Ken dyn fryske ferline

De Canon van Friesland is een lijst van 41 onderwerpen (vensters) met daarin
de belangrijke gebeurtenissen in de geschiedenis van Friesland. Deze onderwerpen
zijn een hulpmiddel voor het onderwijs in Friesland.

Venster 30

De Ofslútdyk

Fryslân ferbûn mei Hollân 1932

"It is de grutste yngreep yn it Nederlânske lânskip: de bou fan de Ofslútdyk. In komplete see waard in grut binnenmar, fiif provinsjes waarden yn ien klap ferlost fan oerstreamingsgefaar, hûnderten hektares polderlân kamen derby en Noard-Nederlân krige in direkte ferbining oer lân mei de Rânestêd. Op 28 maaie 1932 waard midden op see it lêste gat sletten en wie de Sudersee ynienen Iselmar. De oanlis fan de Ofslútdyk wie it hichtepunt yn in ieuwenlang gefjocht dat ús lân levere hie mei de see. It wie ek in hichtepunt foar de Fryske automobilisten, dy’t no sá nei Amsterdam ride koenen. Mar it wie in djiptepunt foar alle fiskers dy’t har brea fertsjinnen op de Sudersee. De sâlte see, ryk oan fisk, is ferlern gien, en komt no allinnich noch mar foar yn âlde ferhalen, op foto’s en yn ferskes."

Mylpeal yn de wettersteatsskiednis
Op 28 maaie 1932 waard midden op see tusken Surch en Wieringen it lêste gat yn de Ofslútdyk sletten. It wie in wichtige mylpeal yn de wettersteatsskiednis fan Fryslân en ek Nederlân. De Sudersee wie doetiid wurden en hjitte no Iselmar. Se soe allinnich noch besongen wurde yn balladen, lykas ‘It lot fan Tea’ fan Fedde Schurer en ‘De Zuiderzeeballade’ fan Willy van Hemert. De oanlis fan de Ofslútdyk markearre in wichtige oergong fan wetterwegen nei autodiken as haadynfrastruktuer. Boppedat, Hollân wie no ek út it noarden wei oer lân berikber.

Cornelis Lely
Oan dit wettersteatkundich masterwurk sil ien namme altiten ferbûn bliuwe, dy fan Cornelis Lely (1854-1929), de Amsterdamske ingenieur dy’t de plannen útwurke. Syn byld stiet op de Ofslútdyk en der is in hiele nije stêd yn Flevolân nei him neamd. Yn 1932 wie hy der lykwols net mear by. Trije jier earder wie hy ferstoarn, mar hy hie yn 1927 noch wol it begjin fan de oanlis fan de Ofslútdyk tusken Wieringen en Surch meimakke.

Stoommesines
De oanlis fan de Ofslútdyk wie in wichtich slútstik yn in ieuwenlange ûntwikkeling fan bediking en ynpoldering. Dy wie al foar it begjin fan de jiertelling begûn mei de oanlis fan lytse polderkes en letter trochset troch de oanlis fan binnendiken en de droechmakkerijen fan grutte marren. Der is oan de oanlis fan de Ofslútdyk in protte diskusje foarôf gien. De minsken seagen de Sudersee al hiel lang as in grutte bedriging. Oerstreamings as dy fan 1825, dy’t in ôfgryslik soad slachtoffers makke en swiere skea, spilen op yn it kollektyf ûnthâld. Omdat de technyske mooglikheden it net tastiene bleau it ynpolderjen lykwols lang in winskdream. Krekt foar’t Cornelis Lely berne waard, yn 1854, wie mei help fan stoomgemalen de grutte Haarlimmermar, súdwestlik fan Amsterdam, droechlein. Stoommesines wiene doe wat nijs.

Suderseeferiening
De ôfdamming fan de Sudersee like doe noch fier fuort, mar dochs doarden guon der no oan te tinken. De plannen kamen ynearsten net fierder as de tekentafel, mar dat feroare doe’t it Keamerlid Age Buma út Hylpen en it Steatelid Pieter van Diggelen út Swol, beiden liberaal, op 4 jannewaris 1886 de Suderseeferiening oprjochten. Ir. Lely waard belêste mei it technyske wurk fan de feriening. Tusken doe en 1914 hat Lely in oantal kearen minister fan wettersteat west. Alle kearen besocht er fergees der in wet ta bediking fan de Sudersee troch te krijen. Benammen fan de kant fan de Suderseefiskers, dy’t har bestean bedrige seagen, wie der frijwat opposysje tsjin.

De wet op de Suderseewurken
Uteinlik kaam de natuer Lely te help. Midden yn de Earste Wrâldoarloch, yn jannewaris 1916, brutsen de diken yn Noard-Hollân en Gelderlân. De polityk kaam ta ynkear. It gefaar fan oerstreamings wie reëel en boppedat hienen de ûnderfiningen mei krapte oan iten yn de earste oarlochsjierren dúdlik makke dat útwreiding fan de lânbougrûn in needsaak wie. Yn 1918 stimden beide Keamers dêrom yn mei de wet op de Suderseewurken. Yn 1924 kaam de Amsteldjipdyk ree, dy’t Wieringen mei de fêstewâl ferbûn en yn 1926 de proefpolder by Andijk. Yn 1930 foel de Wieringermar droech.

Gefolgen
De oanlis fan de Ofslútdyk hie ek in soad gefolgen foar de bûtendykse wettersteat. It Waad feroare dertroch. Trochdat de ôfstreaming him ferlei, feroaren platen en slinken fan plak. Tagelyk waard it Waad yn de foarstelling fan de minsken ek in folle dúdliker ôfgrinze geografyske entiteit. Yn it ferlingde fan de oanlis fan de Ofslútdyk, bedoeld as befeiliging tsjin oerstreamings, kin ek de bediking en droechlizzing fan de Lauwerssee neamd wurde (1960-1969).

De Kanon op Tsjek!

Besjoch ek de langere kanonklips mei Freerk Smink op

Tsjek tv fan Omrop Fryslân .

EnToen.nu Crisisjaren

Dit finster slút oan by "De crisisjaren: Samenleving in depressie" fan Entoen.nu

Gewoan gek op skiednis

'Gewoan gek op skiednis' is skreaun foar bern fan 9-12 jier dy't gewoan gek binne op skiednis! It boek kostet 14,95 en kin hjir besteld en foar in part besjoen wurde.

 

Nei it Fries Museum

‘Hoe houden we droge voeten?’ Een lesprogramma voor PO en VO over hoe Friesland vroeger, nu en in de toekomst omgaat met water.

Klik hier voor meer info.

Aanvullend materiaal over venster 30

fertakkings

Primêr Underwiis:
Sudersee wurdt Iselmar; De see as fijân en as freon: Fiskers en boeren; Ramp Paesens-Moddergat; Ofslútdyk.

Fuortset Underwiis:
Ferkear fan see nei dyk, kontakt Fryslân - Rânestêd; Untstean Waadsee en hjoeddeiske status Waad; Bediking Lauwerssee; Strategyske betsjutting fan de dyk.

lesmetoades

Primêr Underwiis:
De Brandaan: groep 6, Tijd van televisie en computer;
De Trek: groep 6, Nederland na de oorlog.

Fuortset Underwiis:
Indigo Havo/VWO: deel 3, 2.2 De economische crisis.

musea (der op út)

Kazemattemuseum - Koarnwertersân;
Monumint Ofslútdyk - Ofslútdyk;
Nasjonaal Park Lauwersmar - Lauwerseach;
Tresoar - Ljouwert;
Nieuwland Erfgoed Centrum - Lelystad;
Zuiderzeemuseum - Enkhuizen.

literatuer

Afsluitdijk 1940 (Brongers, 2005);
Vissen op een zoete zee (Gmelich Meijling-van Hemert, 2008);
De stelling Kornwerderzand (Van Deventer et al., 1990);
Verover mij dat land (Van Der Ham, 2007);
Het schrale eind (Sleeuwenhoek, 2006).