dútslân."

Redbad
Om 700 hinne libben de Friezen noch yn stamferbân. It wie de tiid dat Redbad as kening yn Fryslân neamd wurdt. De Friezen hiene doe har eigen heidenske goaden. Ien dêrfan wie Fosite, dy’t fereare waard op in hillich eilân, dat de kant fan Denemarken op lei. Op dat eilân, dat wy no as Helgolân kenne, rûnen hillige kij, dy’t net ien oanreitsje mocht. It súdlike buorfolk fan de Friezen, oan de oare kant fan de Ryn, wiene de Franken. Dy hiene yn dy tiid it Kristendom al lang as godstsjinst oannommen. Yn 689 waard Redbad troch de Franken ferslein. It súdlike diel fan it doetiidske Fryslân (citerior Fresia), dêr’t ek de stêd Utert ta hearde, foel doe yn Frankyske hannen. Om dy tiid hinne kaam in Frankyske biskop, Wulfram, nei Fryslân ta om dêr it Kristendom te preekjen. Op in stuit soe Redbad him troch Wulfram dope litte, mar op it alderlêste momint, doe’t er al mei ien foet yn it doopfet stie, hie er noch in fraach: soe er yn ’e himel mear keningen en eallju fan it Fryske folk oantreffe as yn de hel? Doe’t Wulfram dúdlik makke dat syn net-doopte foargongers ta de hel feroardiele wiene, wegere Redbad dochs noch de doop. It is net wis oft dit ferhaal wier is, mar it stiet wol fêst dat kening Redbad syn libben lang in fûl tsjinstanner bleaun is fan de kristlike godstsjinst.

Willibrord
Yn 695 beneamde de paus de Angelsaksyske muonts Willibrord ta aartsbiskop fan de Friezen. Syn opdracht wie om de Friezen ta it kristendom te bekearen. Willibrord hat in skoftsje yn Utrecht syn residinsje hân. Hy hat sels in reis nei Denemarken makke om ek dêr it heidendom de wacht oan te sizzen. Doe’t er op ’e weromreis op Helgolân bedarre, liet er de hillige kij fan dat eilân slachtsje as iten foar syn gefolch. Nei in jiermennich naam kening Redbad yn citerior Fresia de macht wer oer, mar nei syn dea yn 719 seagen de Franken kâns om dat gebiet werom te feroverjen. Wat letter folge ek de rest fan it wengebiet fan de Friezen, dat yn dy tiid oan de rivier de Wezer ta rikte.

Bonifatius
Dêrnei koe de bestriding fan it heidendom fan de Friezen mei mear kâns fan slagjen oanpakt wurde. Dochs koste dat ek no noch hiel wat muoite. In oare Angelsaks, Bonifatius, soe dêr sels de marteldea by fine. Yn syn jonge jierren (716, 719-722) hie Bonifatius Willibrord bystien yn citerior Fresia. Hy stie bekend om syn agressive oanpak, dy’t gauris útrûn op it fernielen fan heidenske hillichdommen.
Nei in in lange perioade yn Midden- en Súd-Dútslân gie er op hege jierren noch wer op missyreis yn Fryslân. Hy waard doe mei 52 folgelingen by Dokkum ombrocht troch heidenske Friezen (754). Dat betsjutte net dat de opkomst fan it kristendom yn de Fryske kontreien noch tsjinhâlden wurde koe. Dokkum waard krekt in sintrum fan de missyaktiviteit ûnder de Friezen.

Liudger
Der kaam no ek in Fryske misjonaris nei foaren: Liudger. As missygebiet waarden him troch Karel de Grutte de fiif Fryske gouwen eastlik fan de Lauwers tawiisd. Letter wie er aktyf by de bekearing fan de Saksen, it eastlike buorfolk fan de Friezen. Yn 804 waard er oansteld ta earste biskop fan Munster, ien fan de nije Saksyske bisdommen. Ek ‘syn’ fiif Fryske gouwen waarden opnommen yn it bisdom Munster. Fryslân westlik fan de Lauwers bleau diel fan it bisdom Utert. Fan it foarkristlike Fryslân is úteinlik gjin spoar oerbleaun, sels net op Helgolân. Wol fine wy yn it no Dútske East-Fryslân in Radbodsberg, dêr’t fan sein wurdt dat Redbad dêr begroeven leit.

De Kanon op Tsjek!

Besjoch ek de langere kanonklips mei Freerk Smink op

Tsjek tv fan Omrop Fryslân .

EnToen.nu Willibrord

Dit finster slút oan by 'Willibrord' fan EnToen.nu

Gewoan gek op skiednis

'Gewoan gek op skiednis' is skreaun foar bern fan 9-12 jier dy't gewoan gek binne op skiednis! It boek kostet 14,95 en kin hjir besteld en foar in part besjoen wurde.

 

Theatrale wandeling

Leerlingen maken in groepen een wandeling door Dokkum. Onderweg maken ze kennis met mensen die een rol in het leven van Bonifatius hebben gespeeld. Kijk hier voor meer info.

Bekijk hier het filmpje.

Vergeten koningen

Lees alles over de opkomst en ondergang van het Friese koninkrijk.

 

Lees hier het artikel

 

Aanvullend materiaal over venster 5

fertakkings

Basis Underwiis:
Friezen en Franken; Radboud en Wulfram; Willibrord; Bonifatius.

Fuortset Underwiis:
De ferskillende Fryslannen; Kerstening; Earste bisdommen; Liudger en Bernlef; De moord op Bonifatius.

lesmetoades

Basis Underwiis:
De Brandaan: groep 7, Tijd van monniken en ridders;
De Trek: groep 5, Leven in de middeleeuwen;
De Trek: groep 7, Nieuwe steden.

Fuortset Underwiis:
Indigo VMBO kgt: deel 1, 4.4 Overgave aan God;
Indigo Havo/VWO: deel 1, 5.5 Christenen, Moslims en Joden;
Sprekend Verleden Havo/VWO: deel 1, 6.2;
Memo Havo/VWO: deel 1, 3.4 Een Christelijke maatschappij;
Sfinx VMBO kgt: deel 1, 4.2 Het Christendom;
Sfinx Havo: deel 1, 4.3 De wereld van het Christendom.

lessuggestjes

BU: Meitsje ien fan de opdrachten út de kaartebak fan 11en30.
FU: Behannelje haadstik 5 út de lesserige Alve-en-Tritich. Finsters op de Fryske skiednis, diel 1.
BU: Haadstik 5 út Lesmateriaal by de Fryske skiednis yn 11en30 finsters. (Cedin)
Omtrent Bonifatius. Teatrale skiedniskuier. BU. Dokkum
HCL-De Geluksbrenger - Ljouwert
Boek foar BU 6-8 en FU 1-2: De Geluksbrenger, haadstik 2.


Lesbrief oer Willibrord (Surfspin, download).

musea (der op út)

Bonifatiuskapel - Dokkum;
Het Admiraliteitshuis - Dokkum;
Kasteel Radboud - Medemblik.
HCL-De Geluksbrenger - Ljouwert

fideo's

Redbad en Bonifatius, langere ôflevering 11en30 (ôflevering 3, diel 1, Omrop Fryslân, Tsjek)
Bonifatius (School tv);
Bonifatius bij Dokkum vermoord (School tv);

literatuer

Hoe God verscheen in Friesland. Missie en macht in Frisia (Otten, 2014)
754, Bonifatius bij Dokkum vermoord (Mostert, 1999);
Redbad - Kronyk fan in kening (Schoorstra, 2011).
It libben fan de hillige Liudger (Altfried, 1997);
Frieslands oudheid: Het rijk van de Friese koningen (Halbertsma, 2000);