Striid tusken patriotten en oranzjisten
‘Wij zijn geweesene vrije friesen’, skreau in teloarstelde Frysk patriot Coert Lambertus van Beyma yn 1798 yn Harns oan syn broer Eduard Marius yn Den Haach. It jier 1798 wie yn mear as ien opsicht de ein fan in tiidrek. Yn it foarste plak fan in lytse tweintich jier fan machtswiksels en partijstriid tusken patriotten en oranzjisten en tusken foar- en tsjinstanners fan in Nederlânske ienheidssteat. Mar 1798 betsjutte ek de definitive ein fan de Republyk fan de Sân Feriene Nederlannen en dêrmei fan de autonomy fan de aparte gewesten.
'Aan het volk van Nederland'
De fûleindige ferdieldheid en partijstriid begûnen mei de Fjirde Ingelske Oarloch (1780-1784). Dy soarge foar grutte ekonomyske malêze en dat waard steedhâlder Willem V dêrnei oanrekkene. In bûnt selskip fan regionaal en nasjonaal ferbûne ‘vaderlanders’ – dy’t mei-inoar de saneamde Patriottebeweging wiene – krewearre no foar bestjoerlike ferbettering likegoed as foar herfoarming. Allinne op dy wize soe de âlde gloarje fan de Republyk wer oplibje kinne. Harren foarman yn de Fryske Steategearkomste wie de doe noch jonge en frisse Coert Lambertus van Beyma. Hy hie kontakten mei besibbe geasten yn oare gewesten, ûnder oaren mei Joan Derk van de Capellen, in Oeriselske ealman, dy’t yn in ferneamd wurden anonym pamflet – ‘Aan het volk van Nederland’ (1781) – oprôp ta it oprjochtsjen fan folksmilysjes.
Flechtsje nei it bûtenlân
Ynearsten bleau it sukses fan de patriottebeweging beheind. De ein fan de oarloch yn 1784 en benammen argewaasje fan de patriottyske parse en de folksmilysjes – ‘frijkorpsen’ – brocht in soad Fryske reginten al werom yn it kamp fan de steedhâlder. Doe’t de patriotten dêrnei yn 1787 ek noch yn de akademystêd Frjentsjer, dy’t harren tagedien wie, in steatsgreep diene dy’t fuortdaalk delslein waard, liek it tij foargoed keard te wêzen. In protte patriotten, dêr’t Van Beyma ek by wie, flechten nei it bûtenlân.
Bataafske Republyk
Seis jier letter, yn 1795, foelen Frânske revolúsjonêre troepen de Republyk binnen. Steedhâlder Willem V flechte mei syn famylje nei Ingelân. De patriotten dy’t yn 1787 flechte wiene, kamen tagelyk mei de Frânsken werom yn it lân; it wie it begjin fan de Bataafske Republyk (1795-1801). Der wie yn Fryslân no in fluwielen revolúsje geande. De âlde lokale en gewestlike reginten waarden ferfongen troch nije, keazen represintanten fan it folk. Folkssosiëteiten mei radikale sympatyen slaggen der mei stipe út Hollân wei yn om in fierdere suvering fan polityk net-winske eleminten troch te fieren. It wie tekenjend foar de sfear dat radikale revolúsjonêren earder al de grêven fan de steedhâlderlike famylje yn de Ljouwerter Grutte Tsjerke skeind en plondere hiene. Hja fuotballen mei de skedels fan de Fryske Nassaus.
Radikaal bestjoer
Tusken 1761 oant 1798 wie Fryslân it meast radikaal-revolúsjonêr bestjoerde gewest fan de Republyk. De driging fan it ynfieren fan de ienheidssteat en it ferplichtsjen ta revolúsjonêr boargerbewapenjen rôpen lykwols ferset op tsjin it ‘skrikbewâld’. By it Kollumer Oproer, yn in krite mei gâns grifformearde oranzjisten, foel in tal deaden. It radikale bestjoer bestried dy ‘kontra-revolúsjonêre’ agitators fûleindich. Ek liet it de top fan it âlde regintelaach opslute yn it Ljouwerter blokhûs.
Napoleon
De ienheidssteat kaam der likegoed en wol mei tank oan in steatsgreep yn Den Haach, dy’t troch radikale foarstanners útfierd waard. Yn de rêch dutsen troch Frânske troepen waard de earste Nederlânske grûnwet ynfierd en kaam der definityf in ein oan de gewestlike selsstannigens. De fyftjin jier dêrnei (1798-1813) stiene bestjoerlik en ekonomysk yn it teken fan de hearskippij fan Napoleon. Nei dy syn delfal yn 1813 kaam de âlde tastân fan de Republyk net werom, mar bleau de ienheidssteat yntakt. De âldste soan fan de flechte en yntusken ferstoarne steedhâlder Willem V krige it keningskip oanbean. Kening Willem I besocht Ljouwert yn 1814. Oan de râne fan de stêd waarden de hynders útslein en luts it folk de koets oant by it eardere steedhâlderlik hof, dêr’t no de boargemaster wenne.