Ken dyn fryske ferline

De Canon van Friesland is een lijst van 41 onderwerpen (vensters) met daarin
de belangrijke gebeurtenissen in de geschiedenis van Friesland. Deze onderwerpen
zijn een hulpmiddel voor het onderwijs in Friesland.

Venster 9

Edzard Cirksena

Bouwer fan in Fryske steat 1462-1528

"Edzard Cirksena wurdt ek wol Edzard I of sels Edzard de Grutte neamd. Hy libbe fan 1461 oant en mei 1528. Edzard I hat besocht om de frije Fryske lannen te ferienigjen ta in echte steat. Dy striid wie foaral in gefjocht tsjin Albrecht fan Saksen, dy’t hjir it bewâld fierde út namme fan it Hillige Roomske Ryk. Uteinlik ferlear Edzard I de striid en koart dêrnei foel Fryslân útinoar yn ferskillende stikjes. Algemien wurdt dit beskôge as de lêste kâns dy’t him foardie om ta in grutte, officieel Fryske natie te kommen. Edzard waard fûgelfrij ferklearre, maar waard letter dochs noch de greve (graaf) fan East-Fryslân. Hy stoar yn 1528 yn Emden. "

Ulrik
Der wurdt wol tocht dat de Friezen op eigen krêft net ta steatsfoarming komme koene. Dochs is der yn alle gefallen ien foarbyld dat dit tsjinsprekt: it greefskip East-Fryslân. It sukses fan dat steatsje hat benammen de fertsjinste west fan Edzard Cirksena, greve fan 1491 oant 1528, mar de grûnslach is lein troch syn heit, de haadling Ulrik Cirksena. Nei’t dy kâns sjoen hie om de hearskippij yn Emden, Norden en Aurich mei omkriten stevich yn hannen te krijen, waard er yn 1464 op syn eigen fersyk troch keizer Frederik III ferheven ta greve fan East-Fryslân ‘fan de Wester-Iems oant de Wezer’. Dat wie in grutter gebiet as dat er yn werklikheid behearske, want syn gesach rikte op dat stuit lang net oant de Wezer.

Tota-Frisiatradysje
Edzard wie Ulrik syn twadde soan. Syn haaddoel waard it om hiel it gebiet oant de Wezer ûnder syn gesach te bringen. Hy hie lykwols ek de ambysje om yn westlike rjochting te ekspandearjen. Dêrby tocht er yn earste ynstânsje oan de Lauwers as westlike grins. Dat wie net ûnrealistysk, want ûnder de haadlingen yn de Grinzer Ommelannen hie er in soad oanhing. Doe’t bliken die dat er ek yn Fryslân westlik fan de Lauwers op oanhingers rekkenje koe, waard syn ambysje noch grutter, nammentlik om hear te wurden fan alle Fryske lannen fan Fly oant Wezer. Dêrby gie it by him folle mear om syn persoanlik en dynastyk belang as om it sykjen fan oansluting by in âldere tota-Frisia-tradysje út de tiid fan de Opstalsbeam.

Grins
By syn besykjen om syn gebiet nei it westen ta te fergrutsjen fûn Edzard de stêd Grins op syn wei. De beneaming fan hartoch Albrecht fan Saksen ta gubernator en potestaat fan Fryslân yn 1498 iepene foar him lykwols perspektiven. Hy erkende Albrecht, wêrnei’t se mei har beiden de oanfal op Grins ynsetten. Se koene de stêd lykwols net ynnimme. Oant 1506 wurken Edzard en Albrecht syn opfolger Georg nau mei-inoar op. Doe joech Grins him oer oan Edzard, en erkende him tagelyk as hear. Edzard ferklearre dêrop dat er de stêd út namme fan de keizer en net fan Georg ynnommen hie. Hy waard no boppedat oansteld ta steedhâlder oer de Ommelannen, yn teory foar de hartoch fan Saksen, mar yn de praktyk gie er dêr alhiel syn eigen gong. By de Saksyske bestjoerders yn Westerlauwersk Fryslân waard de eangst dat Edzard ek dêr de macht oan him lûke soe, hieltiten grutter. Yn 1512 lieten se dêrom twa foaroansteande Fryske eallju op fertinking fan kontakten mei Edzard yn Ljouwert ûnthalzgje.

Kalvinisme
Yn 1513 slagge it Georg om in grutte koalysje tsjin Edzard ta stân te bringen. Hoewol’t er stipe waard troch de boerebefolking, wie Edzard tsjin Georg en syn bûnsmaten net opwoeksen. De fal fan Appingedam, dêr’t hûnderten boargers by fermoarde waarden, betsjutte de ein fan syn hearskippij oer de Ommelannen. Allinnich yn syn eigen Eastfrysk greefskip wist er him te hanthavenjen. Yn 1519 gie Edzard oer nei it Lutheranisme. Katoliken, Lutheranen, Zwinglianen en Anabaptisten krigen no de frijheid fan it wurd. Dizze tige iere godstsjinstfrijheid yn East-Fryslân soe inkelde desennia letter in faktor fan belang yn de Nederlânske skiednis wurde, nammentlik yn de tiid fan it opkommende Kalvinisme. East-Fryslân, yn it bysûnder Emden, tsjinne doe as frijhaven foar grutte oantallen mei ynkwisysje en dea bedrige Nederlânske, dêrby ek Fryske, protestanten. As lytse steat, dy’t lange tiid nau ferbûn wie mei de Nederlânske Republyk, hat East-Fryslân noch bestien oant 1807. Al earder, yn 1744, is it hûs Cirksena útstoarn. Sûnt dy tiid wie de kening fan Prusen lânshear fan East-Fryslân.

De Kanon op Tsjek!

Besjoch ek de langere kanonklips mei Freerk Smink op

Tsjek tv fan Omrop Fryslân .

EnToen.nu Karel V

Dit finster slút oan by "Karel V: De Nederlanden als bestuurlijke eenheid" fan EnToen.nu.

Gewoan gek op skiednis

'Gewoan gek op skiednis' is skreaun foar bern fan 9-12 jier dy't gewoan gek binne op skiednis! It boek kostet 14,95 en kin hjir besteld en foar in part besjoen wurde.

 

Aanvullend materiaal over venster 9

fertakkings

Basis Underwiis:
Feodaal systeem: greefskip ûnder de keizer; Emden as flechtplak.

Fuortset Underwiis:
Ferhâlding stêd Grins-Fryslân; Albrecht van Saksen; Godstsjinstfrijheid (Luther); Begjin Tachtichjierrige oarloch.

lesmetoades

Fuortset Underwiis:
Indigo: deel 1, De macht van de stad;
Sporen Havo/VWO: deel 1, 4.5 Heren en vazallen.

lessuggestjes

BU: Meitsje ien fan de opdrachten út de kaartebak fan 11en30.
BU: Haadstik 9 út Lesmateriaal by de Fryske skiednis yn 11en30 finsters. (Cedin)
FU: Behannelje haadstik 9 út de lesserige Alve-en-Tritich. Finsters op de Fryske skiednis, diel 1.

musea (der op út)

Ekskurzje nei Grinslân en East-Fryslân;
Grêfkelder fan de Cirksena's yn Aurich.

fideo's

Edzard Cirksena, lange ôflevering 11en30 (1e part ôflevering 5, Tsjek, Omrop Fryslân)

literatuer

Saksers yn Fryslân: (Baks et al., 1998);
Gefaar foar graaf Max (Dykstra, 1998);
Een man van eer (Kist et al., 2003);
Biographisches Lexikon für Ostfriesland (Tielke, 1993).