Ken dyn fryske ferline

De Canon van Friesland is een lijst van 41 onderwerpen (vensters) met daarin
de belangrijke gebeurtenissen in de geschiedenis van Friesland. Deze onderwerpen
zijn een hulpmiddel voor het onderwijs in Friesland.

<< Terug naar het overzicht

NODOE fanút it Fries Scheepvaartmuseum

Sjoch mei en stek ek wat op oer de Fryske skiednis! 16 oktober 2013 15:00

Yn it Fries Scheepvaart Museum kinst alles te witten komme oer de histoarje fan de Fryske skipfeart. Mar dat net allinne. It museum jout ek in byld fan de wettersport út de 19e en de 20e ie en de omkriten dêr't de keaplju en skipper út Snits en de Súdwesthoeke wennen en libben.

Yn de earste ôflevering fan NODOE giet de measte oandacht nei finster 4: 'Skippers en keaplju'. Dat begûn tsjin 450. Doe hiene de Romeinen har weromlutsen achter de Alpen. Dêrmei rekken de lânwegen, dy’t benammen foar en troch it Romeinske leger yn stân holden wiene, yn ferfal. Allinne oer it wetter koene no noch langere (hannels)reizen makke wurde. De Friezen út it wetterrike terpelân sprongen yn dat gat en fearen mei har skipkes oer de Noard- en de Eastsee en ek de Ryn op om hannel te driuwen. Sa koe de bloeitiid fan de Fryske hannel begjinne...