Ken dyn fryske ferline

De Canon van Friesland is een lijst van 41 onderwerpen (vensters) met daarin
de belangrijke gebeurtenissen in de geschiedenis van Friesland. Deze onderwerpen
zijn een hulpmiddel voor het onderwijs in Friesland.

Venster 24

Domela en Piter Jelles

Earmoede en garisma 1880-1900

"Twa mannen dy’t grut strider wienen foar in rjochtfeardige wrâld, dy’t fochten foar itselde, ferheven ideaal, mar dy’t uteinlik grutte rivalen waarden. Dat wienen Ferdinand Domela Nieuwenhuis en Piter Jelles Troelstra. Oan de ein fan de njoggentjende ieu wienen sy de belangrykste lieders fan it sosjalisme, de politike streaming dy’t doe sterk yn opkomst wie. Fryslân wie ien fan de earste plakken yn Nederlân dêr’t it sosjalisme in soad oanhingers krige. Domela waard de earste sosjalist yn it parlemint, en Troelstra wie de oprjochter fan de de earste echte sosjalistyske politike partij. Skouder oan skouder begûnen sy it gefjocht foar in better bestean foar de earme arbeiders. Mar al gau waarden de mannen it hieltyd minder goed iens oer de wize wêrop ‘t sy dan krekt dy de striid fiere woenen. Uteinlik einigen beide politike karrières nochal teloarstellend. Mar de betsjutting fan sawol Domela as Troelstra foar de sitewaasje fan de arbeiders hat grut west."

Ferset tsjin de ellindige omstannichheden
Oan de ein fan de njoggentjinde ieu sieten in soad ynwenners fan Fryslân yn earmoedige omstannichheden. Yn parlemint en parse waard praat fan ‘it earme Fryslân’. Direkte oarsaak wie de lânboukrisis fan de tachtiger jierren. Mar al folle langer hie him yn Fryslân in ûnderlaach foarme fan minsken dy’t yn ellindige omstannichheden libben – yn spitketen op heidefjilden en yn net-sûne ienkeamerwenten yn de stêden. As hja al wurk hiene, dan wie dat faak ûnder de swierste omstannichheden. Dat gou benammen foar de lân- en feanarbeiders. Yn dy fermiddens kaam der dan ek al yn de iere njoggentjinde ieu ferset tsjin ‘ûnderdrukking’ troch grutte boeren en feanbazen. Yn de súdeasthoeke fan de provinsje lizze de woartels fan de organisearre arbeidersbeweging yn Nederlân; de feanarbeiders dêre organisearren stakings, it saneamde ‘bollejeien’. Letter rjochten lânarbeiders op It Bilt harren eigen bûn op: Broedertrouw.

Us ferlosser
Yn dat klimaat fan earmoede en fan opkommend ferset dêrtsjin stapten nei 1880 yn Fryslân twa tige links-oriïntearre polityk lieders nei foaren: Ferdinand Domela Nieuwenhuis en Piter Jelles Troelstra. Beide waarden troch in opfallend garisma karakterisearre. Nieuwenhuis kaam út in links-religieuze tradysje en dat wie oan syn liederskip goed te fernimmen. Hy hie de trekken fan in Jezus, in ferlosser en krusige tagelyk. Net om ’e nocht neamden de arbeiders foar wa’t er it opnaam him ‘ús ferlosser’. Troelstra syn eftergrûn wie earder syn romantysk dichterskip en de identifikaasje mei it Fryske folk. Hy wie mear sosjabel en boargerlik as Domela. Beide politisy begûnen harren wurk yn Fryslân en beide soene hja letter har wurk ferpleatse nei it nasjonaal poadium.

Fiif K's
Domela Nieuwenhuis (1846-1919) waard yn de jierren nei 1880 de grutte, sosjalistyske foarman fan de folksbeweging dy’t yn Fryslân tsjin de hearskjende earmoede agearre. Oarspronklik wie er luthersk predikant, mar yn 1879 wie er ateïst wurden. Allegeduerigen hammere Domela yn publikaasjes en redes op de winsklikens fan algemien kiesrjocht en sosjale wetjouwing. Yn syn redes yn en bûten it parlemint sette er him fûleindich ôf tsjin de fiif K’s: Kapitaal, Kening, Kazerne, Kroech en ‘Kerk’. Yn it earstoan leaude Domela noch dat der binnen it besteande polityk bestel in oplossing foar it probleem fan de earmoede fûn wurde koe; by einsluten waard er anargist en preke er de revolúsje. Yn 1887 siet Domela fanwegen misledigjen fan kening Willem III in finzenisstraf út, mar yn it jier dêrnei waard er mei stipe fan antyliberale kristlike kiezers yn de Twadde Keamer keazen.

Lanlike partij
Nuver genôch wie ek de wichtichste tsjinstanner fan Domela binnen de sosjalistyske beweging in Fries, nammentlik de dichter en advokaat Piter Jelles Troelstra (1860-1930). Troelstra, dy’t út in Ljouwerter liberaal boargerlik fermidden kaam, keas yn 1890 foar it sosjalisme. Hy begûn foar it gerjocht sosjalistyske arbeiders en boeren te ferdigenjen. Dat, en syn oansteklike, opswypkjende redes makken dat syn populariteit en ynfloed binnen de sosjalistyske beweging fluch grutter waarden. Yn 1894 rjochte Troelstra de SDAP (Sosjaal-Demokratyske Arbeiders Partij) op, in lanlike partij dy’t trochsette woe mei it sykjen nei oplossings binnen it parlemintêr bestel.

Tsjinwurking en sukses
No rekke de sosjalistyske beweging yn in spjalt tusken ‘parlemintêren’ en ‘revolúsjonêren’, tusken Troelstra en Domela. Hoe djip oft dat gie, die yn 1896 bliken by de romrofte Hogerhuis-rjochtsaak. Sûnder goede reden wiene trije bruorren Hogerhuis feroardiele, in oerdúdlik gefal fan klassejustysje. Mar mei’t er tsjinwurke waard troch de oanhing fan Domela, slagge it Troelstra net om de bruorren frij te krijen. Ynearsten groeide Troelstra syn SDAP net hurd. It Fryske gewest wie in skoft de grutste fan alle Nederlânske ôfdielings. Troch binnen- en bûtenparlemintêre aksjes koe Troelstra, dy’t yn 1897 Keamerlid waard, in soad omtinken krije foar sosjale wetjouwing en algemien kiesrjocht.

De Kanon op Tsjek!

Besjoch ek de langere kanonklips mei Freerk Smink op

Tsjek tv fan Omrop Fryslân .

EnToen.nu Kinderarbeid

Dit finster slút oan by "Verzet tegen kinderarbeid" fan EnToen.nu

Gewoan gek op skiednis

'Gewoan gek op skiednis' is skreaun foar bern fan 9-12 jier dy't gewoan gek binne op skiednis! It boek kostet 14,95 en kin hjir besteld en foar in part besjoen wurde.

 

Aanvullend materiaal over venster 24

fertakkings

Primêr Underwiis:
Bernearbeid; Libbensomstannichheden njoggentjinde ieu; Ferbettering lager ûnderwiis; Enerzjy; Afke’s Tsiental.

Fuortset Underwiis:
Ferfeaningen en de feroarings yn it lânskip; Ynfrastruktuer; Fryslân achttjinde en njoggentjinde ieu; Opkomst arbeidersbeweging; Feanstakings; Untstean politike partijen; Sjoukje Bokma - de Boer.

lesmetoades

Primêr Underwiis:
De Brandaan: groep 6, Tijd van burgers en stoommachines;
De Trek: groep 6, Eeuw van de uitvindingen;
De Trek: groep 8, De grote revoluties.

Fuortset Underwiis:
Indigo VMBO kgt: deel 2, 3.2 Koningen op de achtergrond;
Indigo Havo/VWO: deel 2, 5.3 Arbeiders aan de macht;
Sprekend verleden Havo/VWO: deel 2, 3.7;
Memo Havo/VWO: deel 2, 3.5 Domela en Piter Jelles;
Memo Havo/VWO: deel 2, 5.3 Arbeiders voor gelijke rechten;
Sporen Havo/VWO: deel 2, 6.3 Oplossingen voor de sociale kwestie;
Sfinx Havo/VWO: deel 3, 2.8 Communisme in Nederland.

lessuggestjes

BU: Meitsje ien fan de opdrachten út de kaartebak fan 11en30.
FU: Behannelje haadstik 24 út de lesserige Alve-en-Tritich. Finsters op de Fryske skiednis, diel 2.

musea (der op út)

Ferdinand Domela Nieuwenhuis Museum - It Hearrenfean;
Tresoar (Troelstra-collectie) - Ljouwert;
Openlucht Laagveenderij Museum It Damshûs - Nij Beets;
Museum Opsterlân - De Gordyk;
Spitkeet - De Harkema.

fideo's

Domela en Piter Jelles, langere ôflevering 11en30 (ôflevering 12, diel 2, Tsjek tv, Omrop Fryslân);
Biografy oer Piter Jelles Troelstra
(Omrop Fryslân);
De geest van Domela (Omrop Fryslân);
De Internationale (YouTube);
De democratie (Schooltv).

literatuer

Honderd jaar sociaal-democratie in Nederland (Brinkman, 1994);
Socialisme in Friesland 1880-1900 (Frieswijk, 1977);
Om een beter leven (Frieswijk, 1989);
Een geschiedenis van verloren illusies (Geurtsen, 1994);
Politicus uit hartstocht: biografie van Pieter Jelles Troelstra (Hagen, 2010);
Opstand in de turf (Kerst Huisman,1981);
Domela, een hemel op aarde (Meyers, De Arbeiderspers);
De oare helte (Steenmeijer-Wielenga, 2010);
Ferdinand Domela Nieuwenhuis (Stutje, 2012);
Pieter Jelles Troelstra (Terpstra, 1985);
Het sociaal-democratisch programma (Tromp, 2002);
Vereniging "Ons gebouw" (Van Der Veen, 2005);
Ferdinand Domela Nieuwenhuis en zijn betekenis voor de veenarbeid (Vondeling, 1999).