Frijetiidssônes
Wa hat net ris in dei nei ien fan de Fryske eilannen west? Flylân, Skylge, It Amelân en Skiermuontseach. Om dêr út te waaien, fan de natuer te genietsjen, te sinnebaaien, te sporten of om op in reinige dei in besite oan in doarpsmuseum te bringen. De eilannen binne frijetiidssônes, dy’t harren fuortbestean oan it toerisme te tankjen ha. De eilannen, by útstek, litte sjen hoe’t ek Fryslân as gehiel sûnt de Twadde Wrâldoarloch hieltiten mear ôfhinklik wurden is fan de toerist: de massa-, de kultuer- en de natuertoerist.
Isolearre mienskippen
Mar toerisme is in betreklik nij ferskynsel. De skiednis fan de fjouwer Fryske eilannen begûn hiel oars. De lju dy’t der wennen libben oant koartlyn fan lânbou, seefeart en walfiskerij. Fan Skylge kaam ien fan de bekendste seefarders fan Nederlân: Willem Barentsz. Nettsjinsteande de foarspoed dy’t hja mei tank oan de bloei fan de Hollânske en Fryske skipfeart yn de santjinde en achttjinde ieu meimakken, wiene de eilânbefolkings frijwat isolearre mienskippen. Soks docht bygelyks bliken út de eilanner dialekten; hja binne in gearmjuksel fan Frysk en Nederlânsk. Ek ûntjoegen har – lykas yn Hylpen – eigen fariaasjes op de materiële kultuer sa’t dy by de hiele Nederlânske, Dútske en Deenske Noardseekust oantroffen wurdt. Elts eilân hat syn eigen dracht en syn eigen ynterieurs.
Kultuertoeristen
It oantreklike fan it Waad lei him foar in part yn dy eigenens. Dat die bliken doe’t om 1800 hinne yn West-Europa de âlde eangst foar de see ôflein waard en yn stee fan de ôfgryslikens it moaie fan de kust ûntdutsen waard. Fryske bewegers lykas de predikanten Joast Halbertsma en Rinse Posthumus giene no nei de waadeilannen. Hja ûntdutsen dêr de yn har eagen âlde resten fan in Fryske kultuer, dy’t op de fêstewâl neffens harren al lang lyn ferdwûn wêze soe. Efternei kinne wy harren wol beskôgje as de earste toeristen – kultuertoeristen.
Wytsnútsjes
Yn de twadde helte fan de njoggentjinde ieu waard de oantreklikens fan de eilannen fergrutte troch de opfetting dy’t doe algemien opgong makke, dat seelucht tige sûn wie. Der waarden fakânsjekoloanjes stifte. Op Skiermuontseach en letter op Flylân, dat oars pas nei de Twadde Wrâldoarloch by Fryslân kaam, bouden foarútstribjende Ljouwerter dokters yn 1886 bygelyks in Gezondheidskolonie, dêr’t stedske wytsnútsjes wer op krêften komme koene. Ek de dichter Slauerhoff – hy hie minne longen – kaam dêrom as Ljouwerter jonge gauris op Flylân te útfanhûzjen; it eilân soe foar him in leafde foar it libben wurde.
Lytse groep
It toerisme wie yn de perioade oant de Twadde Wrâldoarloch allinne foarbehâlden oan in lytse groep minsken dy’t genôch frije tiid en/of jild hiene. Hja bouden gauris har eigen pittoreske fakânsjehúskes. Ek keunstners en skriuwers kamen graach op de eilannen. Sa hold de Jongfryske Mienskip ûnder lieding fan Douwe Kalma yn de tweintiger jierren alle jierren in simmerkamp op It Amelân en Skylge, en kamen der in protte skilders nei Flylân.
Massatoerisme
It echte massatoerisme ûntstie pas nei de Twadde Wrâldoarloch. Yn de wolfeartssteat dy’t doe ûntstien wie, krige de Nederlânske befolking mear frije tiid en ek fêste fakânsjes. Foar de Friezen waarden de eilannen doe in goedkeape en maklike fakânsjebestimming. Der kamen lykwols ek massaal Dútsers út it yndustriële Ruhrgebiet nei de Nederlânske waadkust. Benammen de brede strannen by de Noardsee lâns luts harren.
Utwreidzjen foarsjennings
Sûnt dy tiid kin praat wurde fan in trochgeande ûntjouwing, fan groei en fan útwreidzjen fan toeristyske foarsjennings. Ek al giet troch de tanommen wolfeart de massatoerist fan hjoed leaver nei de Costa del Sol of de Carribean, likegoed groeiden ek de fakânsjekoloanjes fan it Waad fan de ein fan de tweintichste ieu út oant hieltiten gruttere rekreaasjeparken. Ien fan de redenen leit yn it op ’e nij wurdearjen fan de natuerlike wearde fan it Waad sûnt de santiger jierren. It is it grutste tijgebiet fan de wrâld en dat witte fûgels likegoed as minsken. Tsjintwurdich komme der dan ek hieltiten mear natuertoeristen nei it Waad. De kultuerleafhawwers (ûnder harren) kinne simmerdeis genietsje fan grutte eveneminten lykas it Skylger Oerolfestival.