Ken dyn fryske ferline

De Canon van Friesland is een lijst van 41 onderwerpen (vensters) met daarin
de belangrijke gebeurtenissen in de geschiedenis van Friesland. Deze onderwerpen
zijn een hulpmiddel voor het onderwijs in Friesland.

Venster 20

Eise Eisinga

Wenje yn in planetarium 1744-1828

"Alle minsken gean in kear dea, mar as der ien is waans libben noch altyd trochtikket, is it Eise Eisinga. It planetarium, dat hy mei eigen hannen boude, is in eksakte kopy fan it sinnestelsel. Syn kalinder mei seizoenen, moannen en dagen, dy’t troch dit sinnestelsel bepaald wurdt, kloppet noch altyd naukeurich. De klok fan Eise Eisinga rint al mear as 225 jier troch, presys op tiid. It planetarium fan Eise is net allinnich in knap stikje fakwurk. It wie ek in bewiis foar de minsken yn de 18e ieu dat de ierde net oerlevere wie oan de grillen en de wil fan goaden en religy. Eisinga toande dat it libben ûnderdiel is fan in kompleks stelsel fan natuerkundige wetten, dy’t foar altyd fêstlizze."

Yn 1774 sette Eise Jeltes Eisinga (1744-1828) yn Frjentsjer mei de bou fan in planetarium útein, nota bene yn syn eigen húskeamer. Eisinga wie wat wy hjoed de dei in amateur-astronoom neame soene. Fan berop wie er wolfabrikant. De reden dat er dat planetarium makke, is frjemd te neamen. Hy woe nammentlik bewize dat de wrâld net fergean soe. Dat moat útlein wurde.

'Ontslooping van het heelal'
Yn 1774 joech de predikant fan Boazum, Eelco Alta, in boekje út dêr’t er de ûndergong fan de wrâld yn foarsei. Op 8 maaie fan dat jier, sa wie berekkene, soene de planeten Merkurius, Fenus, Mars, Jupiter en de moanne yn konjunksje stean en dus opinoar botse. Ds. Alta foarsei dat dat de ‘ontslooping van het heelal’ fan gefolgen ha soe. Eisinga besleat no om yn de húskeamer in kopy te meitsjen fan it ‘himelsk oerwurk’ om sadwaande oan syn bangmakke tiidgenoaten sjen litte te kinnen dat de planeten yn wurklikheid neffens fêste wetten yn hieltiten widere banen om de sinne rûnen en dat hja dêrom alhiel net botse kínne soene.

Boereprofessor
Eisinga stie yn in lange tradysje fan amateurwittenskip. Yn de hiele santjinde en achttjinde ieu waard der yn Fryslân oan lju dy’t dêr niget oan hiene universitêr wiskundich ûnderwiis jûn, in soarte fan beropsûnderwiis. Yn 1598 wie oan de Frjentsjerter universiteit de earste heechlearaar wiskunde beneamd – Adriaan Metius (1572-1635) –, dy’t net allinne yn it Latyn, mar ek yn it Nederlânsk ûnderwiis joech. Syn studinten soene letter as fêstingboukundigen (benammen yn de Tachtichjierrige Oarloch), astronomen, seefeartkundigen en lânmjitters warber wêze. Metius wie de earste yn in lange rige fan sokke heechleararen fan ‘idiotae’, lju dy’t gjin oplieding hiene mar dy’t niget hiene oan wiskunde en wiskundige problemen. Dizze net-universitêr oplate wiskundigen wurde somtiden ek wol ‘boereprofessors’ neamd. Eise Eisinga, in begoedige wolfabrikant fan Dronryp, wie ien fan harren.

Deus otiosus
Eisinga libbe yn de tiid fan de Ferljochting. De wiskunde krige doe in morele lading en in religieuze byklank. Boargers lykas Eisinga seagen God nammentlik net mear as in figuer dy’t elk momint fuortdaalk yn syn skepping yngripe kin, mar as in ‘deus otiosus’ – in rêstend skepper dy’t by de skepping mei de bêste bedoelings it ‘himelsk oerwurk’ yn gong setten hie. Yn har eagen waard de natuer karakterisearre troch in meganyske wetmjittigens en dy natuerwetten kinne ûntdutsen en beskreaun wurde. Dy hâlding sjogge wy werom by gâns fan de ‘boereprofessors’ dy’t har mei astronomyske problemen of mei de bou fan teleskopen dwaande holden.It waard in (te) langduorjend projekt.

Toeristyske attraksje
Eisinga makke dien wurk mei syn planetarium yn 1781, fier nei de benearjende datum fan de konjunksje, mar it wie sa’n yngenieus wurkstik dat mannich bûtenlanner delkaam en derfan bearde. Uteinlik kocht kening Willem I it yn 1825 oan foar it Ryk, mar yn 1859 joech de kening it wer werom oan de stêd Frjentsjer. Tsjintwurdich is it ien fan de wichtichste toeristyske attraksjes fan Fryslân. Efternei makket it projekt in tal saken helder; yn it foarste plak hoe’t wittenskip en maatskippij yn de santjinde en achttjinde ieu op inoar yngriepen. Yn de ierkapitalistyske Fryske maatskippij soarge de technologyske fernimstigens fan lju as Eisinga foar gâns ynnovaasjes op it stik fan seefeart, yndustry en lânbou en sadwaande foar in beskate mjitte fan foarútgong. Eisinga is, as achttjinde-ieuwer, ek karakterisearjend foar de perioade fan de Ferljochting. By him kaam betrouwen yn de wittenskip yn it stee fan in folle mear fatalistyske opfetting oangeande it lot fan it minskdom. Lykas in protte fan syn tiidgenoaten besocht er om dat betrouwen ek foar in breder publyk út te dragen.

De Kanon op Tsjek!

Besjoch ek de langere kanonklips mei Freerk Smink op

Tsjek tv fan Omrop Fryslân .

EnToen.nu Eise Eisinga

Eise Eisinga is ek  in finster yn EnToen.nu:

 

Eise Eisinga: De Verlichting in Nederland.

Gewoan gek op skiednis

'Gewoan gek op skiednis' is skreaun foar bern fan 9-12 jier dy't gewoan gek binne op skiednis! It boek kostet 14,95 en kin hjir besteld en foar in part besjoen wurde.

 

Aanvullend materiaal over venster 20

fertakkings

Primêr Underwiis:
Wat is wittenskip? Wat is in planetarium; Utfinings; Stjerrekunde.

Fuortset Underwiis:
Rol universiteit yn in provinsje; De Ferljochting (tsjinstelling teology/wittenskip); Wittenskip yn de maatskippij; Canonopdracht: Plein "Eise Eisinga"; Een planetarium in de klas.

lesmetoades

Primêr Underwiis:
De Brandaan: groep 8, Tijd van pruiken en revoluties.

Fuortset Underwiis:
Indigo Havo/VWO: deel 2, 3.1 Verlichte Ideeën onder pruiken;
Sprekend verleden Havo/VWO: deel 2, Hoofdstuk 2;
Memo Havo/VWO: deel 2, 2.2 De verlichting;
Sporen Havo/VWO: deel 2, 5.3 De verlichting;
Sfinx Havo/VWO: deel 2, 1.8 Nederlandse denkers en doeners.

musea (der op út)

Planetarium - Frjentsjer; Streekmuseum Volkssterrenwacht - Burgum; Museum Martena - Frjentsjer.

literatuer

Over wol, tegels en Eise Eisinga als 'fabrikeur in Vriesche sajet (Dragt, 2001); Beschrijving van het Eisinga-Planetarium te Franeker (Eekhoff,1994); Planetariumboek Eise Eisinga, (Havinga et al., 1928); De wereld rond Eise Eisinga (Louwman et al.,1994); Het Eise Eisinga Planeterium (Nieuwenhuis, 1988); Binnenste buiten (Noordmans, 1995); It Himelsk oerwurk (Van Der Ploeg, 2008); Wolken en stjerren (Terpstra, 1994); Hoger beroepsonderwijs avantla-lettre (Van Winter, 1988).