Lânskiplike gefolgen skaalfergrutting
It Fryske gea, foaral yn de âlde klaaistreken yn it noarden en it súdwesten fan de provinsje, ûnderskiedt him troch in ieuwenâlde ferkavelingsstruktuer. Toeristen binne der sljocht op mar boeren ha der faak in griis fan, want hoe kinne sy har no rêde mei in moderne trekker op al dy lytse stikjes lân? Nei de Twadde Wrâldoarloch, doe’t Nederlân op ’e nij opboud waard, wie de polityk bot op de hân fan de boeren. De lânbou moast sa rasjoneel mooglik opset wurde en dat hold ek yn: skaalfergrutting. De ruilferkaveling wie dêrta it ynstrumint by útstek. De losse stikken lân fan boeren waarden gearfoege ta oanienslutende blokken. Dat proses hie fan gefolgen dat in soad âldere lânskiplike eleminten opromme waarden, lykas sleatten, houtwâlen en âlde reden en diken. Der is dan ek neat wat it Nederlânske plattelân de ôfrûne sechtich jier mear feroare hat as krekt dy ruilferkavelingen.
Eksperiment
Yn dat proses spile Fryslân yn inkelde opsichten de rol fan paadsljochter. Yn it begjin fan de ieu wie hjir de earste, doe noch frijwillige ruilferkaveling fan Nederlân (dy fan de Ballumer Mieden op It Amelân). Yn de jierren 1953-1956 waarden fierders mei in eksperimint yn De Rottefalle ynsichten opdien dy’t fierders oeral yn it lân tapast wurde soene en dy’t laten ta in ferbreding fan it ramt dêr’t ruilferkavelingen stal yn krigen. It eksperimint berêste op yn Frankryk en de Feriene Steaten opdiene ûnderfiningen en it hold yn, dat by de ruilferkaveling de lânboufoarljochtingstsjinst begûn mei in yntinsive, yntegrale foarljochting oan boeren en boerinnen en mei it opsetten fan wurktúchkoöperaasjes en mienskiplike ûnkrûdbestriding. Yn De Rottefalle diene dêr tritich boerefamyljes oan mei.
Ruilferkavelingswet
De ruilferkaveling wie al foar 1940 begûn, earst op frijwillige basis, mar yn 1924 kaam de earste ruilferkavelingswet ta stân en koene boeren tenei ta meiwurking twongen wurde. Oarspronklik wie de ruilferkaveling alhiel rjochte op de lânbou en bettere ferdieling fan lân. Sprekkend is wol it foarbyld fan dy boer op It Amelân, dy’t foar de ruilferkaveling 12 hektare grûn hie, ferdield oer 269 stikjes lân. Nei ôfrin hie er dy 12 hektare wer, mar no ferdield oer fiif perselen. Yn Fryslân hat foar 1940 mar ien (lytse) ruilferkaveling plakfûn, dy fan de Merrie Made yn Weststellingwerf (67 hectare). Wol waard op grutte skaal ûnlân ta kultuergrûn makke yn de wurkferskaffingen, foaral troch de Untginningsmaatskippij De Drie Provinciën.
Sintrale Kultuertechnyske Kommisje
Nei de Twadde Wrâldoarloch kaam de saak goed op gong. Der wie troch de fernielingen dy’t plak fûn hienen en troch it trauma fan de hongerwinter grut ferlet fan goede lânbougrûn. Boppedat soe, sa fûn de oerkoepeljende Sintrale Kultuertechnyske Kommisje, it oan syn lot oerlitten fan it plattelân liede kinne ta ferpaupering en ta politike radikalisearring dêr fan de befolking. Ruilferkaveling waard no ek sjoen as in modernisearringsproses. Sa ûntstie it ferlet fan goede foarljochting, ek oan de boerinnen. Tagelyk spile hjir ek in elemint fan manipulaasje fan de oerheid mei, dy’t safolle mooglik lytse boeren útsanearje woe. Soks die bygelyks dúdlik bliken mei it stimrjocht by ruilferkavelingen: wa’t net opkaam om te stimmen, waard achte foar te wêzen. Dat stuite op in soad misbegryp en sels ferset fan benammen lytse boeren.
Lânynrjochtingswet 1985
Om 1960 hinne begûnen de ynsichten by de beliedsmakkers troch te kringen dat der mei in ruilferkaveling mear belangen meispilen as allinnich it agraryske. Utgongspunt by nije ferkavelingen waard it streekplan, ûntwikkele mei op basis fan yn De Rottefalle en Kerkhoven wûne ynsichten. Dat plan joech rjochtlinen foar it takomstich grûngebrûk en kombinearre de agraryske belangen mei ynfrastruktuer, wentebou, yndustry en rekreaasje. De nijste ûntjouwing fan de lêste desennia (ynfiering Lânynrjochtingswet 1985) is dat it swiertepunt by de ynrjochting fan it plattelân fierder opskood is yn de rjochting fan natuerbehear. Der wurdt net allinnich mear stribbe nei natuerbehâld, mar ek nei it skeppen fan nije natuer.