Ken dyn fryske ferline

De Canon van Friesland is een lijst van 41 onderwerpen (vensters) met daarin
de belangrijke gebeurtenissen in de geschiedenis van Friesland. Deze onderwerpen
zijn een hulpmiddel voor het onderwijs in Friesland.

Venster 36

Hendrik Algra

De emansipaasje fan de kleine luyden 1920-1950

"Hendrik Algra wie tsientallen jierren oanfierder fan de Fryske grifformearden. Syn libben en syn wurk rinne lykop mei de ûntwikkeling fan dizze grutte groep minsken yn de provinsje. De grifformearden begûnen mei in achterstân op de herfoarmden, de liberalen en de oare befolkingsgroepen, mar wienen op har hichtepunt, healwei de tweintichste ieu, yn de Nederlânske en foaral yn de Fryske maatskippij in machtige groep. Algra wie tagelyk ûnderwizer, histoarikus, sjoernalist en politikus. Dat wurk die er allegear mei mar ien doel: de minsken bewust meitsje fan har plak en opdracht op ierde, fanút syn grifformearde útgongspunten. Dat is him goed slagge: foar tûzenen grifformearden wie Hendrik Algra in man dy’t rjochting joech oan har libben."

‘De kleine luyden’
De wichtige rol dy’t de grifformearden yn it ferline yn it maatskiplik debat wol hân ha, is hjoed de dei útspile, benammen yn Fryslân. De Fryske ûnderwizer, histoarikus, sjoernalist en politikus Hendrik Algra (1896-1982) wie ien fan har wichtichste fertsjintwurdigers en wurdfierders. Hy wie ien fan wat neamd waard ‘de kleine luyden’, de gewoane middenstanners, boeren en fatsoenlike arbeiders fan ortodoks-grifformeard komôf. Troch syn opfieding, syn karriêre en syn fisy op it no en it doe is er it perfekte foarbyld fan de slagge emansipaasje fan de ortodoks-kristlike legere stannen.

Abraham Kuyper
Yn de rin fan de njoggentjinde ieu fersetten rjochtsinnige fermiddens har hieltiten mear tsjin de frijsinnige opfettings binnen de Herfoarme Tsjerke. Sadwaande ûntstie der ek in maatskiplike tsjinstelling tusken de ornaris út legere stannen ôfkomstige ortodoksen en de sekularisearre maatskiplike elite dy’t de Herfoarme Tsjerke dominearre. Nei in tal eardere ôfskiedingen fan de Herfoarme Tsjerke, smieten de ortodoksen yn 1892 de lapen gear en foarmen hja de Gereformeerde Kerken in Nederland. Yn de lette njoggentjinde en iere tweintichste ieu groeide ûnder lieding fan politisy as Abraham Kuyper (1837-1920) dy kultuer út ta in ‘pylder’, in helder ûnderskiedbere maatskiplike groep mei eigen skoallen, tsjerken en in eigen ferieningslibben. Sawat om 1920 hinne wie ien op de fiif Friezen grifformeard.

Talintearre
Yn dy tiid groeide op it Fryske plattelân yn sa’n grifformeard, antyrevolúsjonêr arbeidersgesin ek Hendrik Algra op. Yn arbeidersfermiddens wie ek foar de meast talintearre bern neat oars as leger ûnderwiis weilein. Soe der trochleard wurde, dat moast dat jûns barre, nei it bealgjen oerdeis. Algra folge op dy wize fan syn tolfde jier ôf de kristlike ûnderwizersoplieding en foltôge dêrnei – al krektsa njonken in baan, no as ûnderwizer – de dosinte-opliedings Skiednis en Nederlânsk. Hy waard learaar skiednis.

Opinion leader
Algra syn karriêre spile him dêrnei folslein binnen de grifformearde pylder ôf. Hy dosearre oan protestantsk-kristlike skoallen, wie fan 1935 oant 1977 haadredakteur fan it grifformeard Friesch Dagblad, spile in rol yn it Kristlik Frysk Selskip en waard yn 1946 foar de, ek al wer grifformearde, Anty-Revolúsjonêre Partij lid fan de Earste Keamer yn Den Haach. Bysûnder is benammen Algra syn moedige hâlding yn de oarloch. As haadredakteur wegere er om Dútske opdrachten út te fieren. Dat late ta in publikaasjestop fan de krante en ta Algra syn ynternearring yn it kamp te Sint Michielsgestel. Yn de perioade nei de oarloch makken syn haadkommentaren yn it Friesch Dagblad him ta grifformeard opinion leader binnen en bûten Fryslân.

Opfettings
Algra syn fisy op it no en it doe waard útmakke troch syn grifformearde opfettings. Sa seach er de njoggentjinde ieu net yn it foarste plak as bygelyks de tiid fan de yndustriële revolúsje, mar by útstek as de perioade dêr’t de ortodoksy him yn ûntjaan kind hie. Al syn histoaryske publikaasjes binne basearre op it idee dat de hân fan God yn de skiednis sichtber is. Benammen yn de Twadde Wrâldoarloch brûkte Algra de nasjonale skiednis sa as in spegel dy’t er it Nederlânske folk foarhold.

Protestantske Tsjerke yn Nederlân
Nei de oarloch rekke de grifformearde pylder yn it delgean; de emansipaasje wie foltôge. Fan de sechstiger jierren ôf ferlieten gâns lju de tsjerke. Uteinlik, yn 2004, soene de grifformearde en herfoarme tsjerken gearrane ta de Protestantse Kerk in Nederland. Yn de sechstiger jierren iepenen de Nederlânske en ek de Fryske maatskippij har foar allerhanne maatskiplike en kulturele eksperiminten en fernijings. Algra bleau by syn âlde stânpunten en oerlibbe himsels. Ferneamd waard er benammen troch it omtinken dat er yn it Parlemint frege foar it yn syn eagen blasfemyske wurk fan de skriuwer Gerard Reve. Dy hie God foarsteld as in ‘ezeltsje’ dat fan efteren naam wurde woe. Yn de moderne maatskippij resultearret sokke opskuor yn in soad publisiteit. Net de grifformearde moraal, mar Reve syn reputaasje hie der profyt fan.

De Kanon op Tsjek!

Besjoch ek de langere kanonklips mei Freerk Smink op

Tsjek tv fan Omrop Fryslân .

Gewoan gek op skiednis

'Gewoan gek op skiednis' is skreaun foar bern fan 9-12 jier dy't gewoan gek binne op skiednis! It boek kostet 14,95 en kin hjir besteld en foar in part besjoen wurde.

 

Aanvullend materiaal over venster 36

fertakkings

Primêr Underwiis:
Herfoarme/grifformeard; Friesch Dagblad; Krante yn de oarloch.

Fuortset Underwiis:
Ferpyldering; Emansipaasje 'kleine luyden’; Krante yn de oarloch.

lesmetoades

Fuortset Underwiis:
Sprekend verleden Havo/VWO: deel 3, Hoofdstuk 4.

musea (der op út)

Grifformearde/herfoarme tsjerken yn de regio; Friesch Dagblad - Ljouwert; Tresoar - Ljouwert.

literatuer

Mijn werk, mijn leven (Algra, 1970); In den aap gelogeerd (Algra et al., 2002); Kort revier (Beekman et al., 1973); De God van je tante (Fekkes, 1968); Doctor Algra, de Friese senator (Puchinger et al., 1980).