Ken dyn fryske ferline

De Canon van Friesland is een lijst van 41 onderwerpen (vensters) met daarin
de belangrijke gebeurtenissen in de geschiedenis van Friesland. Deze onderwerpen
zijn een hulpmiddel voor het onderwijs in Friesland.

<< Terug naar het overzicht

Dielnimmers foar NO DOE socht

Trije generaasjes spylje mei inoar yn NO DOE 18 juli 2013 11:20

De famylje Van Der Veen hat har al opjûn foar de daverjende famyljespulshow NO DOE; in tillevyzjeprogramma mei in syktocht nei de Fryske skiednis. De opnames fyne plak yn ferskillende Fryske musea. Liket it dy ek wat om mei te dwaan? Lês dan fierder en jou dy op!

Yn eltse ôflevering stride twa teams tsjin elkoar. In team bestiet út in bern (10-14 jier), in heit/mem en in pake/beppe. Dit hoecht net perfoarst famylje fan elkoar te wêzen. Elke ôflevering bestiet út 4 rondes. Yn rûne 1 spylje de bern tsjin elkoar yn in fysike test. Yn rûne 2 teste de heiten en memmen harren farske kennis yn in drukknopronde. Rûne 3 stiet yn it teken van de pake's of beppe's, sy moatte op speurtocht yn it museum. De finalerûne is in team-estafette. Alle opdiene kennis en feardichheden wurde ynsetten om de ôflevering te winnen.

Wolsto meidwaan oan dizze spannende en aktive tv-wedstriid? Jou dy dan as team op fia it opjefteformulier. Op de webside www.nodoe.nl kinst alle ynformaasje fine oer de searje.

Famylje Van Der Veen hat har al opjûn, no dû noch!

 

NODOE is in gearwurking tusken Omrop Fryslân, Afûk, Tresoar en 9 Fryske musea om de Fryske Kanon mear ûnder de oandacht te bringen. 

Dielnimmende musea binne: IJstijdenmuseum Bûtenpost, Museum Martena Frjentsjer, Museum Dokkum, Fries Museum Ljouwert, Fries Landbouwmuseum Earnewâld, Woudagemaal Lemmer, Kazemattenmuseum Koarnwertersân, Damshûs Nijbeets, Fries Scheepvaartmuseum Snits en Tresoar Ljouwert.