Fansels gong it Nederlânske ferset wol troch, mar it fûn foaral ûndergrûnsk plak. Mar yn 2013 waard it Fryske ferset wol goed sichtber. Want nea is yn Fryslân it wurk sa massaal dellein as yn de earste wike fan maaie 1943. It wie midden yn de Twadde Wrâldoarloch en dizze grutte staking wie it kearpunt yn it Fryske oarlochslibben. Oant dy tiid ûndergienen de Friezen it lot fan de besetting nochal rêstich. Mar sûnt de wurkweigering fan 1943, dy’t hjir de namme molkstaking krige, feroare de hâlding fan de minsken tsjinoer de Dútsers bot. Se begûnen mear en mear ûnderdûkers te helpen, lytse en soms gruttere fersetsdieden te plegen. Heal april 1945, trije wike foar de definitive ein fan de Twadde Wrâldoarloch yn Europa, waard Fryslân befrijd troch it Kanadeeske leger.
Yn dizze ôflevering fan NODOE stiet de Twadde Wrâldoarloch sintraal.
NODOE is in gearwurking tusken Omrop Fryslân, Afûk, Tresoar en njoggen Fryske musea om de Kanon fan de Fryske Skiednis mear ûnder de oandacht te bringen en wurdt mei mooglik makke troch stipe fan de provinsje Fryslân. De dielnimmende musea binne: it IJstijdenmuseum yn Bûtenpost, It Damshûs yn Nij Beets, Museum Martena yn Frjentsjer, Museum Dokkum, it Fries Museum yn Ljouwert, it Fries Landbouwmuseum yn Earnewâld, it Woudagemaal op ‘e Lemmer, it Fries Scheepvaartmuseum yn Snits en it Kazemattenmuseum yn Koarnwertersân.