Ken dyn fryske ferline

De Canon van Friesland is een lijst van 41 onderwerpen (vensters) met daarin
de belangrijke gebeurtenissen in de geschiedenis van Friesland. Deze onderwerpen
zijn een hulpmiddel voor het onderwijs in Friesland.

Venster 6

Fryslân as kleasterlân

De gloarje fan de kleasters 1100-1580

"Yn de lêste perioade fan de Midsieuwen wie Fryslân ryk oan kleasters. Yn 1500 wienen der omtrint 50 kleasters yn it hjoeddeistige Fryslân. Sy ha in wichtige rol spile yn de maatskippij. De kleasters wienen yn it foarste plak religieuze sintra, dêr’t bidden waard foar it sieleheil fan de deaden. Mar se hienen ek in belangrike ekonomyske funksje. De muontsen – monniken – dienen oan lânbou en hannel; en by it oanlizzen fan seediken en it fruchtber meitsjen fan nij lân spilen se in foaroansteande rol. De kleastertiid hat sa’n 400 jier duorre. De earste kleasters waarden stifte yn de 12e ieu. Mei de opkomst fan de Reformaasje yn de 16e ieu waard Fryslân protestants en kaam der in ein oan de rol fan de katolike kleasters."

De opkomst fan kleasters hat yn Fryslân lang op him wachtsje litten. De reden dêrfan is dat de Friezen har nei de kerstening earst alhiel op grutte bûtenlânske kleasters rjochte ha, lykas dy fan Fulda, Echternach en Werden. Yn de tolfde ieu begûn yn dy sitewaasje lykwols feroaring te kommen. Fryslân groeide doe sels út ta in kleasterlân by útstek.

Sistersjinzers en premonstratinzers
De funksje fan kleasters wie yn Fryslân, krekt as oeral, earst en meast religieus. Sa stjoerden de muontsen alle dagen wer har gebeden op nei de himel foar it sieleheil fan harsels en har begeunstigers. Krekt it feilichstellen fan har eigen sieleheil wie foar gâns begoedige lju oanlieding om lân oan kleasters ôf te stean. Yn totaal soe sa likernôch 20 % fan de Fryske grûn yn kleasterbesit komme. Om’t Fryslân navenant ryk wie, koene der ek safolle kleasters stifte wurde. Benammen twa fan de âldste kleasters yn Fryslân binne fan grutte betsjutting wurden: Klaarkamp (by Rinsumageast) en Mariëngaarde (by Hallum). Fan lêstneamd kleaster is in kronyk bewarre bleaun, dêr’t de libbens fan de earste abten yn beskreaun wurde. Klaarkamp en Mariëngaarde hearre ta twa rivalisearjende oarders, dy’t beide yn de tolfde ieu noch nij wiene: de sistersjinzers (ek wol ‘skiere muontsen’ neamd) en de premonstratinzers. Benammen dy beide oarders ha in stimpel set op it Fryske kleasterlânskip. Dat jildt ek foar de Grinzer Ommelannen, dêr’t it grutste en machtichste kleaster fan alle Fryske lannen ferriisde: de Bernardusabdij fan Aduard, in dochterkleaster fan Klaarkamp.

Likebruorren
Typearjend foar de sistersjinzers en premonstratinzers is de oanwêzigens – neist de kleasterbruorren – fan likebruorren. Dizze ‘wurkmuontsen’ makken it mooglik dat de kleasters dy’t ta dy beide oarders hearden, ek sintra fan ekonomyske aktiviteit waarden. Sa eksploitearren se grutte lânboubedriuwen (‘úthôven’). Dêrnjonken bemuoiden de sistersjinzer- en premonstratinzer kleasters har yntinsyf mei saken as turfwinning en hannel. It kleaster Klaarkamp hie in feanmaster, sels ek in likebroer, yn tsjinst, dy’t op ’e Skierstins yn Feanwâlden wenne. Datselde kleaster hie ek eigen hannelsskippen yn ’e feart, dy’t oant yn Hamburg kamen. Ek mei bediking en it oanlizzen en ûnderhâlden fan wetterwegen, silen en brêgen hâlden ûnderskate kleasters har dwaande.

Ridder Rienck Bockema
Fansels wiene de Fryske kleasters ek kultuerdragers. De muontsen diene net allinnich oan bidden, sjongen en meditearjen, mar hâlden har ek dwaande mei lêzen en skriuwen. Under har wiene gelearde lju, dy’t oan bûtenlânske universiteiten studearre hiene. Der binne spitigernôch net safolle hânskriften út Fryske kleasters bewarre bleaun. Allinnich út it kleaster Thabor (by Snits) binne frijwat skriuwprodukten oerlevere. Krekt dàt kleaster is trouwens let stifte (yn 1406), opfallend genôch troch ien fan de seldsume Fryske ridders: Rienck Bockema.Yn de begjintiid fan de Fryske frijheid spilen de abten fan de grutte kleasters, dy’t sels yn ’e regel út foaroansteande Fryske famyljes stamden, in stabilisearjende rol as fredestifters. Dat rûn lykwols net altiten goed ôf. Sa waard abt Eelco Liauckama fan it kleaster Lidlum by Tsjommearum yn 1322 troch de likebruorren fan syn eigen kleaster deaslein. Dat wie de ynset fan in him stadichoan trochsettend prestiizjeferlies fan de kleasters.

Reformaasje
It grutte ferfal sette yn mei it opkommen fan de Reformaasje nei 1520. De ein kaam yn 1580, doe’t yn Fryslân de macht oernommen waard troch de kalvinisten. Alle kleasters waarden doe by beslút fan de Steaten opheft. Troch konfiskaasje fan it tige omfangrike lânbesit fan de kleasters waard de provinsje yn ien slach ryk. De kleasterkompleksen waarden hast allegearre al koart nei 1580 ôfbrutsen. Dêrtroch is der no sa goed as neat mear werom te finen fan de âlde gloarje fan de Fryske kleasters.

De Kanon op Tsjek!

Besjoch ek de langere kanonklips mei Freerk Smink op

Tsjek tv fan Omrop Fryslân .

Der op út

Bezoek Museum Klooster Claercamp in Rinsumageest. Bezoek met schoolgroepen is ook mogelijk.

Gewoan gek op skiednis

'Gewoan gek op skiednis' is skreaun foar bern fan 9-12 jier dy't gewoan gek binne op skiednis! It boek kostet 14,95 en kin hjir besteld en foar in part besjoen wurde.

 

Aanvullend materiaal over venster 6

fertakkings

Basis Underwiis:
Libben yn in kleaster; Tsjerkebou; Lânwurk; Mariëngaarde; 1580 Reformaasje.

Fuortset Underwiis:
Hilligenlibbens; Kleasterbruorren - likebruorren; Thabor en Rienck Bockema; Wetterhúshâlding.

lesmetoades

Fuortset Underwiis:
Indigo Havo/VWO: deel 1, 6.3 Kerken in het middelpunt;
Sprekend Verleden Havo/VWO: deel 1, 6.2;
Memo Havo/VWO: deel 1, 5.1 De welvaart neemt toe;
Sporen Havo/VWO: deel 1, 4.4 Het klooster;
Sfinx VMBO kgt: deel 1, 5.4 De kerk boven alles.

lessuggestjes

BU: Meitsje ien fan de opdrachten út de kaartebak fan 11en30.
BU: Haadstik 6 út Lesmateriaal by de Fryske skiednis yn 11en30 finsters. (Cedin)
FU: Behannelje haadstik 6 út de lesserige Alve-en-Tritich. Finsters op de Fryske skiednis, diel 1.

HCL: Ondersteboven van de Oldehove - Ljouwert

musea (der op út)

Romaanske tsjerken yn de buert;
Broeretsjerke - Boalsert;
Fries Museum - Ljouwert;
Grutte Tsjerke - Ljouwert;
HCL - Ljouwert;
Karmel Klooster - Drachten;
Kloostermuseum - Aduard;
Roordastate - Uithuizermeeden;
Schierstins - Feanwâlden;
Tresoar - Ljouwert.

fideo's

Fryslân as Kleasterlân, langere ôflevering 11en30 (ôflevering 3, 2e diel, Omrop Fryslân, Tsjek)
Fryslân Dok: Kleaster Klaarkamp (1) (YouTube/Omrop Fryslân)
Fryslân Dok: Kleaster Klaarkamp (2) (YouTube/Omrop Fryslân)
Fryslân Dok: Kleaster Klaarkamp (3) (You Tube/Omrop Fryslân)
As stiennen prate: de Skierstins (You Tube, Omrop Fryslân Skoaltv, Tsjek)
Boek Kloosters in Friesland (YouTube/GPtv)
Claerkamp (YouTube);
Opgraving Klaarkamp (YouTube).
Schierstins (YouTube).

literatuer

Klaarkamp - Middeleeuws klooster bij Rinsumageest (Boers, 2014)
De schierstins: een ongekende schat (Van Der Boon, 2008);
De Frouwepenje (Hoekstra & Bremer, 2009);
Kloosterpad 1453 (Karstkarel & Karstkarel, 2010);
Kloosterland-Land der Klöster (Kooi e.o.,)
Emo's Reis (De Boer, 2011)
Grote of Jacobijner Kerk te Leeuwarden (Van Haersma-Buma, 2008)
Sibrandus Leo en zijn abtenkronieken van de Friese premonstratenzerkloosters Lidlum en Mariëngaarde (Lambooij, 2008).
Kloosters in Friesland (Betten, 2009);
Vitae abbatum Orti Sancta Marie (Lambooij & Mol, 2001);