Frysk ikoan
Mata Hari is de ferneamdste Friezin fan alle tiden, mar hoe Frysk wie hja eins? Op de withoefolle foto’s en aansichtkaarten dy’t doedestiids fan har makke binne, is in ynternasjonale ferskining te sjen. Neat docht mear tinken oan har Fryske woartels. In geheimsinnige Easterske dûnseres. In koertisane fan alluere dy’t mei gâns heechpleatste manlju it bêd dielde. In dûbelspionne dy’t midden yn de Earste Wrâldoarloch eksekutearre waard. Har njoggentjinde-ieuske klasgenoatsjes soene ferheard en feralterearre wêze as hja witten hiene dat Margaretha Geertruida, sa’t hja doe noch hiet, útgroeie soe ta in ikoan dat de hiele wrâld kenne, koesterje en minachtsje soe.
'Baron' Zelle
Margaretha Zelle waard berne yn Ljouwert yn 1876. Har heit, dy’t in winkel yn huodden en petten hie, hie it heech yn de kop. Soks docht allinne al bliken út de namme fan syn dochter; beppe ‘Grietje’ waard dochter ‘Margaretha’. Adam Zelle spekulearre yn oalje, fertsjinne dêr in lyts kapitaal mei en besocht dêrnei om him as lytse boargerman yn te wurkjen yn de stedselite. Hy mocht himsels graach ‘baron’ neame. Om syn ambysjes krêft by te setten kocht er oan de sjike Grutte Tsjerkestrjitte yn Ljouwert, dêr’t ‘tout’ Ljouwert wenne, in âld steatlik hûs. Yn dat pân, dat sawat op it heechste punt fan Ljouwert lei, groeide Margaretha fierder op. Hja hie fan har heit. Ek sy dreamde. Yn har fantasyen makke hja it hûs grutter oant it in kastiel wie, boud op in hege terp.
Ljouwert
Ljouwert wie yn de twadde helte fan de njoggentjinde ieu in stadichoan leechrinnende stêd. Troch de grutte krisis fan de tachtiger jierren en ek – folle struktureler – troch de út nasjonaal perspektyf wei ôftakjende betsjutting fan Ljouwert, feroare de Fryske haadstêd yn in provinsjestêd. De stedselite gie foar in grut part fuort nei it sintrum fan it lân. Al wurdt it libben fan Mata Hari tsjin dy eftergrûn al wat better te begripen, it teloargean fan har heit syn ambysjes – hy gie yn 1889 fallyt –, de skieding fan har âlden en de dea fan har mem yn 1891 ferklearje noch mear. Mar efternei ferhearlike hja har Ljouwerter fammejierren en fantasearre hja dat har kammeraatskes út de heechste Ljouwerter rûnten kamen.
Each fan de dei
Nei de dea fan har mem ferhuze ek Margaretha nei it westen fan it lân. Yn 1895 reagearre hja op in houliksadvertinsje en troude hja mei Rudolf MacLeod, in militêr dêr’t hja mei nei Ynje ferfear. Pas doe’t dat houlik yn 1902 op brute wize op ’e non rûn, begûn de karriêre dy’t har sa ferneamd meitsje soe. Yn Parys dûnse hja yn 1905 yn it Musée Guimet foar it earst ûnder de namme Mata Hari (Maleisk foar ‘each fan de dei’). Hja wie fuortdaalk in sensaasje. Der folge in jierren duorjende rige fan suksesfolle toernees by de Europeeske haadstêden del. It Europa fan de Belle Epoque (1890-1914) wie o sa fassinearre troch eksoatyske erotyk en it Ljouwerter famke dat sa goed yn gymnastyk west hie, koe no útgroeie ta in ferneamde Easterske dûnseres, dy’t fan bedekken en bleatlizzen har hannelsmerk makke hie. Hja waard part fan de beau monde en dielde har bêd mei in protte hege militêren en leden fan it corps diplomatique. De oandacht dy’t hja krige, prikele har fantasy en yn ynterviews mystifisearre hja har fammetiid.
Steatsgeheimen
Margaretha har rom koe benammen duorje troch har tryste ein. Yn de Earste Wrâldoarloch sette hja har sjarmes yn as spionne oan twa fronten, it Dútske en it Frânske. Yn bêd ûntfytmanne hja hege offisieren harren steatsgeheimen. Yn 1917 waard hja oppakt en as dûbelspionne troch de Frânsen fusillearre. Der hinget in dize fan geheimsinnigens om har ein hinne, om’t de krekte tadracht net wis is. Pas yn 2017 sille de argiven fan Scotland Yard iepene wurde.
Reputaasje
Oer har libben – as ‘the Most Notorious Temptress of the Twentieth Century’ – binne ûnderwilens gâns films makke, mei stjerren as Greta Garbo, Marlene Dietrich en Jeanne Moreau yn de haadrol. Har bertestêd hat lang muoite hân mei har reputaasje. Pas yn 2001 waard in strjitte nei har neamd. It Ljouwerter Mata Hariplein leit hiel tapaslik foar de lokale skouboarch.