Ulrik
Der wurdt wol tocht dat de Friezen op eigen krêft net ta steatsfoarming komme koene. Dochs is der yn alle gefallen ien foarbyld dat dit tsjinsprekt: it greefskip East-Fryslân. It sukses fan dat steatsje hat benammen de fertsjinste west fan Edzard Cirksena, greve fan 1491 oant 1528, mar de grûnslach is lein troch syn heit, de haadling Ulrik Cirksena. Nei’t dy kâns sjoen hie om de hearskippij yn Emden, Norden en Aurich mei omkriten stevich yn hannen te krijen, waard er yn 1464 op syn eigen fersyk troch keizer Frederik III ferheven ta greve fan East-Fryslân ‘fan de Wester-Iems oant de Wezer’. Dat wie in grutter gebiet as dat er yn werklikheid behearske, want syn gesach rikte op dat stuit lang net oant de Wezer.
Tota-Frisiatradysje
Edzard wie Ulrik syn twadde soan. Syn haaddoel waard it om hiel it gebiet oant de Wezer ûnder syn gesach te bringen. Hy hie lykwols ek de ambysje om yn westlike rjochting te ekspandearjen. Dêrby tocht er yn earste ynstânsje oan de Lauwers as westlike grins. Dat wie net ûnrealistysk, want ûnder de haadlingen yn de Grinzer Ommelannen hie er in soad oanhing. Doe’t bliken die dat er ek yn Fryslân westlik fan de Lauwers op oanhingers rekkenje koe, waard syn ambysje noch grutter, nammentlik om hear te wurden fan alle Fryske lannen fan Fly oant Wezer. Dêrby gie it by him folle mear om syn persoanlik en dynastyk belang as om it sykjen fan oansluting by in âldere tota-Frisia-tradysje út de tiid fan de Opstalsbeam.
Grins
By syn besykjen om syn gebiet nei it westen ta te fergrutsjen fûn Edzard de stêd Grins op syn wei. De beneaming fan hartoch Albrecht fan Saksen ta gubernator en potestaat fan Fryslân yn 1498 iepene foar him lykwols perspektiven. Hy erkende Albrecht, wêrnei’t se mei har beiden de oanfal op Grins ynsetten. Se koene de stêd lykwols net ynnimme. Oant 1506 wurken Edzard en Albrecht syn opfolger Georg nau mei-inoar op. Doe joech Grins him oer oan Edzard, en erkende him tagelyk as hear. Edzard ferklearre dêrop dat er de stêd út namme fan de keizer en net fan Georg ynnommen hie. Hy waard no boppedat oansteld ta steedhâlder oer de Ommelannen, yn teory foar de hartoch fan Saksen, mar yn de praktyk gie er dêr alhiel syn eigen gong. By de Saksyske bestjoerders yn Westerlauwersk Fryslân waard de eangst dat Edzard ek dêr de macht oan him lûke soe, hieltiten grutter. Yn 1512 lieten se dêrom twa foaroansteande Fryske eallju op fertinking fan kontakten mei Edzard yn Ljouwert ûnthalzgje.
Kalvinisme
Yn 1513 slagge it Georg om in grutte koalysje tsjin Edzard ta stân te bringen. Hoewol’t er stipe waard troch de boerebefolking, wie Edzard tsjin Georg en syn bûnsmaten net opwoeksen. De fal fan Appingedam, dêr’t hûnderten boargers by fermoarde waarden, betsjutte de ein fan syn hearskippij oer de Ommelannen. Allinnich yn syn eigen Eastfrysk greefskip wist er him te hanthavenjen. Yn 1519 gie Edzard oer nei it Lutheranisme. Katoliken, Lutheranen, Zwinglianen en Anabaptisten krigen no de frijheid fan it wurd. Dizze tige iere godstsjinstfrijheid yn East-Fryslân soe inkelde desennia letter in faktor fan belang yn de Nederlânske skiednis wurde, nammentlik yn de tiid fan it opkommende Kalvinisme. East-Fryslân, yn it bysûnder Emden, tsjinne doe as frijhaven foar grutte oantallen mei ynkwisysje en dea bedrige Nederlânske, dêrby ek Fryske, protestanten. As lytse steat, dy’t lange tiid nau ferbûn wie mei de Nederlânske Republyk, hat East-Fryslân noch bestien oant 1807. Al earder, yn 1744, is it hûs Cirksena útstoarn. Sûnt dy tiid wie de kening fan Prusen lânshear fan East-Fryslân.