Ken dyn fryske ferline

De Canon van Friesland is een lijst van 41 onderwerpen (vensters) met daarin
de belangrijke gebeurtenissen in de geschiedenis van Friesland. Deze onderwerpen
zijn een hulpmiddel voor het onderwijs in Friesland.

<< Terug naar het overzicht

No sneon yn NODOE

De striid fan Piter Jelles en Domela út Nij Beets 5 november 2013 13:26

Iepenloftmuseum It Damshûs yn Nij Beets lit besikers ûnderfine hoe’t turf makke waard en hoe’t de feanarbeiders libben en wurken yn de perioade fan 1863 oant rûchwei 1920. Dizze omstannichheden wienen de oanlieding foar in hurde sosjale striid.

 

Der wienen twa mannen dy’t grut strider wienen foar in rjochtfeardige wrâld, dy’t fochten foar itselde, ferheven ideaal, mar dy’t uteinlik grutte rivalen waarden. Dat wienen Ferdinand Domela Nieuwenhuis en Piter Jelles Troelstra. Oan de ein fan de njoggentjende ieu wienen sy de belangrykste lieders fan it sosjalisme, de politike streaming dy’t doe sterk yn opkomst wie. Fryslân wie ien fan de earste plakken yn Nederlân dêr’t it sosjalisme in soad oanhingers krige. Domela waard de earste sosjalist yn it parlemint, en Troelstra wie de oprjochter fan de de earste echte sosjalistyske politike partij. Skouder oan skouder begûnen sy it gefjocht foar in better bestean foar de earme arbeiders.

Sjoch no sneon nei NODOE, om 17.00 oere op Omrop Fryslân en dêrnei alle oeren nei Hjoed en belibje de fûle striid fanút It Damshûs.

NODOE is in gearwurking tusken Omrop Fryslân, Afûk, Tresoar en njoggen Fryske musea om de Kanon fan de Fryske Skiednis mear ûnder de oandacht te bringen en wurdt mei mooglik makke troch stipe fan de provinsje Fryslân. De dielnimmende musea binne: it IJstijdenmuseum yn Bûtenpost, It Damshûs yn Nij Beets, Museum Martena yn Frjentsjer, Museum Dokkum, it Fries Museum yn Ljouwert, it Fries Landbouwmuseum yn Earnewâld, it Woudagemaal op ‘e Lemmer, it Fries Scheepvaartmuseum yn Snits en it Kazemattenmuseum yn Koarnwertersân.

't Damshûs

Iepenloftmuseum It Damshûs yn Nij Beets lit besikers ûnderfine hoe’t turf makke waard en hoe’t de feanarbeiders libben en wurken yn de perioade fan 1863 oant rûchwei 1920. De omstannichheden wienen de oanlieding foar in hurde sosjale striid.
www.damshus.nl