Ken dyn fryske ferline

De Canon van Friesland is een lijst van 41 onderwerpen (vensters) met daarin
de belangrijke gebeurtenissen in de geschiedenis van Friesland. Deze onderwerpen
zijn een hulpmiddel voor het onderwijs in Friesland.

Venster 29

Douwe Kalma

Fryslân en de wrâld 1896-1953

"Dat der noch altyd safolle Frysk praat en skreaun wurdt, is foar in belangryk part te tankjen oan Douwe Kalma. Der is hast gjinien dy’t safolle wurk dien hat om it Frysk foar de moderne tiid te behâlden. Hy rjochte syn eigen Fryske klup op: de Jong Fryske Mienskip, skreau gedichten en toanielstikken, stichte ferskillende Fryske tiidskriften en organisearre allegear byienkomsten en oare aktiviteiten om it Frysk ûnder de oandacht te bringen en om der in kreaze taal fan te meitsjen om boeken en gedichten yn te skriuwen."

Wûnderbern
Douwe Kalma (1896-1953) wie in ierryp wûnderbern dat op syn achttjinde al helder foar it ferstân hie hoe’t Fryslân him posysjonearje moatte soe op it wrâldtoaniel. Hy wie in garismatyske boeresoan út Boksum, dy’t der alles foar oer hie om syn program ek werklik út te fieren. Kalma stribbe nei in ientalich Frysk Fryslân binnen Europa en wa’t begripe wol wêrom’t Fryslân syn kultuer sa bot ôfhinklik makke hat fan de eigen taal – it Frysk –, dy kin net om him hinne.

Frysk Selskip
Yn de earste helte fan de njoggentjinde ieu ûntstie der yn Fryslân in nasjonalistyske Fryske beweging, dy’t him benammen rjochte op it brûken fan de eigen taal, it Frysk. Ynearsten naam de hegere boargerij it inisjatyf. Yn de twadde helte fan de njoggentjinde ieu wiene it de sjoernalisten, ûnderwizers en ambachtslju út de lytse boargerij dy’t de fakkel oernamen. Hja organisearren har yn it Frysk Selskip (1844). Foar harren wie literatuer it middel by útstek om it Frysk te konservearjen. Tagelyk brûkten hja lykwols harren wurk om de gewoane Friezen – it ‘folk’ – allerhanne maatskiplike en algemien-boargerlike deugden by te bringen: iverigens, soberens, dissipline. Harren literatuer wurdt dan ek wol as ‘folksskriuwerij’ oantsjut.

Liederskip
Tsjin dy stream sette Kalma him ôf. Hy brocht nij libben yn de doedestiids ferkalke Fryske beweging en die dat op ferskate wizen. Yn it foarste plak troch oare literêre idealen út te dragen. Ynspirearre troch ûnder oaren de Tachtigers begûn er mei it skriuwen fan gedichten dêr’t er syn eigen gefoelslibben yn ta utering brocht. Syn favorite foarm wie dêrby it klassyk sonnet. Dy persoanlike oanpak ymplisearre ek in oare foarm fan liederskip. Kalma wie gjin lytsboargerlike sedemaster, mar earder in eksaltearre ynspirearjend idoal. Yn in sucht koe er, yn de troch him oprjochte Jongfryske Mienskip (1915), grutte kloften jongelju oan him bine. De Fryske beweging waard sadwaande, folslein yn oerienstimming mei de groei fan jongereinkultuer op oare plakken yn Europa, ta in jongereinbeweging dêr’t ek foar famkes en froulju in plak yn weilein wie.

Fryslân en de wrâld
Karakterisearjend foar de Jongfriezen wie harren mear ynternasjonale oriïntaasje. Under it biedwurd ‘Fryslân en de wrâld’ presintearre Kalma Fryslân – oars net mei in soad sukses – as part fan in Noardseekultuer. Fryslân soe in brêgefunksje ha moatte tusken de besibbe Ingelske en de Skandinavyske kultueren. Op de simmerkampen, dy’t alle jierren op in waadeilân organisearre waarden – ek al sa’n nij fenomeen – liezen de Jongfriezen allerhanne heechsteande ynternasjonale literatuer. Dêr spilen hja ek toanielstikken dy’t Kalma skreaun hie – gauris keningsdrama’s – en songen lieten dy’t spesjaal foar de gelegenheid skreaun wiene.

List fan inisjativen
Kalma, dy’t frijwat maklik spul krige, wie better yn it betinken fan plannen as yn it trochsetten en foltôgjen derfan. Likegoed is de list fan inisjativen dy’t hy en syn Jongfryske Mienskip lansearren lang. Sa wie er de earste dy’t in serieus Frysktalich literêr tydskrift opsette: Frisia (1917). As mei-oprjochter fan de hjoed noch altiten besteande Afûk (Algemiene Fryske Underrjocht Kommisje) en as skriuwer fan boeken en tydskriften oer taalbefoardering en taalsuveringsboekjes holp er om de Fryske skriuwtaal fierder út te bouwen. Hy sette him yn foar it brûken fan it Frysk yn it leger en heger ûnderwiis, skreau de earste Frysktalige dissertaasje (1938), sette hiele Shakespeare oer yn it Frysk en skreau de earste Fryske literatuerskiednis dy’t wat omfang hie. Al dy inisjativen, dy’t troch oaren fierder droegen waarden, ha bliken dien foar de ynstitúsjonalisearring en dêrfandinne foar it sukses fan de Fryske taal tige wichtich te wêzen.

Fryske Folkspartij
Foar al dy ynspannings oer, en ek derefter, stiet dat de idele Kalma út polityk perspektyf wei in swalker en in rûzjemakker wie. Syn anty-hollânske sentiminten waarden troch mannichien oernaam en joegen sa in rjochting oan de Fryske beweging dy’t him yn de oarloch wreekte. Sels sleat Kalma him yn it ynterbellum oan by hieltiten wer oare partijen, om lang om let, yn de simmer fan 1940, út te kommen by de faksistyske Fryske Folkspartij. Nei de oarloch waard er as kollaborateur suvere.

De Kanon op Tsjek!

Besjoch ek de langere kanonklips mei Freerk Smink op

Tsjek tv fan Omrop Fryslân .

Gewoan gek op skiednis

'Gewoan gek op skiednis' is skreaun foar bern fan 9-12 jier dy't gewoan gek binne op skiednis! It boek kostet 14,95 en kin hjir besteld en foar in part besjoen wurde.

 

Aanvullend materiaal over venster 29

fertakkings

Primêr Underwiis:
Belang fan de Fryske taal/kultuer; De dichter Obe Postma.

Fuortset Underwiis:
De Jongfryske Mienskip; Nasjonaal socialisme, nasjonalisme en kollaboraasje yn Fryslân.

musea (der op út)

Afûk - Ljouwert; Tresoar - Ljouwert.

literatuer

De jonge fan de Marsheide (Baersma et al., 1990); Geschiedschrijving als wapen in ‘de Fries-nationale strijd’ (Frieswijk, 1994); Douwe Kalma, (1896-1953) (Krol et al., 1996); Trije Jongfriezen (Krol, 1996); Jou my dyn leafde en freegje net nei mear (Oostra, 2001); Fryslân en de wrâld (Stobbe, 2005); De Friese beweging in het tijdvakder beide wereldoorlogen (Zondergeld,1978).