Georg fan Saksen vs Karel fan Gelre
Dat Grutte Pier net in produkt fan de fantasy is, stiet wol fêst. Feit is dat er boer west hat op Donia-sate ûnder Kimswert. Op 29 jannewaris 1515 waard dy pleats delbaarnd – en tagelyk ek de Kimswerter tsjerke – troch in troep Frjentsjerters. Dat soe it beslissende momint yn Pier syn libben west ha. Fryslân stie op dat stuit ûnder it gesach fan hartoch Georg fan Saksen en de Frjentsjerters hearden ta syn fûlste oanhingers. Der wie lykwols ek in oare hartoch, Karel fan Gelre, dy’t eagen op Fryslân smiet. Dêrby bea lêstneamde himsels oan as befrijer fan it ympopulêre Saksyske bewâld. Yn novimber 1514 die in Geldersk legerke in ynfal by Starum, wêrnei’t yn koarte tiid de hiele Súdwesthoeke yn Gelderske hannen foel. Dat wie it begjin fan in oarloch dy’t njoggen jier oanhâlde soe. Pier waard dus al nei twa moanne slachtoffer fan dy oarloch. Nei de slach dy’t him troffen hie, liet er it boerewurk foar wat it wie.
Arumer Swarte Heap
Mei in hânfol lotgenoaten út Arum, Wytmarsum en syn eigen doarp foarme er in binde, de Arumer Swarte Heap, dy’t wraak nimme woe op ’e Saksers en har helpers. Al gau moatte se de kant fan de Geldersken keazen ha. De Saksyske hartoch hat him yn dizze tiid út Fryslân weromlutsen, nei’t er syn rjochten oan de greve fan Hollân, de takomstige keizer Karel V, ferkocht hie. Sa feroare de striid tsjin de Saksen yn in striid tsjin de Hollanners. Yn dy striid hat Grutte Pier fan him sprekke litten. Hy waard oanfierder fan de saneamde ‘seinschipsluyden’, dy’t mei har seerôvereftige skippen de Hollânske float op ’e Sudersee de iene slach nei de oare tabrochten.
Barbarij en frijheidssin
Efkes like it derop dat de Geldersken en de mei har ferbûne Friezen it winne soene. Doe’t lykwols dúdlik waard dat de Gelderske hartoch op krekt itselde út wie as earst Georg fan Saksen en letter Karel V, nammentlik de hearskippij oer Fryslân, waard syn Fryske oanhing stadichoan wei. Pier liet him yn 1519 noch brûke foar in tocht oer lân nei Emmerik, mar nei it mislearjen dêrfan loek er him teloarsteld út ’e striid werom. In jier letter stoar er yn Snits, doe noch it sintrum fan it Gelderske gesach yn Fryslân.Yn Grutte Pier komme barbarij en frijheidssin gear. By it byld fan him hearre ek syn ûnbidich grut swurd en syn anty-Hollânsk ressintimint. Hoe’t men ek oer him tinke mei, út de Fryske skiednis is er net wei te tinken.