Ken dyn fryske ferline

De Canon van Friesland is een lijst van 41 onderwerpen (vensters) met daarin
de belangrijke gebeurtenissen in de geschiedenis van Friesland. Deze onderwerpen
zijn een hulpmiddel voor het onderwijs in Friesland.

Venster 14

De kalkulearjende boer

It rekkenboek fan Rienck Hemmema 1569-1573

"Fryslân stiet tsjintwurdich fuort net bekend as in sterke, moderne ekonomyske regio, mar dat hat wol oars west. De Fryske lânbou wie ieuwenlang foarútstribjend en ûndernimmend. Al yn de 16e ieu wienen de boeren hjir tûker as yn de measte oare gebieten fan Europa. Op in soad plakken om ús hinne makken de boeren dat wat se ferbouden meast sels op. Yn Fryslân waard doe al aardich grutskalich en kommersjeel buorke. Dat wy dat witte ha wy te tankjen oan Rienck Hemmema. Hy wie in grutte boer yn Hitzum. Hemmema hold yn in kasboek by wat hy ferboude, wat syn kosten en wat syn opbringsten wienen. Fan him witte wy dat hy en oare grutte boeren net sasear foar eigen folk produsearren, mar dat se de opbringst fan it lân it leafst ferkochten op ’e nasjonale en ynternasjonale merk."

Kasboek
Rienck Hemmema wie in foarnaam heareboer út it doarp Hitsum (fuort ûnder Frjentsjer). Yn de jierren tusken 1569 en 1573 hold er in kasboek by. Alle jierren op ’e nij, wike nei wike, moanne nei moanne, notearre er wat er oan ynkomsten hie en wat er útjoech. Ek skreau er op – somtiden yn it Frysk, dan wer yn it Nederlânsk – hokker putten hy en syn feinten út de wei setten. Wat fertsjinnen de feinten en tsjinstfammen? Hokker putten die er troch it jier hinne? Wat koste it om sieguod te krijen en hoefolle smiet dat úteinlik op oan winst? Yn syn boek hold er ek de wichtige barrens fan syn gesin en famylje by. Dêr brûkte er út en troch sels it Latyn foar. Dat kasboek fan in boer is ien fan de meast bysûndere geskriften dy’t ús út de Fryske skiednis bewarre bleaun binne. Yn West-Europa binne út dy tiid nammentlik mar in pear fan sokke krekte bedriuwsadministraasjes oerbleaun.

Ofhinklik fan lânbou
Ut Hemmema syn geskrift kin men gewaarwurde hoe’t in Fryske buorkerij oan de ein fan de sechstjinde ieu rund waard. Wichtiger is it noch dat it boek sa ek sjen lit hoe’t de Fryske lânbou yn de perioade foar 1650 as moderne, spesjalisearre lânbou-ekonomy in fûnemint wurde koe ûnder de santjinde-ieuske Nederlânske kultuer dy’t wy as de Gouden Ieu kenne.

Yn Fryslân wiene der om 1500 hinne sa’n 10.000 (stimhawwende) pleatsen. Yn 1793 waarden der 9942 buorkerijen teld. De goede ekonomyske tiden yn it Fryslân fan dy dagen, dy’t him bygelyks fernimme liet oan in enoarme oanwaaks fan de stedsbefolking en in al mar lúkser konsumpsjepatroan, wie fierhinne ôfhinklik fan de lânbou. In min ofte mear lyk bleaun tal pleatsen draaide mei-inoar in al mar hegere produksje. Mei tank oan Rienck Hemmema syn rekkenboek witte wy hoe’t soks koe.

Kommersjele agraryske ekonomy
Al dy buorkerijen stiene nammentlik net los fan inoar as lytse doarpske bedriuwkes dy’t meastepart yn it eigen ferlet foarsjogge, mar wiene tige op de stêden en op de merk rjochte. Boeren wiene yn Fryslân ûndernimmers, ‘farmers’ – op de merk rjochte boeren, gjin ‘peasants’ – keuterboerkes, dy’t allinne yn it eigen ferlet foarsjogge. Mei oare wurden, Rienck Hemmema ynvestearre yn syn bedriuw mei it doel om winst te meitsjen.

Sa kocht er de dong fan de Frjentsjerter stedslju op om syn lân der fruchtberder mei te meitsjen. Oan de oare kant levere er de stedslju weet om bôle fan te bakken. Sels ieten hy en syn húshâlding en feinten ûnderwilens leaver bôle fan de folle goedkeapere rogge dy’t er ynkocht. Sa’n hâlding tekenet de lânbou as gehiel. De kommersjele agraryske ekonomy, sa’t hja oantsjut wurdt, stie yn Fryslân troch dy ambysje om de winst út it bedriuw te maksimalisearjen yn de sechstjinde ieu op in peil dat op oare plakken yn Europa pas yn de njoggentjinde ieu oantroffen wurdt.

In Fryske kronyk
Yn de Fryske (en oars ek yn de Hollânske) maatskippij as gehiel late dy hâlding derta dat der troch de oerheid rij ynvestearre waard yn de mooglikheden om op de ‘merk’ fraach en oanbod byinoar bringe te kinnen. Sa waard de ynfrastruktuer yn Fryslân yn de sechstjinde en santjinde ieu útwreide mei in wiidweidich wegenet en benammen mei wetterwegen.Geandewei de santjinde ieu begûnen stedslju en ek boeren de nij ferwurven rykdom hieltiten mear te besteegjen oan lúkse artikels dy’t harren status befêstigen: gerdinen, tinnen boarden, klean, sieraden, meubels, boeken. Sa liet Rienck Hemmema yn 1572 foar twa goudgûnen en seis stuorren in Fryske kronyk oerskriuwe om der jûns nei it wurk yn lêze te kinnen. Yn syn rekkenboek makket er der tusken de bedriuwen troch – ‘dong kocht’, ‘ko ôfkealle’ – gewach fan.

De Kanon op Tsjek!

Besjoch ek de langere kanonklips mei Freerk Smink op

Tsjek tv fan Omrop Fryslân .

Gewoan gek op skiednis

'Gewoan gek op skiednis' is skreaun foar bern fan 9-12 jier dy't gewoan gek binne op skiednis! It boek kostet 14,95 en kin hjir besteld en foar in part besjoen wurde.

 

Frysk Lânboumuseum

De Fryske skiednis eins begjint mei de komst fan de ko en oant no ta is de lânbou noch hieltiid fan grut belang foar ús provinsje. Yn it Frysk Lânboumuseum kinst alles fine oer dy libbendige skiednis fan de lânbou.
www.frysklanboumuseum.nl

Aanvullend materiaal over venster 14

fertakkings

Primêr Underwiis:
It boerelibben yn it ferline; Hokker lânbouprodukten brûke wy no? It ûnfeilige libben op it plattelân yn it ferline.

Fuortset Underwiis:
Rol fan de boer – en syn frou – doe en no yn de ekonomy; ferhâlding lânbou - totale ekonomy; ynfrastruktuer Fryslân (ferfier fan lanbouprodukten); Rol mingt bedriuw.

lesmetoades

Fuortset Underwiis:
Memo Havo/VWO: deel 1, 6.4 Op zoek naar goud en specerijen.

lessuggestjes

BU: Meitsje ien fan de opdrachten út de kaartebak fan 11en30.
FU: Behannelje finster 14 út de lesserige Alve-en-Tritich. Finsters op de Fryske skiednis, diel 2.

musea (der op út)

Besite oan in buorkerij, fia byg. Met de klas de boer op.
De Waach - Ljouwert;
Fries Landbouw Museum - Earnewâld;
Tresoar - Ljouwert.

fideo's

literatuer

De Greidhoeke: Lân en minsken fan 800 oant 1800 en letter (Breuker, 2012);
Drie eeuwen Friesland (Faber, 1973);
Friesland, staat en macht 1450-1650 (Frieswijk et al., 1999);
Rekenboeck off Memoriael (Hazelhoff, 1991);
Een Fries landbouwbedrijf in de tweede helft van de zestiende eeuw (Slicher van Bath, 1958).