Ken dyn fryske ferline

De Canon van Friesland is een lijst van 41 onderwerpen (vensters) met daarin
de belangrijke gebeurtenissen in de geschiedenis van Friesland. Deze onderwerpen
zijn een hulpmiddel voor het onderwijs in Friesland.

<< Terug naar het overzicht

Pleats út Romeinske tiid fûn

Argeologysk ûndersyk by Warten 22 juni 2013 20:12

By argeologysk ûndersyk krekt bûten Warten binne de resten fan in pleats út de Romeinske tiid fûn. Boppedat kaam der in hiel bysûndere wettertrôch út dy tiid oan it ljocht. Sa'n trôch is mar ien kear earder ûntdutsen.

It argeologysk ûndersyk wurdt dien troch argeologen en studinten fan de Ryksuniversiteit Grins yn in greide bûten Warten. Mei help fan luchtfoto's hiene se it plak fûn.

Op dy foto's wie te sjen dat hjir hiel âlde sleatten rûnen, in oanwizing foar bewenning. Neist de Romeinske pleats, binne ek midsieuske resten fûn.

Boarne: Omrop Fryslân, klik hjir foar it radioferslach.

Foto: Wytse Vellinga