Ken dyn fryske ferline

De Canon van Friesland is een lijst van 41 onderwerpen (vensters) met daarin
de belangrijke gebeurtenissen in de geschiedenis van Friesland. Deze onderwerpen
zijn een hulpmiddel voor het onderwijs in Friesland.

<< Terug naar het overzicht

Oprop dielname NO DOE

Jou dy op foar de nije famyljespulshow NO DOE! 9 juli 2013 20:47

Omrop Fryslân start nei de simmer mei opnames fan it nagelnije famyljespulprogramma NO DOE. De show sil opnommen wurde yn ferskillende Fryske musea en giet oer de skiednis fan Fryslân. It draait hjirby net om parate kennis, mar om it opspoaren fan antwurden.

Yn eltse ôflevering stride twa teams tsjin elkoar. In team bestiet út in bern (10-14 jier), in heit/mem en in pake/beppe. Dit hoecht net perfoarst famylje fan elkoar te wêzen. Elke ôflevering bestiet út 4 rondes. Yn rûne 1 spylje de bern tsjin elkoar yn in fysike test. Yn rûne 2 teste de heiten en memmen harren farske kennis yn in drukknopronde. Rûne 3 stiet yn it teken van de pake's of beppe's, sy moatte op speurtocht yn it museum. De finalerûne is in team-estafette. Alle opdiene kennis en feardichheden wurde ynsetten om de ôflevering te winnen.

Wolsto meidwaan oan dizze spannende en aktive tv-wedstriid? Jou dy dan as team op fia it opjefteformulier. Op de webside www.nodoe.nl kinst alle ynformaasje fine oer de searje.


Famylje Gerritsma hat har al opjûn, no dû noch!


NODOE is in gearwurking tusken Omrop Fryslân, Afûk, Tresoar en 9 Fryske musea om de Fryske Kanon mear ûnder de oandacht te bringen. 

Dielnimmende musea binne: IJstijdenmuseum Bûtenpost, Museum Martena Frjentsjer, Museum Dokkum, Fries Museum Ljouwert, Fries Landbouwmuseum Earnewâld, Woudagemaal Lemmer, Kazemattenmuseum Koarnwertersân, Damshûs Nijbeets, Fries Scheepvaartmuseum Snits en Tresoar Ljouwert.