Ken dyn fryske ferline

De Canon van Friesland is een lijst van 41 onderwerpen (vensters) met daarin
de belangrijke gebeurtenissen in de geschiedenis van Friesland. Deze onderwerpen
zijn een hulpmiddel voor het onderwijs in Friesland.

Venster 3

Hegebeintum

Fryslân yn de terpetiid Om-ende-by 600 foar Kr. oant 1000 nei Kr.

"Fryslân is it lân fan terpen. Foaral op de klaai yn it noarden fan de provinsje binne se in soad te sjen. Yn totaal binne der yn it Fryske gebiet by de Noardseekust lâns sa’n tûzen lytse en grutte terpen te finen. De earsten waarden oanlein om 600 foar Kristus hinne en se ha oant likernôch it jier 1000 fertuten dien. Dêrnei waarden seediken oanlein en hienen de terpen gjin feitlike funksje mear. Opgravings yn terpen litte sjen dat der op de terpen net allinnich hurdwurkjende boeren libben, mar dat der ek rykdom wie. Yn de terp fan Winaam is in prachtige fibula fûn, in mantelspjelde, opboud fan goud en sulver. Dat soe derop tsjutte kinne dat hjir ea in kening wenne hat. Mar it bewiis dêrfan is noch nea fûn."

Untstean fan de terpen
By stoarm en springfloed strûpte it fruchtbere, ûnbedike lân by de Noardseekust derûnder. It wiete kwelderlân wie tige gaadlik foar greidbuorkerij, mar as wenstee foldie it minder goed. Dêrom begûnen fan sawat 500 foar Kristus ôf de minsken, dy’t dêr fan sirka 600 foar Kristus ôf earst allinne noch mar yn de simmer taholden, fan seadden en dong terpen op te smiten, ferhegings, dêr’t yn de rin fan de tiid huzen en folsleine doarpen op boud waarden. Oant sawat 1000 nei Kristus, doe’t der hieltiten mear diken om de kwelders lein waarden, soene dy terpen yn gebrûk bliuwe en ek hieltiten fierder ophege wurde. Yn 1963 waarden der by in wittenskiplike ynventarisaasje yn it notiidske Fryslân hast 1000 terpen teld, wylst resint nammekundich ûndersyk útwiisde dat dat oantal sels noch ferdûbele wurde mei.

Fryske keningen
Yn de iere midsieuwen lei yn it doetiidske Fryske gebiet lâns de Waad- en Noardseekust del in rige fan net al te grutte bewenbere gebieten – hja wurde tige tapaslik bewenningseilannen neamd –, dy’t fan de Skelde yn it suden oant justjes oare kant de Wezer yn Noard-Dútslân rint. Fan al dy kearngewesten wiene Westergoa en Eastergoa, dy’t beide yn it notiidske Fryslân leine, it grutst en it wichtichst. Beide goaen hearden ta de meast tichtbefolke gebieten fan Europa.
Op de terpen yn dy gebieten libben de Friezen yn it earstoan benammen fan greidbuorkerij en lânbou. Nei it folksferfarren waard it gebiet nei alle gedachten befolke troch in oar folk as dêrfoar, dat de Friezen út de Romeinske tiid binne net deselden as dy fan foar dy tiid. Oer it komôf fan dy nije bewenners diskusjearje argeologen noch hieltiten. Yn de sande en achtste ieu kaam súdlik fan it Fryske kweldergebiet it Frankysk keninkryk op. Ut dy tiid binne nammen fan Fryske keningen oerlevere (miskien is it oars better om fan kriichshearen te praten), nammentlik Redbad en Aldgillis. Dy ha harren wichtichste stipepunt net yn it kweldergebiet yn notiidsk Fryslân, mar oan de Maas en de Ryn, yn Utert en Doarestêd. Mooglik ûnder harren bewâld groeide Doarestêd út ta in Europeesk hannelssintrum.

Winaam en Hegebeintum
Ek yn Eastergoa en benammen yn Westergoa wie der nei alle gedachten elitefoarming. Yn de terp fan Winaam (by Frjentsjer) fûnen argeologen koartlyn ark fan in goudsmid en ek in prachtige mantelspjeld (in fibula), dy’t bot like op de sieraden dy’t yn 1939 yn it rike keningsgrêf fan Sutton Hoo yn Ingelân fûn wiene. Yndied wiene der yn dy tiid kontakten mei eliten yn Noard-Dútslân, Skandinavië en Ingelân. Fryslân wie sadwaande part fan in gruttere Noardseekultuer.De heechste terp yn Fryslân is, mei syn hast njoggen meter, dy fan Hegebeintum. It is net allinne in goed foarbyld fan hoe’t sa’n terp der yn it ferline útsjoen ha moat, mar ek fan de wize hoe’t yn letter tiden dêr mei omgien waard.

Ofgravingen
Mei’t terpen mear as oardel millennium lang de tichtbefolke wensteeën west hiene fan minske en fee en dêrtroch út tige fruchtbere grûn bestiene, waarden hja fan om 1840/1850 hinne ôf gauris ôfgroeven. De terpierde dy’t frijkaam waard ferkocht om oer earmere grûn út te riden. Yn Hegebeintum is dat prachtich te sjen. De súdkant fan de terp is hielendal ôfgroeven, sadat it no krekt liket as stiet de midsieuske tsjerke oan de râne fan in ravyn.By al dy ôfgravings kamen allegearre foarwerpen foar it ljocht en stadichoan groeide net allinne de belangstelling foar it libben fan de terpbewenners, mar ek it wittenskiplik karakter fan it ûndersyk. Hegebeintum wie ien fan de earste terpen dy’t wittenskiplik ûndersocht waarden. Pas nei 1945, doe’t al mear as trijekwart ôfgroeven wie, waarden de oerbleaune terpen ta beskerme monuminten ferklearre.

Goud in het Fries Museum

Het Fries Museum presenteert Goud - Gevonden schatten uit de middeleeuwen. De tentoonstelling neemt je mee naar de schatkamers van het vroegmiddeleeuwse Friesland. Met fonkelende sieraden, glinsterende munten en ander blinkend goud, opgegraven uit de Friese terpen. Van 6 juni 2015 - 3 januari 2016.

De Kanon op Tsjek!

Besjoch ek de langere kanonklips mei Freerk Smink op

Tsjek tv fan Omrop Fryslân .

Terp van Wommels

Op een afgegraven terp in Wommels - de oudste van Friesland - speuren archeologen van de Rijksuniversiteit Groningen naar sporen van de eerste Friezen.

Bekijk hier het filmpje.

Terp fan Hegebeintum

In besite bringe oan de terp fan Hegebeintum? Dat kin!

Een bezoek brengen aan de terp van Hogebeintum? Dat kan!

Sjoch hjir foar mear ynfo.

Replica schrijfplankje Tolsum

Met een replica kun je dicht bij de geschiedenis komen, zoals nu met het beroemde schrijfplankje van Tolsum. De replica is gemaakt voor het onderwijs en is te zien bij Tresoar.

Lees er hier meer over!

 

Gewoan gek op skiednis

'Gewoan gek op skiednis' is skreaun foar bern fan 9-12 jier dy't gewoan gek binne op skiednis! It boek kostet 14,95 en kin hjir besteld en foar in part besjoen wurde.

 

Fries Museum

It Fries Museum giet oer Fryslân en de Friezen. Oer de alve stêden en it plattelân, de haat-leafde ferhâlding mei it wetter, de syktocht nei it typysk Fryske en it plak fan Fryslân yn de wrâld.
www.friesmuseum.nl

Aanvullend materiaal over venster 3

fertakkings

Basis Underwiis:
Unstean fan in terp; ôfgraving terp; Keningen yn de iere midsieuwen.

Fuortset Underwiis:
Beowulf mei it Finnsburgfragmint.

lesmetoades

Fuortset Underwiis:
Indigo Havo/VWO: deel 1, Extra: De eerste steden;
Memo Havo/VWO: deel 1, 4.3 De terpbewoners;
Sporen Havo/VWO: deel 1, 4.1 Een boerendorp.

lessuggestjes

BU: Meitsje ien fan de opdrachten út de kaartebak fan 11en30.
FU: Behannelje haadstik 3 út de lesserige Alve-en-Tritich. Finsters op de Fryske skiednis, diel 1.
BU: Haadstik 3 út Lesmateriaal by de Fryske skiednis yn 11en30 finsters. (Cedin)

Fries Museum - Hoe houden we droge voeten. Lesprogramma BU 6-8 en FU 1-3.

HCL-De Geluksbrenger - Ljouwert
Boek foar BU 6-8 en FU 1-2: De Geluksbrenger, haadstik 1 en 2.
Leskoffer foar BU 6-8 en VU 1-2. Mei orizjinele en replika archeologyske fynsten út de Aldehou-terp.

HCL: Ondersteboven van de Oldehove - Ljouwert

musea (der op út)

fideo's

literatuer

De ferdwûne fibula (Bal, 2007)
De Geluksbrenger (Van Der Veer et al., 2011).
Terpen in Friesland (Huisman, 2014)
Terpen en terpnamen (Gildemacher, 2008);
Diggelgoud (Huisman & Salverda, 2008);
Snorhierren en in sturtsje (Reitsma-Ferwerda, 2010);
Een kijk op terpen (Britsum, 2006);
De Koningsterp van Wijnaldum (Carmiggelt, 2000);
Terpen tussen Vlie en Eems (Halbertsma, 1963);
Professor Van Giffen en het geheim van de wierden (Knol et.al., 2005);
Verborgen verleden belicht (De Langen et al., 1996);
Begraven op de terpen in Ferwerderadiel (Carmiggelt, 2000);