Ken dyn fryske ferline

De Canon van Friesland is een lijst van 41 onderwerpen (vensters) met daarin
de belangrijke gebeurtenissen in de geschiedenis van Friesland. Deze onderwerpen
zijn een hulpmiddel voor het onderwijs in Friesland.

<< Terug naar het overzicht

Wêr binne de kleasters bleaun?

No jim, oan de slach mei NODOE (pû) 20 maart 2014 6:00

Moarn: de twadde ôflevering fan NODOE; it spulprogramma oer de Fryske skiednis, útdaagjend, ferrassend en poergeskikt foar de skiednisles yn jo klasse. Oan de hân fan dizze spesjale nijsbrief wurde jo de kommende 10 wiken op de hichte hâlden fan de útstjoerings en de opdrachtenkaart foar de ferwurking. Dêrneist krije jo noch in suggestje foar in museumbesite.

De opdrachtenkaart (Frysk / Nederlânsk) komt út de kaartenbak dy’t by de Kanon fan de Fryske skiednis ûntwikkele wurdt. Yn de kaartenbak fine jo opdrachtkaarten oer útienrinnende tema’s. Alle opdrachtkaarten binne sawol Frysk- as Nederlânsktalich.

Fan ein maaie ôf is de folsleine kaartenbak te bestellen fia de Afûk.

No jim: Wêr binne de kleasters bleaun?

De opdrachtkaart (Frysk / Nederlânsk) komt út de kaartenbak dy't foar de Fryske kanon ûntwikkele is. Fan ein maaie ôf leit de bak yn de winkel.