Ken dyn fryske ferline

De Canon van Friesland is een lijst van 41 onderwerpen (vensters) met daarin
de belangrijke gebeurtenissen in de geschiedenis van Friesland. Deze onderwerpen
zijn een hulpmiddel voor het onderwijs in Friesland.

<< Terug naar het overzicht

CD oer de Kanon mei in klip by De Ko!

Sjong en sjoch mar mei! 23 augustus 2013 15:08

Der is no ek in cd mei ferskes oer 10 ferskillende finsters út de Fryske Kanon. En...by it earste finster 'De Ko' is ek in klip makke!

 

Mei rock, rap en balads nimme Janneke Brakels, Sytse Broersma en oaren elkenien mei nei it ferline fan Fryslân. Op de cd steane 10 ferskes en 5 karoake-ferskes. Alle lietteksten binne hjir te finen en 3 nûmers binne hjir ek fergees as download te krijen.

Bestel de CD foar 4,95 yn de Afûk-winkel.

1. Grutte Pier
2. It Aldfryske rjocht
3. De ko (ek fergees as download)
4. Marijke Muoi
5. Eise Eisinga
6. Mata Hari
7. De Ofslútdyk
8. Abe fan It Fean (ek fergees as download)
9. It Waad
10. Alles yn it Frysk (ek fergees as download)
11. Grutte Pier (karaoke)
12. De ko (karaoke)
13. Mata Hari (karaoke)
14. Abe fan It Fean (karaoke)
15. Alles yn it Frysk (karaoke)

By De Ko is ek in klip makke (besjoch hjirboppe it filmke). Janneke Brakels en Anna Marije Bloem sjonge, springe, swinge en rappe op it lân fan boer Jacob Nauta yn Warten oer De Ko!