Geheimsinnig en anonym
De Fryske literatuer krijt bûten Fryslân net in soad belangstelling. Mar in lyts persintaazje Fryske literêre wurken is yn it Nederlânsk oerset en oersettings yn ien fan de oare moderne talen binne noch helte seldsumer. Oars leit it mei wat dochs wol it nuverste produkt fan de njoggentjinde-ieuske Fryske literatuer is: it Oera Linda-boek. Krekt dat geheimsinnige, anonym publisearre boek is it slagge om oant yn de fierste hoeken en hernen fan de wrâld troch te kringen. Sûnt de earste útjefte yn 1872 is it yn de rin fan de tiid yn allerhanne oersettings (û.o. Frânsk, Dútsk, Ingelsk, Spaansk, Italjaansk) yn printe of digitale foarm publisearre. It aparte is lykwols dat it boek net besprutsen en wurdearre wurdt as literatuer en as fiksje, mar as in histoarysk en religieus wurk. It boek wol ha dat der al yn 2000 foar Kristus in matriargale Fryske beskaving wie, dy’t frijheid heech yn it findel hie. Oan dy beskaving, dy’t yntusken teloargien wêze soe, soe alle oare, blanke Europeeske kultuer ûntspruten wêze.
In ekspirimenteel boek
It Oera Linda-boek waard, sa lit it lêste ûndersyk sjen, nei alle gedachten skreaun troch François HaverSchmidt alias Piet Paaltjens, dûmny en skriuwer fan de bekende Snikken en Grimlachjes (1867). HaverSchmidt, predikant fan de moderne, frijsinnige rjochting, hie it ûngelok dat er yn 1859 telâne kaam yn de rjochtsinnige gemeente Foudgum (boppe Dokkum). Hy koe min mei syn gemeenteleden, dy’t krampeftich oan in letterlike, fûnemintalistyske lêzing fan de bibel fêstholden. Ut in mingsel fan literêre ambysje, iensumens en frustraasje besleat er om in eksperiminteel boek te skriuwen dat er anonym ûnder it publyk bringe woe, in gearmjuksel fan religieuze allegory en in histoaryske kronyk. As de lêzers, sa wie syn doel, nei lang sykjen en diskusjearjen it geheimsinnige boek as ‘ûnecht’ ûntmaskere hiene, dan soe er de ortodokse fûnemintalisten der yn it iepenbier op wize kinne dat it mei de Bibel net oars wie. Ek dy moast net letterlik naam wurde.
Cornelis over de Linden
Om syn lêzers yn de mist te fieren en harren oandacht fêst te hâlden, klaaide HaverSchmidt it sa yn dat it boek liek op in oerâld Frysk geskrift. Hy betocht in eigen runeskrift, in eigen Aldfrysk-eftich taaltsje en parodiearre hiel ynventyf en mei humor ek allerhanne eleminten út midsieuske fantastyske Fryske kroniken, dy’t yn de njoggentjinde ieu tige populêr wiene ûnder nasjonalistyske Friezen. Doe’t HaverSchmidt yn syn twadde gemeente Den Helder yn de kunde kaam wie mei de skipstimmerman Cornelis over de Linden, in frijtinker dy’t smûgde oer syn Frysk komôf, besleat er om mei dy syn lykfinen it boek de foarm te jaan fan in kronyk fan dy famylje, dy’t op syn Aldfrysk ‘Oera Linda’ doopt waard. Ek beluts er no syn hertsfreon, de taalkundige Eelco Verwijs, yn it komplot.
Kultstatus
It rûn folslein oars as de trije mannen ea ferwachtsje kind hiene. Nota bene troch ien fan HaverSchmidt syn leararen op it gymnasium waard it boek as echt bestimpele. Tsjin alles en elts yn ferdigene dy dr. J.G. Ottema dy echtens. De auteurs besleaten om der no fierder mar oer te swijen en it gefolch dêrfan wie wer dat der oan hjoed de dei ta, ek nei oanlieding fan it meast resinte ûndersyk, somtiden fûle diskusjes ûntstean koene oer de fraach oft it boek echt of ûnecht is, en ek oer de identiteit fan de auteur fan it boek. Is HaverSchmidt wol de skriuwer? Is it boek faaks dochs echt? Sa stie de ‘leauwende’ Ottema oan it begjin fan in Oera Linda-kultus dy’t yn de tritiger jierren yn nazy-Dútslân opkaam en dy’t tsjintwurdich yn de wrâldomfiemjende New Age-beweging oanhingers hat. Wat de literêre triomf fan in jong eksperiminteel skriuwer wurde moatten hie, waard in debâkle en wat bedoeld wie om de Bibel as ‘ûnecht’ te ûntmaskerjen, waard in echte Fryske bibel.