Ken dyn fryske ferline

De Canon van Friesland is een lijst van 41 onderwerpen (vensters) met daarin
de belangrijke gebeurtenissen in de geschiedenis van Friesland. Deze onderwerpen
zijn een hulpmiddel voor het onderwijs in Friesland.

Venster 7

De Fryske frijheid

Leaver dea as slaaf! 1250-1498

"Leaver dea as slaaf! De kreet ferwiist nei de tiid fan de Fryske frijheid, en stiet model foar de typysk Fryske kultuer oan de ein fan de Midsieuwen. De politike struktuer yn Fryslân wie doe nammentlik oars as op oare plakken. Der wie gjin sintraal gesach lykas yn de lannen om ús hinne, en in elite fan hege adel wie der ek al net. Greven en hartoggen koenen wy net yn Fryslân. De macht hjir wie yn hannen fan haadlingen -‘hoofdelingen’-. Dat wienen pleatslike lieders dy’t wennen yn sterke stinzen en dy’t eigen, lytse legerkes hienen. Har macht rikte faak net fierder as in lytse regio om it eigen wenplak hinne. Dizze sitewaasje hat uteinlik laat ta in oanboazjende striid tusken twa groepen minsken: de Skieringers en de Fetkeapers. In echte winner is der nea kommen, mar de gaos makke wol dúdlik dat der ferlet wie fan in echte baas. En dat barde ek. Yn 1498 fêstige in bûtenlânske hartoch hjir syn gesach: Albrecht van Saksen. It wie dien mei de Fryske frijheid."

Frysk en Frij
De tiid fan de Fryske frijheid is grif de meast opfallende perioade út de Fryske skiednis. De politike struktuer yn Fryslân wykte doe nammentlik ôf fan it gongbere patroan. Om’t it ferskil sa opfallend wie, ûntstie it idee dat de Friezen mear frijheidsleavjend wiene as oaren. Sa priizgen folle letter noch ferneamde Dútske dichters as Goethe en Heine de frijheidssin fan de Friezen. Oan Fryske kant waard it frijheidsideaal ta útdrukking brocht yn de ek no noch bekende leus ‘Frysk en frij’. Sechjes as ‘Wy Friezen knibbelje allinnich foar God’ en ‘Leaver dea as slaaf!’ binne pas letter optocht.

Eastergoa en Westergoa
Oarspronklik ha der ek yn Fryslân greven west, gesachsútoefeners fan de keizer fan it Hillige Roomske Ryk. De Fryske gebieten giene lykwols net mei yn de útgroei fan it greeflike gesach ta wat bekend stiet as ‘lânshearlikheid’. Hoewol’t yn teory de keizer noch wol erkend waard, ferdampte yn de Fryske lannen it gesach fan de greven. It ûntstiene machtsfakuüm waard opfolle troch saneamde ‘lânsgemeenten’, korporaasjes fan aadlike en net-aadlike grûnbesitters, dy’t in swakke foarm fan gesach útoefenen. Dat ferskynsel die him foar yn hiel it doetiidske Fryske gebiet fan Sudersee oant Wezer.

Opstalsbeam
Yn de tsjintwurdige provinsje Fryslân ûntstie neist de âldere lângemeenten Eastergoa en Westergoa úteinlik ek noch in treddenien: Sânwâlden. Fierders splitsten har noch in oantal lytsere lângemeenten fan Eastergoa ôf. Nei 1300 foarme him ek krekt bûten Fryslân in frije lângemeente: Stellingwerf. Ek de net-Frysktalige Stellingwervers waarden sûnt dy tiid beskôge as ‘frije Friezen’.Der hat – yn de trettjinde en iere fjirtjinde ieu – in oanset west ta it ûntstean fan in konfederaasje fan frije lângemeenten: it bûn fan de Opstalsbeam, neamd nei in heuveltsje yn it no Dútske East-Fryslân. Dêr kamen fertsjintwurdigers fan de Fryske lannen jierliks op ’e tiisdei nei Pinkster gear. Nei 1327 ha sokke gearkomsten der lykwols net mear west.

De Skieringers en de Fetkeapers
Yn 1345 die de greve fan Hollân, dy’t erkenning easke as hear fan Fryslân, in ynfal by Starum. Hy waard ferneatigjend ferslein yn de bekende slach by Warns, dy’t oars net by Warns mar by Starum plakfûn hat. Nettsjinsteande dy oerwinning hat de Fryske frijheid úteinlik dochs net stânholden. De oarsaak dêrfan is lang socht yn de striid tusken de Skieringers en de Fetkeapers. Unwis is wêr’t dy nuveraardige nammen weikomme, al stiet wol fêst dat de tsjinstelling tusken dy beide ‘partijen’ syn oarsprong hân hat yn Westerlauwersk Fryslân. Dochs hat der yn 1413-1422 in oarloch fan Skier en Fet west dêr’t ek de stêd Grins, de Grinzer Ommelannen en East-Fryslân yn behelle wiene. Yn ’e regel gie de striid lykwols om pleatslike machtsposysjes.De striid tusken Skieringers en Fetkeapers spile him foar in grut part ôf yn de tiid dat yn hast alle Fryske gebieten de ‘haadlingen’ de machtichste groep yn de maatskippij foarmen. Haadlingen, dy’t fakentiids út âldere min ofte mear aadlike famyljes stamden, wennen op stinzen (fersterke huzen), hiene privee-legerkes en oefenen hearskippij út oer in almeast beheind gebiet. Mooglik hat de rûnom opflamjende striid om de pleatslike hearskippij tusken haadlingen de belangrykste oarsaak west fan it ûntstean fan de beide ‘partijen’.

Fetes en bloedwraak
De striid sa’t dy yn de tiid fan Skier en Fet plakfûn, wie yn prinsipe bûn oan de regels fan it feterjocht. Fete kin omskreaun wurde as de tastân fan oarloch tusken famyljes. De oarsprong moat socht wurde yn de bloedwraak, dat is it rjocht fan de famylje fan in troch deaslach omkommen persoan om wraak te nimmen op ’e deaslagger en syn famylje. Om’t der yn Fryslân gjin sterk oerheidsgesach wie en gjin geweldsmonopoalje fan de oerheid koe it fetewêzen hjirre langer trochbestean as yn de oanbuorjende lannen.Yn 1498 is der in ein kommen oan de Fryske frijheid. In bûtenlânske legeroanfierder, hartoch Albrecht fan Saksen, waard doe troch de keizer ta erflik ‘gubernator’ (keizerlik steedhâlder) oer Fryslân oansteld. Dêrmei begûn foar Fryslân in nije tiid, de tiid fan foarstehearskippij. Wy sjogge trouwens dat doe rûnom yn West-Europa de foarstemacht tanaam, mei Switserlân as opfallende útsûndering.

Oebele en Abele

In humoristyske strip oer de Fryske Frijheid.

Hjir te bestellen foar 5,95 (Frysk)

Hier te bestellen voor 5,95 (Ned.)

Der op út

In de schierstins in Feanwâlden tonen kaarten, filmpjes, tekeningen, foto’s, door krijgsgeweld beschadigde schedels en ander archeologisch materiaal de tijd van de hoofdelingen, de boerenadel in deze provincie.

De Kanon op Tsjek!

Besjoch ek de langere kanonklips mei Freerk Smink op

Tsjek tv fan Omrop Fryslân .

EnToen.nu Floris V

Dit finster slút oan by "Floris V: een Hollandse graaf en ontevreden edelen" fan EnToen.nu

Gewoan gek op skiednis

'Gewoan gek op skiednis' is skreaun foar bern fan 9-12 jier dy't gewoan gek binne op skiednis! It boek kostet 14,95 en kin hjir besteld en foar in part besjoen wurde.

 

Aanvullend materiaal over venster 7

fertakkings

Basis Underwiis:
Topografy Fryslân doe; Slach by Warns/Starum; Skieringers en Fetkeapers.

Fuortset Underwiis:
Feodale stelsel; It Hillige Roomske Ryk; Feterjocht; Komst sintraal gesach.

lesmetoades

Basis Underwiis:
De Brandaan: groep 5, Tijd van monniken en ridders;
De Trek: groep 5, Leven in de middeleeuwen.

Fuortset Underwiis:
Indigo VMBO kgt: deel 1, 4.2 Boeren zonder vrijheid;
Indigo Havo/VWO: deel 1, 6.2 Steden regelen het zelf;
Sprekend Verleden Havo/VWO: deel 1, 6.1 / 6.3;
Memo Havo/VWO: deel 1, 5.4 Bestuur en rechtspraak;
Sporen Havo/VWO: deel 1, 4.2 Een standensamenleving;
Sfinx Havo: deel 1, 5.1 Een wandeling door de middeleeuwse stad.

lessuggestjes

BU: Meitsje ien fan de opdrachten út de kaartebak fan 11en30.
BU: Haadstik 7 út Lesmateriaal by de Fryske skiednis yn 11en30 finsters. (Cedin)
FU: Behannelje haadstik 7 út de lesserige Alve-en-Tritich. Finsters op de Fryske skiednis, diel 1.

musea (der op út)

Fries Museum - Ljouwert;
Upstalbeam - Aurich (East-Fryslân);
Schierstins - Feanwâlden;
Tresoar - Ljouwert;
Reade Klif - Skarl.

fideo's

De Fryske Frijheid, langere ôflevering 11en30 (ôflevering 4, 1e diel, Omrop Fryslân, Tsjek)
As stiennen prate: de Skierstins (YouTube, Omrop Fryslân Skoaltv, Tsjek)

literatuer

De aventoeren fan Oebele en Abele. Fryske Frijbûtsers. (stripboek- Cornelissen, 2015)
De avonturen van Oebele en Abele. Friese Vrijbuiters. (stripboek- Cornelissen, 2015)
Focke en de belegerde stad (Letterie, 2005)
Focke en het geheim van Magnus (Letterie, 2005)
Schieringer fortuin (Gerrits, 2009)
De taal van recht en vrijheid (Vries, 2012)
De stinzen in middeleeuws Friesland en hun bewoners (Noomen, 2009)
De Schierstins, een ongekende schat ((Boon, 2008)
Fryslân, staat en macht 1450-1650 (Frieswijk et al., 1999);
Het Heilige Roomse Rijk en de Friese vrijheid (Vries, 1986);
Stellingwerf in het licht van de Friese vrijheid (Vries, 1999);
Staatsvorming in Zwitserland en Friesland in de late Middeleeuwen: een vergelijking (Vries, 1999).