Ken dyn fryske ferline

De Canon van Friesland is een lijst van 41 onderwerpen (vensters) met daarin
de belangrijke gebeurtenissen in de geschiedenis van Friesland. Deze onderwerpen
zijn een hulpmiddel voor het onderwijs in Friesland.

Venster 10

Grutte Pier

Frijheidsheld of barbaar? Om-ende-by 1480-1520

"Miskien wol de meast legindaryske Fries aller tiden is Grutte Pier. Pier Gerlofs Donia, sa’t er eins hjitte, is ien fan de kleurrykste figueren út de skiednis, in man dêr’t stoere ferhalen oer ferteld wurde, mar wêr’t ek in hiel soad krityk op te leverjen falt. Foar de ien is er de Fryske frijheidsheld by útstek, ek al kaam er pas yn aksje doe’t de frijheid al net mear te rêden wie. Foar de oar is er in wrede bindelieder, dy’t elkenien fersûpte dy’t net aksintleas ‘bûter, brea en griene tsiis’ sizze koe. Lang hawwe minsken twivele oft de man mei it grutte swurd wol echt libbe hat, of dat er net gewoan in produkt fan sterke ferhalen wie. Mar yntusken is wol wis dat Grutte Pier echt libbe hat – en ek echt fjochte en moarde hat."

Georg fan Saksen vs Karel fan Gelre
Dat Grutte Pier net in produkt fan de fantasy is, stiet wol fêst. Feit is dat er boer west hat op Donia-sate ûnder Kimswert. Op 29 jannewaris 1515 waard dy pleats delbaarnd – en tagelyk ek de Kimswerter tsjerke – troch in troep Frjentsjerters. Dat soe it beslissende momint yn Pier syn libben west ha. Fryslân stie op dat stuit ûnder it gesach fan hartoch Georg fan Saksen en de Frjentsjerters hearden ta syn fûlste oanhingers. Der wie lykwols ek in oare hartoch, Karel fan Gelre, dy’t eagen op Fryslân smiet. Dêrby bea lêstneamde himsels oan as befrijer fan it ympopulêre Saksyske bewâld. Yn novimber 1514 die in Geldersk legerke in ynfal by Starum, wêrnei’t yn koarte tiid de hiele Súdwesthoeke yn Gelderske hannen foel. Dat wie it begjin fan in oarloch dy’t njoggen jier oanhâlde soe. Pier waard dus al nei twa moanne slachtoffer fan dy oarloch. Nei de slach dy’t him troffen hie, liet er it boerewurk foar wat it wie.

Arumer Swarte Heap
Mei in hânfol lotgenoaten út Arum, Wytmarsum en syn eigen doarp foarme er in binde, de Arumer Swarte Heap, dy’t wraak nimme woe op ’e Saksers en har helpers. Al gau moatte se de kant fan de Geldersken keazen ha. De Saksyske hartoch hat him yn dizze tiid út Fryslân weromlutsen, nei’t er syn rjochten oan de greve fan Hollân, de takomstige keizer Karel V, ferkocht hie. Sa feroare de striid tsjin de Saksen yn in striid tsjin de Hollanners. Yn dy striid hat Grutte Pier fan him sprekke litten. Hy waard oanfierder fan de saneamde ‘seinschipsluyden’, dy’t mei har seerôvereftige skippen de Hollânske float op ’e Sudersee de iene slach nei de oare tabrochten.

Barbarij en frijheidssin
Efkes like it derop dat de Geldersken en de mei har ferbûne Friezen it winne soene. Doe’t lykwols dúdlik waard dat de Gelderske hartoch op krekt itselde út wie as earst Georg fan Saksen en letter Karel V, nammentlik de hearskippij oer Fryslân, waard syn Fryske oanhing stadichoan wei. Pier liet him yn 1519 noch brûke foar in tocht oer lân nei Emmerik, mar nei it mislearjen dêrfan loek er him teloarsteld út ’e striid werom. In jier letter stoar er yn Snits, doe noch it sintrum fan it Gelderske gesach yn Fryslân.Yn Grutte Pier komme barbarij en frijheidssin gear. By it byld fan him hearre ek syn ûnbidich grut swurd en syn anty-Hollânsk ressintimint. Hoe’t men ek oer him tinke mei, út de Fryske skiednis is er net wei te tinken.

Game oer Grutte Pier

De game oer Grutte Pier is lansearre. De game is beskikber foar Windows, Mac OS X en Linux en is hjir te downloaden!

Roman oer Grutte Pier

Fiifhûndert jier nei de dea fan Grutte Pier Gerlofs is der no in roman oer syn libben, syn striid en syn tiid skreaun troch Willem Schoorstra.

Bestelle kin hjir.

De Kanon op Tsjek!

Besjoch ek de langere kanonklips mei Freerk Smink op

Tsjek tv fan Omrop Fryslân .

Filmpje over Grutte Pier

De geschiedenis van Grutte Pier in 9 minuten animatie gecombineerd met video.

Klik hier om het filmpje te bekijken.

Swurd fan Grutte Pier

Kom nei it Fries Museum en besjoch it echte swurd fan Grutte Pier!

EnToen.nu Karel V

Dit finster slút oan by "Karel V: De Nederlanden als bestuurlijke eenheid" fan EnToen.nu.

Gewoan gek op skiednis

'Gewoan gek op skiednis' is skreaun foar bern fan 9-12 jier dy't gewoan gek binne op skiednis! It boek kostet 14,95 en kin hjir besteld en foar in part besjoen wurde.

 

Aanvullend materiaal over venster 10

fertakkings

Basis Underwiis:
Kaapfeart op 'e Sudersee; Ferskillende lannen yn it 'Nederlânsk' ferbân: Gelre, Saksen, Hollanners, Fryslân; Sêge fan de ploech.

Fuortset Underwiis:
Frijheidsoarloch mei help fan bûtenlân; Oarlochsmisdieden; Rol stêden (Frjentsjer) doe.

lesmetoades

Basis Underwiis:
De Brandaan: groep 7, Tijd van ontdekkers en hervormer;
De Trek: groep 7, Ontdekkers en hervormers.

Fuortset Underwiis:
Sporen Havo/VWO: deel 1, 4.6 Ridderverhalen.

lessuggestjes

BU: Meitsje ien fan de opdrachten út de kaartebak fan 11en30.
BU: Haadstik 10 út Lesmateriaal by de Fryske skiednis yn 11en30 finsters. (Cedin)
FU: Behannelje haadstik 10 út de lesserige Alve-en-Tritich. Finsters op de Fryske skiednis, diel 1.

musea (der op út)

Fries Museum - Ljouwert;
Kimswert.

fideo's

Grutte Pier, lange ôflevering 11en30 (ôflevering 5, diel 2, Omrop Fryslân, Tsjek)
Kimswert betinkt Grutte Pier mei teaterstik De Brân (YouTube, Omrop Fryslân)
Grutte Pier, animaasje (YouTube)
Slot Middelburg (NCRV);
Cross of the Dutchman Game (GPTV).

literatuer

Pier. De profesij fan bline Simen (Schoorstra, 2015);
Grutte Pier - Krús fan de Hollanner (Grypstra, 2012);
Penjumer Halsbân (Huisman & Joustra, 1994).
Negen eeuwen Friesland-Holland (Breuker & Janse, 1997);
Grote Pier van Kimswerd (Kalma, 1970);

websites