Ken dyn fryske ferline

De Canon van Friesland is een lijst van 41 onderwerpen (vensters) met daarin
de belangrijke gebeurtenissen in de geschiedenis van Friesland. Deze onderwerpen
zijn een hulpmiddel voor het onderwijs in Friesland.

<< Terug naar het overzicht

Fries Museum hast iepen

Spannende lêste dagen 26 augustus 2013 15:15

Yn it Fries Museum yn Ljouwert wurdt alles op alles set om de ynrjochting fan it museum op tiid klear te hawwen foar de start op 13 septimber. Dan sil keninginne Máxima de offisjele iepening dwaan. 


 

It spannendste foar de meiwurkers is it ophingjen fan skilderijen en it pleatsen fan de fibula fan Winaam en it swurd fan Grutte Pier.

Der moat hiel foarsichtich wurke wurde, om te foarkommen dat skilderijen of objekten skansearre reitsje. De besikers fan it museum kinne mar kwalik wachtsje. Alle dagen komme der seker tweintich minsken om 'e nocht by de baly, dy't weromstjoerd wurde moatte omdat it museum noch net klear is.

Tekst en filmke: Omrop Fryslân