Ken dyn fryske ferline

De Canon van Friesland is een lijst van 41 onderwerpen (vensters) met daarin
de belangrijke gebeurtenissen in de geschiedenis van Friesland. Deze onderwerpen
zijn een hulpmiddel voor het onderwijs in Friesland.

<< Terug naar het overzicht

Spesjale oanbieding

Redbad Kronyk fan in Kening 2 oktober 2013 16:25

De histoaryske roman fan Willem Schoorstra Rêdbâd – kronyk fan in kening is yn oktober Boek fan de Moanne en te keap foar € 17,50. Nei 1 novimber is de priis wer € 22,50.

Sjoch hjir foar mear ynformaasje oer boek, skriuwer en ferkeappunten.

Yn dit boek lit Willem Schoorstra syn ljocht skine op it libben en de dieden fan de legindaryske held dy't tusken 680 en 719 kening fan de Fryske seelannen wie. Rêdbâd syn libben is ien grut gefjocht om de Friezen en har kultuer oerein te hâlden. De dekadinte Franken en kristlike misjonarissen binne syn grutste tsjinstanners. It faak wrede en aventoerlike ferhaal oer Rêdbâd en syn oanhingers wurdt heftich en byldzjend ferteld.