Wurkstaking in tiden fan besetting
Op 30 april 1943 bruts der yn Fryslân in wurkstaking út. It wie in reaksje op de oankundiging fan de Dútsers dat de Nederlânske militêren dy’t yn maaie 1940 nei de kriichshannelings nei hûs mochten, op ’e nij finzen naam wurde soene. Net earder diene der safolle lju mei oan in staking. Boeren, dy’t normaalwei tsjinnichheid yn staken hiene, wiene der massaal by. Hja leveren gjin molke mear oan de fabriken, mar smieten dy leaver yn de sleat. Dêrom hat dy staking, dy’t oars ek yn oare parten fan Nederlân útbruts, yn Fryslân de namme Molkstaking krigen. De Dútske besetter makket der op wrede wize in ein oan. It stânrjocht waard ynfierd en wa’t der noch trochgie mei staken, waard deasketten. Op 3 maaie wie it dien mei de staking. It wrede deltwingen fan de Molkstaking beävensearre in omkear yn Fryslân.
55 miljoen deaden
Doe’t de Dútsers yn maaie 1940 Fryslân besetten, liet de befolking dat fierhinne gewurde. Soldaten holden in pear dagen hoek yn de Wûnsstelling en op de Ofslútdyk, mar doe’t it Nederlânske leger kapitulearre, wie it ferset brutsen. De Twadde Wrâldoarloch, dy’t op 3 septimber 1939 begûn, hat, rekkene neffens morele en minsklike mjitstêven, útsûnderlik west. Oan de eine fan de oarloch waard it folsleine tal deaden rûsd op 55 miljoen. Fierwei de measten dêrfan wiene boargers. Nederlân ferlear sawat 200.000 minsken en dêrûnder wiene sawat 120.000 joaden. Befolkingsgroepen dy’t swier troffen waarden, wiene benammen de joaden, mar ek sigeuners, homoseksuelen en ferstanlik handikapten. Ek in protte Russen en Poalen ferlearen har libben. Yn de konsintraasjekampen ‘ferneatigen’ de nazys miljoenen minsken. Ek de Dútske ferliezen wiene swier.
Libben gie troch
Yn Nederlân wie it nei de kapitulaasje yn maaie 1940 yn it earstoan wer rêstich wurden. Dat hie dermei te krijen dat de Dútsers yn earste ynstânsje net mei in soad geweld fanwegenkamen. Boppedat wie der, bygelyks op de fleanbasis Ljouwert, ynienen wurk, en dat wie nei de krisisjierren mei har wurkleazens hiel wat wurdich. Politike partijen waarden ferbean, der waard sensuer ynsteld op kranten en radio, itensguod kaam op de bon en der waard in jûnsklok ynsteld. De grutte massa fan de befolking joech him lykwols del ûnder dy maatregels. Der wiene wol in pear fersetsgroepen (fan oanhingers fan it keningshûs en fan kommunisten), mar de besetter spoarde dy op en stjoerde de leden nei in konsintraasjekamp. Oer it generaal gie it deistich libben yn de earste beide oarlochsjierren yn Fryslân lykwols sa bot mooglik troch.
Fersetsbeweging
Dat feroare yn de maitiid fan 1943. De lytse fersetsgroepen krigen doe ynienen folle mear stipe út de befolking wei. joaden en minsken dy’t twongen waarden om yn de Dútske yndustry te wurkjen, koene wat makliker oan in ûnderdûkadres slagje. De fersetsbeweging waard dêrtroch wichtiger. It ferset yn Ljouwert fierde yn 1944 in aksje út dy’t tige ta de ferbylding spruts: de oerfal op de Ljouwerter finzenis. Sûnder dat der mar in skot foel, koe it ferset in grut tal fersetslju befrije dy’t foar de dea opskreaun wiene. De fersetsbeweging spile ek in wichtige rol yn april 1945, doe’t de Kanadeeske befrijers de provinsje ynlutsen.