Kommende sneon binne wy yn Tresoar. Dit is de skatkeamer fan Fryslân. In soad minsken komme hjir om ûndersyk te dwaan nei harren stambeam. Hjir is dan ek alles te finen oer genealogy, mar ek oer Fryske literatuer út en oer ús provinsje.
No sneon yn NO DOE
17 december 2013 12:59Foar de betinking fan 850 jier âlde kleaster Mariëngaarde by Hallum waard sneon 14 desimber in relikwy meinaam út Noard-Brabân wei. It gie om in sulveren relikwy mei dêryn in bonkje fan Freark fan Hallum, de stichter fan it kleaster.
Der binne al in soad edukative rûtes ûntwikkele, ek foar dy! By dyn skoalle yn de buert, foar dyn klasse, mar ek oer it ûnderwerp dêr’sto by de skiednislessen oer fertelst. Op ús site fynst in oersjoch fan de ferskate rûtes dy’t no troch musea oanbean wurde.
It Kazemattenmuseum by Koarnwertersân jout in goede yndruk oer hoe't de manskippen yn maaie 1940 Nederlân ferdigenje moasten. Al gau moatst it Nederlânske leger kapitulearje en sa kamen de bunkers yn Dútske hannen.
De 2e heale finale fan NODOE út it Woudagemaal op'e Lemmer. Yn dizze ôflevering nimt de famylje Buma it op tsjin de famylje Pool. Welke team bliuwt it langste oerein en giet troch nei de grutte finale?