It boek stiet grôtfol weetjes, foto's yllustraasjes, strips en ferhalen. It boek is skreaun troch Janny van der Molen, Lida Dykstra, Mindert Wijnstra, Erik Betten en Han Nijdam en de yllustraasjes binne fan Aart Cornelissen.
Bern fan IBS De Boarne út Aldeboarn en IBS It Kampke út Terherne kinne de skriuwers en de tekener allerhande fragen stelle oer it boek ûnder lieding fan Tsjek-presintator Raynaud Ritsma.
Dêrnei krije se in rûnlieding troch it stadion en komme se fansels alles te witten oer finster 33: Abe Lenstra. In Fryske sportheld.
It boek kostet 14,95 en kin hjir besteld en foar in part besjoen wurde.
Gewoan gek op skiednis is mei mooglik makke troch stipe fan Stichting Lezen en de Provinsje Fryslân.