Ken dyn fryske ferline

De Canon van Friesland is een lijst van 41 onderwerpen (vensters) met daarin
de belangrijke gebeurtenissen in de geschiedenis van Friesland. Deze onderwerpen
zijn een hulpmiddel voor het onderwijs in Friesland.

Venster 37

Toerisme op it Waad

Utwaaie op in eilân 1800-no

"Der sille net folle Nederlanners wêze dy’t noch noait in fakânsje op de Waadeilannen fierd hawwe. Flylân, Skylge, It Amelân en Skiermûntseach binne gebieten dêr’t it faak optilt fan de toeristen. Yn de simmerfakânsje binne der sels folle mear toeristen as ynwenners. Hast al dizze ynwenners fertsjinje har brea mei it toerisme. Dat is noch net hiel lang sa. De skiednis fan alle fjouwer Fryske Waadeilannen begûn hiel oars. De minsken libben fan lânbou, seefiskerij en de walfiskjacht. Fan Skylge kaam sels de wrâldferneamde walfiksjager Willem Barentsz. Fan de lânbou, fiskerij, de jacht en no it toerisme ha de eilanners altyd goed libje kind. Mar se wennen fansels wol altyd op in eilân, op harsels. Sa koe elk eilân syn eigen taal en syn eigen spesifike kenmerken ûntwikkelje, mei eigen klederdracht en eigen meubels."

Frijetiidssônes
Wa hat net ris in dei nei ien fan de Fryske eilannen west? Flylân, Skylge, It Amelân en Skiermuontseach. Om dêr út te waaien, fan de natuer te genietsjen, te sinnebaaien, te sporten of om op in reinige dei in besite oan in doarpsmuseum te bringen. De eilannen binne frijetiidssônes, dy’t harren fuortbestean oan it toerisme te tankjen ha. De eilannen, by útstek, litte sjen hoe’t ek Fryslân as gehiel sûnt de Twadde Wrâldoarloch hieltiten mear ôfhinklik wurden is fan de toerist: de massa-, de kultuer- en de natuertoerist.

Isolearre mienskippen
Mar toerisme is in betreklik nij ferskynsel. De skiednis fan de fjouwer Fryske eilannen begûn hiel oars. De lju dy’t der wennen libben oant koartlyn fan lânbou, seefeart en walfiskerij. Fan Skylge kaam ien fan de bekendste seefarders fan Nederlân: Willem Barentsz. Nettsjinsteande de foarspoed dy’t hja mei tank oan de bloei fan de Hollânske en Fryske skipfeart yn de santjinde en achttjinde ieu meimakken, wiene de eilânbefolkings frijwat isolearre mienskippen. Soks docht bygelyks bliken út de eilanner dialekten; hja binne in gearmjuksel fan Frysk en Nederlânsk. Ek ûntjoegen har – lykas yn Hylpen – eigen fariaasjes op de materiële kultuer sa’t dy by de hiele Nederlânske, Dútske en Deenske Noardseekust oantroffen wurdt. Elts eilân hat syn eigen dracht en syn eigen ynterieurs.

Kultuertoeristen
It oantreklike fan it Waad lei him foar in part yn dy eigenens. Dat die bliken doe’t om 1800 hinne yn West-Europa de âlde eangst foar de see ôflein waard en yn stee fan de ôfgryslikens it moaie fan de kust ûntdutsen waard. Fryske bewegers lykas de predikanten Joast Halbertsma en Rinse Posthumus giene no nei de waadeilannen. Hja ûntdutsen dêr de yn har eagen âlde resten fan in Fryske kultuer, dy’t op de fêstewâl neffens harren al lang lyn ferdwûn wêze soe. Efternei kinne wy harren wol beskôgje as de earste toeristen – kultuertoeristen.

Wytsnútsjes
Yn de twadde helte fan de njoggentjinde ieu waard de oantreklikens fan de eilannen fergrutte troch de opfetting dy’t doe algemien opgong makke, dat seelucht tige sûn wie. Der waarden fakânsjekoloanjes stifte. Op Skiermuontseach en letter op Flylân, dat oars pas nei de Twadde Wrâldoarloch by Fryslân kaam, bouden foarútstribjende Ljouwerter dokters yn 1886 bygelyks in Gezondheidskolonie, dêr’t stedske wytsnútsjes wer op krêften komme koene. Ek de dichter Slauerhoff – hy hie minne longen – kaam dêrom as Ljouwerter jonge gauris op Flylân te útfanhûzjen; it eilân soe foar him in leafde foar it libben wurde.

Lytse groep
It toerisme wie yn de perioade oant de Twadde Wrâldoarloch allinne foarbehâlden oan in lytse groep minsken dy’t genôch frije tiid en/of jild hiene. Hja bouden gauris har eigen pittoreske fakânsjehúskes. Ek keunstners en skriuwers kamen graach op de eilannen. Sa hold de Jongfryske Mienskip ûnder lieding fan Douwe Kalma yn de tweintiger jierren alle jierren in simmerkamp op It Amelân en Skylge, en kamen der in protte skilders nei Flylân.

Massatoerisme
It echte massatoerisme ûntstie pas nei de Twadde Wrâldoarloch. Yn de wolfeartssteat dy’t doe ûntstien wie, krige de Nederlânske befolking mear frije tiid en ek fêste fakânsjes. Foar de Friezen waarden de eilannen doe in goedkeape en maklike fakânsjebestimming. Der kamen lykwols ek massaal Dútsers út it yndustriële Ruhrgebiet nei de Nederlânske waadkust. Benammen de brede strannen by de Noardsee lâns luts harren.

Utwreidzjen foarsjennings
Sûnt dy tiid kin praat wurde fan in trochgeande ûntjouwing, fan groei en fan útwreidzjen fan toeristyske foarsjennings. Ek al giet troch de tanommen wolfeart de massatoerist fan hjoed leaver nei de Costa del Sol of de Carribean, likegoed groeiden ek de fakânsjekoloanjes fan it Waad fan de ein fan de tweintichste ieu út oant hieltiten gruttere rekreaasjeparken. Ien fan de redenen leit yn it op ’e nij wurdearjen fan de natuerlike wearde fan it Waad sûnt de santiger jierren. It is it grutste tijgebiet fan de wrâld en dat witte fûgels likegoed as minsken. Tsjintwurdich komme der dan ek hieltiten mear natuertoeristen nei it Waad. De kultuerleafhawwers (ûnder harren) kinne simmerdeis genietsje fan grutte eveneminten lykas it Skylger Oerolfestival.

De Kanon op Tsjek!

Besjoch ek de langere kanonklips mei Freerk Smink op

Tsjek tv fan Omrop Fryslân .

Gewoan gek op skiednis

'Gewoan gek op skiednis' is skreaun foar bern fan 9-12 jier dy't gewoan gek binne op skiednis! It boek kostet 14,95 en kin hjir besteld en foar in part besjoen wurde.

 

Skiednisklip Toerisme op it Waad

Bern fan OBS De Tsjelke hawwe in skiednisklip makke oer Toerisme op it Waad. In moaie manier om mear fan de Kanon te witten te kommen!

Aanvullend materiaal over venster 37

fertakkings

Primêr Underwiis:
Walviskfeart; Toerisme; De Fryske marren/wettersport; Untstean fan Nederlân fysysk.

Fuortset Underwiis:
Strategyske betsjutting fan de Waadeilannen; Isolearre kultueren en tradysjes; Wurkferskaffing: Longway; Kultuer en lânskip: lokaasjekeunt; It Waad wrâlderfguod? Waadferiening.

lessuggestjes

Digitaal lesmateriaal fan de Waddenzeeschool
(foar ûnder- en boppebou fan basis- en fuortset ûnderwiis)

BU: Meitsje ien fan de opdrachten út de kaartebak fan 11en30.
FU: Behannelje haadstik 37 út de lesserige Alve-en-Tritich. Finsters op de Fryske skiednis, diel 3.

musea (der op út)

Ekskurzjes Staatsbosbeheer;
Ferskate Musea - Amelân;
Museum 't Behouden Huys - Skylge;
Museum Tromp's Huys - Flielân;
Natuurmuseum - Skiermûntseach;
It Fiskershúske - Paesens Moddergat.

fideo's

Filmkes oer de Waadsee (School tv);
Filmkes oer toerisme (School tv);
Wadblik (YouTube, Fries Filmarchief);
Hollandse Wereldwonderen (NTR).

literatuer

It geheim fan de see (Tjerkstra, 2004)
Waddenzee-Werelderfgoed (Abrahamse e.a., 2012)
De Kapitein (Blijdorp-Jonker, 2012)
De Wadden - Een geschiedenis (Deen, 2013)
Nacht op it eilân (Schotanus & De Vries, 2002);
Donald Duck op de Wadden (Sanoma, 2013);
Jan Abrahamse e.a., Wadden (Baarn, 2005);
Dré van Marrewijk, Waddenland (Ljouwert, 2001);
Jan van de Kam, Ecologische atlas van de Nederlandse wadvogels (Haarlem, 1999);
Arthus Oosterbaan, Wadgids (Texel, 2002);
De Convexe Kustboog (1999-2000) (Schoorl, 1999);