Ken dyn fryske ferline

De Canon van Friesland is een lijst van 41 onderwerpen (vensters) met daarin
de belangrijke gebeurtenissen in de geschiedenis van Friesland. Deze onderwerpen
zijn een hulpmiddel voor het onderwijs in Friesland.

Venster 12

Menno Simons

De doperske Reformaasje yn Fryslân 1496-1561

"As der ien Fries is dy’t in hiele kloft echte folgelingen krigen hat, is it Menno Simons. In lytse oardel miljoen doopsgesinde kristenen oer de hiele wrâld beskôgje him as de grûnlizzer fan har tsjerke. Doopsgesinden neame har dan ek wol Mennonieten, of Mennisten. Menno Simons út Wytmarsum wie ien fan de lieders fan in nije streaming yn it kristendom – de minsken dy’t leauden dat jo as folwoeksene noch in kear doopt wurde moasten en dy’t dêrom wol werdopers of werdopers neamd wurde. Hij krige it dêrom flink oan de stok mei de lieders fan dy tiid. De twadde helte fan syn libben moast er dan ek in swalkjend bestean liede, troch Fryslân, Grinslân en Noard-Dútslân. Mar syn oanhing groeide stevich troch en sa waard Menno Simons ien fan de ferneamdste tsjerke-herfoarmers út de skiednis."

Luther
Yn 1517 wie Menno Simons, in boeresoan út Wytmarsum, 21 jier âld. Op 31 oktober fan datselde jier sloech de Dútske muonts Maarten Luther yn Wittenberg 95 stellings oan de doar fan de pleatslike slotkapel. Net it gesach fan de tsjerke, mar it leauwe fan it yndividu stie foar Luther sintraal. Luther syn die wie it symboalysk begjin fan de Reformaasje; de 31ste oktober hjit no noch altiten Herfoarmingsdei. Menno Simons soe út Fryslân wei meimeitsje hoe’t de politike en godstsjinstige ferhâldings yn Europa duorjend feroaren en syn libben en wurk soene mei dat proses ferweve reitsje. Allinken soe er útgroeie ta ien fan de liedsmannen fan it protestantisme.

'Ketters'
Yn 1524 waard Karel V – hear fan de Nederlannen, kening fan Spanje en keizer fan it Dútske Ryk – erkend as hear fan Fryslân. Yn de sân jier tusken 1517 en 1524 rekke Luther syn krityk op de katolike tsjerke wiid ferspraat, benammen troch de boekdrukkeunst. De ienheid yn de katolike tsjerke drige no definityf te ferbrekken. Troch de ‘ketters’ fûleindich te ferfolgjen besocht Karel V dat foar te kommen. Syn steedhâlder yn Fryslân, Georg Schenck van Toutenburg, jage op de prysters dy’t har mei ‘lutherij’ dwaande holden en it Hof fan Fryslân berjochte sokken.

Oer de jongesjierren en de oplieding fan Menno Simons is net in soad bekend. Hy groeide op yn wat doe it rykste part fan Fryslân wie, mar op polityk en militêr mêd wiene it rûzige en tsjustere dagen. Yn 1524 waard er yn Utert ta pryster wijd en waard er fikaris (plakferfangend pastoar) yn Penjum. Yn 1532 wurke er as pastoar yn Wytmarsum. Hy hie doe al weet fan Luther syn oersetting fan it Nije Testamint.

Munster it Nije Jeruzalem?
Underwilens hie, benammen by ambachtslju, in nije en radikalere protestantske streaming massaal oanhing krigen: de anabaptisten, ek wol werdopers of dopersken neamd. Hja wiene foarstanner fan de folwoeksenendoop. Troch it predikjen fan de bûntwurker Melchior Hoffmann yn it Eastfryske Emden hie dy yn Switserlân opkommen leare ek Fryslân berikt en dêr oanhingers fûn. It ûnthalzjen fan de earste Fryske werdoper, de kleanmakker Sicke Frerixzoon, makke yn 1531 grutte yndruk op Menno Simons. Der ûntjoech him dêrnei in geweldsdrama. Melchior Hoffmann hie al de ein fan ’e tiden en it werkommen fan Kristus oankundige en mear revolúsjonêre lieders namen no syn bibelske profesijen oer. Hja woene ha dat yn de Dútske stêd Munster it Nije Jeruzalem ûntstean soe.

Jan van Leiden
Doe’t de stêd yn 1534 yn doperske hannen kaam en troch de no ferdreaune bisskop belegere waard, kamen der in pear tûzen werdopers út Hollân en Fryslân te help.
De selsbekroande kening fan dat ‘Keninkryk Sion’, Jan van Leiden, rôp no ek de dopersken yn de Nederlannen op om wapens en proviand yn hannen te krijen. Mei dat doel besetten op earste Peaskedei 1535 ek in pear hûndert Fryske dopersken yn in ferrassingsoanfal it Oldekleaster by Boalsert. Nei in belis fan acht dagen bruts steedhâlder Schenck van Toutenburg it ferset. It meastepart fan de finzennommen dopersken waard ombrocht, en dêr wie ek Petrus Simons by. Ek de stêd Munster waard yn datselde jier weromwûn.

'De stillen in den lande'
Under de yndruk fan dat traumatysk barren waard Menno Simons de foarman fan de wichtichste pasifistyske streaming ûnder de dopersken, de menisten. Hja stiene letter bekend as ‘de stillen in den lande’ fanwege harren bewuste ôfsidigens fan de wrâld. As lokale mienskippen fan leauwenden stribben Menno syn folgelingen nei egalitêre gemeenten ‘zonder vlek en rimpel’. Nei’t Menno sels doopt wie, joech er yn 1536 syn prysteramt op en troude er mei in eardere begyn út Wytmarsum. De strange ferfolgings twongen Menno dêrnei ta in doarmjend bestean yn, benammen, East-Fryslân, wêrnei’t er him lang om let by in ealman yn Holstein fêstige. Oant syn dea yn 1561 bleau de doperske beweging spjalte. Noch ûnder syn libben krige Menno te lijen fan fûle krityk fan oanhingers fan Calvijn. Om 1600 hinne wiene der yn it yntusken selsstannige, troch kalvinisten bestjoerde Fryslân mear menisten as kalvinisten, mar yn de santjinde ieu soe dy ferhâlding yngeand feroarje.

Der op út

Bring in besite oan it skûltsjerkje yn Penjum. (Tagong op ôfspraak).
 

De Kanon op Tsjek!

Besjoch ek de langere kanonklips mei Freerk Smink op

Tsjek tv fan Omrop Fryslân .

EnToen.nu Karel V e.a.

Gewoan gek op skiednis

'Gewoan gek op skiednis' is skreaun foar bern fan 9-12 jier dy't gewoan gek binne op skiednis! It boek kostet 14,95 en kin hjir besteld en foar in part besjoen wurde.

 

Aanvullend materiaal over venster 12

fertakkings

Primêr Underwiis:
Fersprieding fan it leauwe troch de boekdrukkeunst en de gefolgen dêrfan; Ketters/ Ferfolgings.

Fuortset Underwiis:
Maarten Luther; Protestantisme; Wjerdopers yn binnen- en bûtenlân (Amish).

lesmetoades

Primêr Underwiis:
De Brandaan: groep 7, Tijd van ontdekkers en hervormers;
De Trek: groep 7, Ontdekkers en hervormers.

Fuortset Underwiis:
Indigo VMBO kgt: deel 1, 6.1 Ruzie om het geloof;
Indigo Havo/VWO: deel 1, 7.2 Opstand tegen kerk en koning;
Sprekend verleden Havo/VWO: deel 2, 1.8;
Memo Havo/VWO: deel 1, 6.3 Ruzie om het geloof;
Sporen Havo/VWO: deel 2, 2.1 Een nieuwe tijd, een nieuwe godsdienst;
Sfinx VMBO kgt: deel 1, 7.1 Ruzie met Filips II;
Sfinx Havo: deel 1, 6.5 Een nieuw geloof.

lessuggestjes

BU: Meitsje ien fan de opdrachten út de kaartebak fan 11en30.
BU: Haadstik 12 út Lesmateriaal by de Fryske skiednis yn 11en30 finsters. (Cedin)

FU: Behannelje haadstik 12 út de lesserige Alve-en-Tritich. Finsters op de Fryske skiednis, diel 1.

musea (der op út)

Meniste tsjerke - De Westereen;
Meniste tsjerke - Drachten;
It Menno Simons-monumint - Wytmarsum.

fideo's

Menno Simons, lange ôflevering 11en30 (ôflevering 6, diel 2, Omrop Fryslân, Tsjek)
95 stellingen (Schooltv);
De protestantse kerk (Schooltv);
Onrust in de Nederlanden (NTR);
Wat gebeurde er tijdens de beeldenstorm? (Zapp);
Menno Simon Story (YouTube).

literatuer

Doopsgezind Friesland (Hofman et al., 1996).
De Fehrs: Kroniek van een Nederlandse Mennonietenfamilie (Kouwenhoven, 2011);
De beloofde stad (Panhuysen, 2000);
Een leven vol gevaar (Rademaker-Helfferich et al.,1996);
Een gemeente van heiligen (Simonsz et al., 1994);
Sporen van Menno (Visser et al., 1996);
His Image and Message (Voolstra et al., 1997);
Om de ware gemeente en de oude gronden (Zijlstra, 2000);
Menno Simonsz (Van Der Zijpp, 1950).