Yn en om Fryslân streamt rûnom it wetter. Greppels, sleatten, tochten, fearten, rivieren, marren, it Waad, de Iselmar, de Noardsee. Swiet en sâlt. Freon en fijân. Der hat yn de Fryske skiednis lang in wif lykwicht bestien tusken de kânsen dy’t it wetter bea en de driging dy’t it wie. De kânsen lokken, mar de lju moasten leare om mei de driging om te gean.
Terpen, diken en gemalen
Yn de terpetiid (fan 600 foar Kristus ôf oant sawat 1000 nei Kristus) spielde it wetter by gelegenheid oer it lân. Dat hie ek positive kanten, om’t it seewetter fruchtbere seeklaai ôfsette en de farwegen nei bûten ûnbehindere bleaune. Om dêrfan profitearje te kinnen smieten de bewenners terpen op. Yn de midsieuwen waard mei it yndykjen fan it lân út ein set. De ‘goudene hoep’, sa waarden de seediken ek wol neamd. Mar dêrmei wie noch lang net it nivo fan behearsking berikt dat wy hjoed de dei kenne. Pas yn de njoggentjinde en ek de tweintichste ieu koe mei tank oan it bemeallen fan de Fryske boezem – ûnder oaren troch it monumintale Wouda-gemaal by De Lemmer – it wetterpeil binnen- likegoed as bûtendyks behearske wurde. Ek no’t de seespegel troch it opwaarmjen fan de ierde hieltiten heger komt, is de driging noch net ferdwûn.
Hannel
Wetter betsjutte foar it deistich libben yn it foarste plak ekonomyske aktiviteit. De Fryske hannel fan de iere midsieuwen mei dan it meast ferneamd wêze – de Friezen behearsken doedestiids de Noardsee –, ek yn letter tiden spilen Fryske skippers in wichtige rol. Yn de tsiende oant de tolfde ieu wiene hja dominant oanwêzich op de Eastsee en oant fier yn Ruslân. Starum en Boalsert sletten har noch wer letter oan by de Hanze en yn de tiid fan de Republyk fear mannich Frysk skipper foar Amsterdamske reders op de lytse feart, dêr’t de kustfeart by de Atlantyske kust fan Europa del en op de Eastsee mei bedoeld wurdt. Ien op de fjouwer skippen dy’t troch de Sont nei in Eastseehaven fear, hie yn 1748 in Fryske bemanning.
Wetternetwurken
Ek yn de Fryske ekonomy sels spile it wetter in ûnmisbere rol. Yn in tiid dat ferfier oer de noch ûnferhurde wegen net waarfêst en dus ûnwis wie, betsjutte wetter ek de wissens fan geregeld ferfier fan minsken en guod. Under tafersjoch fan it sintraal bewâld waard fan sawat 1500 ôf in wiidweidich systeem fan kanalen en fearten oanlein. It wie in fûnemint ûnder de ierkapitalistyske Fryske merkekonomy. De alve stêden krigen fan de lette sechstjinde ieu ôf as merk- en oerslachplakken hieltiten mear in sintrumfunksje yn dat wetternetwurk. Hja ûntjoegen har dêrom dan ek ta in politike machtsfaktor. Lykas tsjintwurdich bedriuweterreinen har lâns de sneldyk fêstigje, sa ûntstiene yn guon Fryske stêden grutte keapmanswiken lâns it wetter (lykas it Fliet by Ljouwert).
Feanterij en admiraliteit
Ek de feanterij yn de súdeastlike parten fan Fryslân – turf wie in kostber eksportartikel – koe yn de santjinde ieu allinne plakfine mei tank oan spesjaal groeven kanalen. Ek yn dy krite groeiden der lâns it wetter hannelsplakken, lykas It Hearrenfean en Drachten. Guon stêden krigen troch harren sintrale lizzing oan it wetter politike en militêre mearwearde. De admiraliteit fan Fryslân – te ferlykjen mei de marine fan hjoed de dei – wie fan 1597 oant 1645 fêstige yn Dokkum en dêrnei oant 1795 yn Harns. De oarlochsfloat dy’t yn dy havens lei, hie as taak de beskerming fan de hannel oer see.
Toerisme
Yn de njoggentjinde ieu naam it belang fan de hannel streekrjocht op it bûtenlân ôf. It wetter tsjinnet fan dy tiid ôf – út ekonomysk perspektyf – hieltiten mear om te fermeitsjen. De Fryske marren en it Waad lûke simmerdeis in mannichte oan wettersporttoeristen. It ferneamde skûtsjesilen markearret dy oergong fan yndustry nei ferdivedaasje: op âlde frachtskippen wurdt no om it hurdst syld. De toeristeyndustry is yn Fryslân ien fan de wichtichste bedriuwstûken wurden en sa wurdt der mei wetter noch altiten jild fertsjinne.