Ferset tsjin de ellindige omstannichheden
Oan de ein fan de njoggentjinde ieu sieten in soad ynwenners fan Fryslân yn earmoedige omstannichheden. Yn parlemint en parse waard praat fan ‘it earme Fryslân’. Direkte oarsaak wie de lânboukrisis fan de tachtiger jierren. Mar al folle langer hie him yn Fryslân in ûnderlaach foarme fan minsken dy’t yn ellindige omstannichheden libben – yn spitketen op heidefjilden en yn net-sûne ienkeamerwenten yn de stêden. As hja al wurk hiene, dan wie dat faak ûnder de swierste omstannichheden. Dat gou benammen foar de lân- en feanarbeiders. Yn dy fermiddens kaam der dan ek al yn de iere njoggentjinde ieu ferset tsjin ‘ûnderdrukking’ troch grutte boeren en feanbazen. Yn de súdeasthoeke fan de provinsje lizze de woartels fan de organisearre arbeidersbeweging yn Nederlân; de feanarbeiders dêre organisearren stakings, it saneamde ‘bollejeien’. Letter rjochten lânarbeiders op It Bilt harren eigen bûn op: Broedertrouw.
Us ferlosser
Yn dat klimaat fan earmoede en fan opkommend ferset dêrtsjin stapten nei 1880 yn Fryslân twa tige links-oriïntearre polityk lieders nei foaren: Ferdinand Domela Nieuwenhuis en Piter Jelles Troelstra. Beide waarden troch in opfallend garisma karakterisearre. Nieuwenhuis kaam út in links-religieuze tradysje en dat wie oan syn liederskip goed te fernimmen. Hy hie de trekken fan in Jezus, in ferlosser en krusige tagelyk. Net om ’e nocht neamden de arbeiders foar wa’t er it opnaam him ‘ús ferlosser’. Troelstra syn eftergrûn wie earder syn romantysk dichterskip en de identifikaasje mei it Fryske folk. Hy wie mear sosjabel en boargerlik as Domela. Beide politisy begûnen harren wurk yn Fryslân en beide soene hja letter har wurk ferpleatse nei it nasjonaal poadium.
Fiif K's
Domela Nieuwenhuis (1846-1919) waard yn de jierren nei 1880 de grutte, sosjalistyske foarman fan de folksbeweging dy’t yn Fryslân tsjin de hearskjende earmoede agearre. Oarspronklik wie er luthersk predikant, mar yn 1879 wie er ateïst wurden. Allegeduerigen hammere Domela yn publikaasjes en redes op de winsklikens fan algemien kiesrjocht en sosjale wetjouwing. Yn syn redes yn en bûten it parlemint sette er him fûleindich ôf tsjin de fiif K’s: Kapitaal, Kening, Kazerne, Kroech en ‘Kerk’. Yn it earstoan leaude Domela noch dat der binnen it besteande polityk bestel in oplossing foar it probleem fan de earmoede fûn wurde koe; by einsluten waard er anargist en preke er de revolúsje. Yn 1887 siet Domela fanwegen misledigjen fan kening Willem III in finzenisstraf út, mar yn it jier dêrnei waard er mei stipe fan antyliberale kristlike kiezers yn de Twadde Keamer keazen.
Lanlike partij
Nuver genôch wie ek de wichtichste tsjinstanner fan Domela binnen de sosjalistyske beweging in Fries, nammentlik de dichter en advokaat Piter Jelles Troelstra (1860-1930). Troelstra, dy’t út in Ljouwerter liberaal boargerlik fermidden kaam, keas yn 1890 foar it sosjalisme. Hy begûn foar it gerjocht sosjalistyske arbeiders en boeren te ferdigenjen. Dat, en syn oansteklike, opswypkjende redes makken dat syn populariteit en ynfloed binnen de sosjalistyske beweging fluch grutter waarden. Yn 1894 rjochte Troelstra de SDAP (Sosjaal-Demokratyske Arbeiders Partij) op, in lanlike partij dy’t trochsette woe mei it sykjen nei oplossings binnen it parlemintêr bestel.
Tsjinwurking en sukses
No rekke de sosjalistyske beweging yn in spjalt tusken ‘parlemintêren’ en ‘revolúsjonêren’, tusken Troelstra en Domela. Hoe djip oft dat gie, die yn 1896 bliken by de romrofte Hogerhuis-rjochtsaak. Sûnder goede reden wiene trije bruorren Hogerhuis feroardiele, in oerdúdlik gefal fan klassejustysje. Mar mei’t er tsjinwurke waard troch de oanhing fan Domela, slagge it Troelstra net om de bruorren frij te krijen. Ynearsten groeide Troelstra syn SDAP net hurd. It Fryske gewest wie in skoft de grutste fan alle Nederlânske ôfdielings. Troch binnen- en bûtenparlemintêre aksjes koe Troelstra, dy’t yn 1897 Keamerlid waard, in soad omtinken krije foar sosjale wetjouwing en algemien kiesrjocht.