Ken dyn fryske ferline

De Canon van Friesland is een lijst van 41 onderwerpen (vensters) met daarin
de belangrijke gebeurtenissen in de geschiedenis van Friesland. Deze onderwerpen
zijn een hulpmiddel voor het onderwijs in Friesland.

Venster 28

Bûter

De Fryske AEX-yndeks 0-no

"‘Hoogmoed komt voor de val’. Dat sprekwurd is goed fan tapassing op ‘it Fryske goud’. It Fryske goud, dat is bûter. Al fan de Midsieuwen ôf wie bûter in bekend Frysk produkt dat nei it bûtenlân ferkocht waard. Healwei de njoggentjende ieu waard der safolle bûter foar sokke bêste prizen ferkocht, dat de Fryske boeren der grauw jild oan fertsjinnen. Mar dy fette winsten makken de boeren ek lui, en sy seagen net yn dat sy by de tiid bliuwe moasten om de striid mei it bûtenlân oan te kinnen. Dêr wienen al echte suvelfabriken yn bedriuw en safier wie Fryslân noch net. Fluch waarden der molkfabriken boud en sa koenen de Fryske boeren har produkten wer fierder eksportearje. No noch altyd wurde de measte produkten fan Fryske molke ferkocht oan it bûtenlân."

'It Fryske goud'
‘Bûter, brea en griene tsiis, wa’t dat net sizze kin is gjin oprjochte Fries’. Mei dat sjibbolet besocht, sa is it sizzen, Grutte Pier om yn de sechstjinde ieu goede Friezen en foute net-Friezen fan inoar te ûnderskieden. Wa’t de wurden foar dy Fryske konsumpsje-artikels (bûter, brea en griene tsiis) net goed útsprekke koe, waard sûnder pardon oerboard smiten of de kop ôfslein. Fryslân wie bekend om syn bûter, ek om folle bettere redenen. It wie al fan de midsieuwen ôf in karakteristyk eksportartikel. De priis fan dat ‘Fryske goud’, sa’t it wol neamd waard, is in soarte fan AEX-yndeks yn de ekonomyske skiednis fan de provinsje, dy’t yn de njoggentjinde ieu in hausse meimakket.

'Sjampanjejierren'
Nei’t Fryslân by it Keninkryk fan ’e Nederlannen kaam wie (1813), wie it hieltiten mear wurden ta in lânbouprovinsje oan de râne fan Nederlân. Fryslân moast it benammen ha fan de produksje en eksport fan suvel (bûter en tsiis), fee, jirpels en nôt. De yndustry en skipfeart, dy’t earder sa bloeiden, bleaune no benefter. Dat wie net altiten in neidiel. Nei in pear drege krisissen yn de earste helte fan de njoggentjinde ieu makke dy agraryske ekonomy nei 1850 krekt mei tank oan de bûter in geweldige bloei mei. Der wurdt wol fan de ‘sjampanjejierren’ praat.

‘Tún fan Londen’
Ek al yn de tiid fan de Republyk eksportearre Fryslân benammen bûter en tsiis nei it bûtenlân. Doe wie de útfier noch fia de Hollânske tuskenhannel gien. Fan 1780 ôf ferkochten Fryske keaplju lykwols fuortdaalk út Harns wei nei Londen. Sa populêr waard de Fryske bûter ûnder de Ingelske elite en sa bot groeide dêrfandinne de eksport, dat Fryslân yn de njoggentjinde ieu in ‘tún fan Londen’ neamd waard. De Londenske notearring fan de bûter makke de merkpriis út en dêrfandinne logyskerwize ek de wolfeart fan de Fryske boer.

Yndustrieel produsearre
Troch allerhanne oarsaken die bliken dat dat sukses fragyl wie. Ut winsucht begûnen guon bûterhannelers en boeren mei de bûter te griemen, bygelyks troch minne en goede partijen trochinoar te mingen. Like wichtich wie dat hja mei de tradisjonele Fryske produksjewize op ’e lange doer de konkurrinsje net oankoene. Yn Fryslân waard de bûter oant de tachtiger jierren fan de njoggentjinde ieu troch de boerinnen sels makke. Yn it bûtenlân, bygelyks yn Denemarken, waard al fan sawat 1830 ôf mei sukses eksperimintearre mei mear yndustriële metoaden. Wylst op oare plakken wittenskiplike kennis it plak fan oerlevere ûnderfining ynnaam, holden de Friezen, stimulearre troch harren sukses, doe te lang fêst oan harren tradysjes. In moai foarbyld is it feit dat Fryske boerinnen leaver trochgiene mei it mjitten fan de temperatuer fan de molke mei harren gefoelige fingers, wylst yn it bûtenlân dêr termometers foar brûkt waarden. Ek waard de bûterproduksje yn Fryslân relatyf let oerbrocht fan de pleats nei it fabryk. Troch de meganisaasje fan de produksje en in bettere, mar ek bettere behearsking fan de omstannichheden koene benammen de Denen in produkt meitsje dat kwalitatyf better en boppedat goedkeaper wie. Boppedat hie bûter ek te lijen fan de opkomst fan in nij produkt, nammentlik de yndustrieel produsearre margarine.

Suvelskoalle
Mar skea en skande binne goede learmasters. Yn 1889 stelde de Fryske lânbou-organisaasje, de Fryske Maatskippij foar Lânbou, in suvelkonsulint oan en rjochte hja ek, yn Boalsert, in suvelskoalle op, dêr’t fabrykspersoniel en boeren nije kennis opdwaan koene. De suvelfabriken waarden al gau akseptearre en waarden ek gauris oprjochte troch koöperaasjes fan boeren. Yn 1886 wiene der al 87, dêr’t 44 koöperatyf fan wiene.

Multynasjonals
It earste suvelfabryk yn Fryslân (en it tredde yn Nederlân) wie Freia yn Feanwâlden (1879), dat nei sluten oerbrocht waard nei it Iepenloftmuseum yn Arnhim. Want ek dy faze giet foarby. Hjoed de dei hat Fryslân noch mar in pear suvelfabriken – mar dêr binne dan wol multynasjonale reuzen as Friesland Dairy Foods by – en wurdt der fan alle troch Fryske kij produsearre molke noch mar 0,9% brûkt om bûter fan te meitsjen.

De Kanon op Tsjek!

Besjoch ek de langere kanonklips mei Freerk Smink op

Tsjek tv fan Omrop Fryslân .

Gewoan gek op skiednis

'Gewoan gek op skiednis' is skreaun foar bern fan 9-12 jier dy't gewoan gek binne op skiednis! It boek kostet 14,95 en kin hjir besteld en foar in part besjoen wurde.

 

Frysk Lânboumuseum

De Fryske skiednis eins begjint mei de komst fan de ko en oant no ta is de lânbou noch hieltiid fan grut belang foar ús provinsje. Yn it Frysk Lânboumuseum kinst alles fine oer dy libbendige skiednis fan de lânbou.
www.frysklanboumuseum.nl

Aanvullend materiaal over venster 28

fertakkings

Primêr Underwiis:
It meitsjen fan bûter en tsiis; De oergong fan thúswurk nei it ûntstean fan de súvelfabriken.

Fuortset Underwiis:
Yndustrialisaasje en de gefolgen dêrfan; De rol fan de eksport út Fryslân.

lesmetoades

Fuortset Underwiis:
Indigo Havo/VWO: deel 3, 6.4 De wereldeconomie.

musea (der op út)

fideo's

Kaas (Zapp); Kaas (Schooltv); Kaas maken (Schooltv); Koeien staan winters op stal (Schooltv); Lêste tsizen út Dronryp (Omrop Fryslân); Melk (Schooltv); Melk, de witte motor; Melkkoe (Schooltv); Mijn beessie is een koe (Schooltv).

literatuer

Hollandser dan kaas (Elpers, 2009); Frico: van exportvereniging tot kaasmerk, 1898-2007 (Jacobs & Schaafsma, 2007); Stoomzuivelfabriek Freia en de ontwikkelingen in de Nederlandse zuivelindustrie, 1850-1970 (Lunenborg, 1992); Yn en om it bûterfabryk: suvel yn'e tweintichste ieu (Mulder, 2004); Geschiedenis van de Friese landbouw (Spahr Van Der Hoek & Postma, 1952).