Untstean fan de terpen
By stoarm en springfloed strûpte it fruchtbere, ûnbedike lân by de Noardseekust derûnder. It wiete kwelderlân wie tige gaadlik foar greidbuorkerij, mar as wenstee foldie it minder goed. Dêrom begûnen fan sawat 500 foar Kristus ôf de minsken, dy’t dêr fan sirka 600 foar Kristus ôf earst allinne noch mar yn de simmer taholden, fan seadden en dong terpen op te smiten, ferhegings, dêr’t yn de rin fan de tiid huzen en folsleine doarpen op boud waarden. Oant sawat 1000 nei Kristus, doe’t der hieltiten mear diken om de kwelders lein waarden, soene dy terpen yn gebrûk bliuwe en ek hieltiten fierder ophege wurde. Yn 1963 waarden der by in wittenskiplike ynventarisaasje yn it notiidske Fryslân hast 1000 terpen teld, wylst resint nammekundich ûndersyk útwiisde dat dat oantal sels noch ferdûbele wurde mei.
Fryske keningen
Yn de iere midsieuwen lei yn it doetiidske Fryske gebiet lâns de Waad- en Noardseekust del in rige fan net al te grutte bewenbere gebieten – hja wurde tige tapaslik bewenningseilannen neamd –, dy’t fan de Skelde yn it suden oant justjes oare kant de Wezer yn Noard-Dútslân rint. Fan al dy kearngewesten wiene Westergoa en Eastergoa, dy’t beide yn it notiidske Fryslân leine, it grutst en it wichtichst. Beide goaen hearden ta de meast tichtbefolke gebieten fan Europa.
Op de terpen yn dy gebieten libben de Friezen yn it earstoan benammen fan greidbuorkerij en lânbou. Nei it folksferfarren waard it gebiet nei alle gedachten befolke troch in oar folk as dêrfoar, dat de Friezen út de Romeinske tiid binne net deselden as dy fan foar dy tiid. Oer it komôf fan dy nije bewenners diskusjearje argeologen noch hieltiten. Yn de sande en achtste ieu kaam súdlik fan it Fryske kweldergebiet it Frankysk keninkryk op. Ut dy tiid binne nammen fan Fryske keningen oerlevere (miskien is it oars better om fan kriichshearen te praten), nammentlik Redbad en Aldgillis. Dy ha harren wichtichste stipepunt net yn it kweldergebiet yn notiidsk Fryslân, mar oan de Maas en de Ryn, yn Utert en Doarestêd. Mooglik ûnder harren bewâld groeide Doarestêd út ta in Europeesk hannelssintrum.
Winaam en Hegebeintum
Ek yn Eastergoa en benammen yn Westergoa wie der nei alle gedachten elitefoarming. Yn de terp fan Winaam (by Frjentsjer) fûnen argeologen koartlyn ark fan in goudsmid en ek in prachtige mantelspjeld (in fibula), dy’t bot like op de sieraden dy’t yn 1939 yn it rike keningsgrêf fan Sutton Hoo yn Ingelân fûn wiene. Yndied wiene der yn dy tiid kontakten mei eliten yn Noard-Dútslân, Skandinavië en Ingelân. Fryslân wie sadwaande part fan in gruttere Noardseekultuer.De heechste terp yn Fryslân is, mei syn hast njoggen meter, dy fan Hegebeintum. It is net allinne in goed foarbyld fan hoe’t sa’n terp der yn it ferline útsjoen ha moat, mar ek fan de wize hoe’t yn letter tiden dêr mei omgien waard.
Ofgravingen
Mei’t terpen mear as oardel millennium lang de tichtbefolke wensteeën west hiene fan minske en fee en dêrtroch út tige fruchtbere grûn bestiene, waarden hja fan om 1840/1850 hinne ôf gauris ôfgroeven. De terpierde dy’t frijkaam waard ferkocht om oer earmere grûn út te riden. Yn Hegebeintum is dat prachtich te sjen. De súdkant fan de terp is hielendal ôfgroeven, sadat it no krekt liket as stiet de midsieuske tsjerke oan de râne fan in ravyn.By al dy ôfgravings kamen allegearre foarwerpen foar it ljocht en stadichoan groeide net allinne de belangstelling foar it libben fan de terpbewenners, mar ek it wittenskiplik karakter fan it ûndersyk. Hegebeintum wie ien fan de earste terpen dy’t wittenskiplik ûndersocht waarden. Pas nei 1945, doe’t al mear as trijekwart ôfgroeven wie, waarden de oerbleaune terpen ta beskerme monuminten ferklearre.