Ken dyn fryske ferline

De Canon van Friesland is een lijst van 41 onderwerpen (vensters) met daarin
de belangrijke gebeurtenissen in de geschiedenis van Friesland. Deze onderwerpen
zijn een hulpmiddel voor het onderwijs in Friesland.

<< Terug naar het overzicht

Wat die Bonifatius yn Fryslân?

NODOE, no sneon fanút Museum Dokkum 24 oktober 2013 9:30

Midden yn it histoaryske sintrum leit Museum Dokkum. It museum is ûnderbrocht yn in tal histoaryske gebouwen, ien dêrfan is it santjinde-ieuske gebou fan de Admiraliteit fan Fryslân en Grinslân. Yn it museum is in grutte útstalling oer Bonifatius (± 672-754) te sjen.

Kening Redbad woe him net dope litte en de sindeling Bonifatius waard fermoarde, mar dochs waarden de Friezen krekt yn dyselde tiid, de achtste ieu, in kristlik folk. Dit barde yn in dekor fan jierrenlange striid tsjin de Franken. Dy waard om ferskillende redenen fierd, mar it geloof spile dêr in sintrale rol yn. De Franken festigen mei hurde hân net allinnich har gesach yn Fryslân, mar ek it Kristendom. Letter krige Fryslân sels in rol yn it fierder fersprieden fan it Kristendom. Sjoch nei ôflevering 2 fan NODOE foar mear oer (de tiid fan) Bonifatius en Museum Dokkum.